It heechste punt fan it lân is de Mont Ngaoui (1,420 m). Fan súd nei noard feroaret it gea troch it tropysk reinwâld yn it suden en de savanne yn it noarden. Dêrneffens falt yn it suden mear rein as yn it noarden, it klimaat fan it lân wurdt as tropysk skaaimerke.
Yn 1958 waard Oubangui-Chari in autonome steat yn de Frânske Mienskip ûnder de namme Sintraal-Afrikaanske Republyk. Op 13 augustus1960 waard it lân in ûnôfhinklike republyk. Troch in steatsgreep yn 1966 fan it leger waard de grûnwet bûten wurking steld. As nije presidint tredet kolonel J.B. Bokassa op, dy't sûnttiid in protte foechens nei him ta loekt. Yn 1976 ropt Bokassa it lân út ta keizerryk mei himsels as earste keizer.
Demografy
Befolking
Sûnt de ûnôfhinklikens hat de befolking fan de Sintraal-Afrikaanske Republyk him fjouwerfâldige. Yn 1960 bestie de befolking noch út 1.232.000 minsken. Yn 2009 wie dat oanwaakse oant 4.422.000. De befolking hat lykwols slim te lijen troch de gefolgen fan AIDS.
De naasje is ferdield yn mear as 80 etnyske kloften, elts mei in eigen taal. De grutste etnyske kloften binne de Baya (33%), Banda (28%), Mandjia (7%), Sara (10%), Mboum (7%), M'Baka (4%), Yakoma (4%), en Fulany (3%), oaren 4%, Jeropeanen ynbegrepen meast fan Frânske komôf.
Religy
Kristenen foarmje de helte fan de befolking, wylst 35% noch de ynhiemske godstsjinsten oanhinget. De islam wurdt dien troch goed 15% fan de bewenners fan it lân.