1966
1966 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 1966.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1960-er jierren.
Foarfallen
- 19 jannewaris - Indira Gandhi wurdt keazen as premier fan Yndia.
- 3 febrewaris - De Luna 9, fan 'e Sovjet-Uny, lânet as earste romteskip op 'e moanne.
- 2 maart - Earste niertransplantaasje yn Nederlân útfierd, yn it Akademysk Sikehûs Leien.
- 9 maart - Nei ûnienichheid mei de Feriene Steaten lûkt Frankryk him werom út 'e kommandostruktuer fan 'e NATO, mar bliuwt wol lid fan it bûnsgenoatskip.
- 10 maart - De Nederlânske kroanprinsesse Beatrix trout yn Amsterdam mei de Dútser Claus von Amsberg. De plechtichheid wurdt ûntsierd troch opstjitsjes tusken demonstranten en de plysje, en by de rydtocht troch de binnenstêd wurde sels in pear reekbommen goaid.
- 16 maart - De Amerikaanske Gemini 8 keppelet foar it earst mei in oar (ûnbemanne) romtefartúch.
- 18 maart - Yn Yndoneezje skoot generaal Soeharto presidint Soekarno oan 'e kant en lûkt alle macht nei himsels ta.
- 13 april - Presidint Abdûl Salim Arif fan Irak komt om by in fleantúchûngemak. Hy wurdt opfolge troch syn broer Abdûl Rachman Arif.
- 26 maaie - Guyana wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 16 july - De Sineeske lieder Mao Zedong makket syn ferneamde swimtocht yn 'e rivier de Jangtse.
- 4 augustus - Loebas Oosterbeek rjochtet yn Nederlân de Vereniging van Dienstplichtige Militairen (VVDM) op.
- 8 augustus - Op inisjatyf fan Mao Zedong kart de Sineeske Kommunistyske Partij it begjin fan 'e Kulturele Revolúsje goed.
- 13 augustus - Foar it earst komt in Nederlânsktalige plaat op nûmer 1 yn de Veronica Top 40. It is Dans je de hele nacht met mij, fan Karin Kent.
- 23 augustus - De romtesonde Lunar Orbiter 1 nimt de earste foto fan 'e moanne fan relatyf tichtby.
- 29 augustus - De Britske band The Beatles jout syn lêste konsert yn Candlestick Park, yn San Francisco.
- 6 septimber - Moard op Hendrik Verwoerd, de premier fan Súd-Afrika en de grûnlizzer fan 'e apartheid, troch Dimitri Tsafendas.
- 30 septimber - Botswana wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 4 oktober - Lesoto wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 30 novimber - Barbados wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 13 desimber - Yn it ramt fan 'e Fjetnamoarloch fiert de Amerikaanske Loftmacht foar it earst bombardeminten út op boargerdoelen yn Hanoi, de haadstêd fan Noard-Fjetnam.
Berne
- jannewaris
- febrewaris
- maart
- 2 - Ann Leckie, Amerikaansk skriuwster
- 3 - Sonny Kertoidjojo, Surinaamsk politikus
- 4 - Emese Hunyady, Hongaarsk-Eastenryksk reedrydster
- 14 - Jean-Philippe Stassen, Waalsk striptekener en senarioskriuwer
- 18 - Ton Caanen, Nederlânsk fuotbaltrener
- 18 - Eelkje Tuma, Frysk skriuwster
- 21 - Emiel Mellaard, Nederlânsk atleet
- 22 - António Pinto, Portegeesk atleet
- 23 - Johan Krajenbrink, Nederlânsk dammer
- 23 - Gijs Staverman, Nederlânsk radio- en tillefyzjepresintator
- 25 - Jeff Healey, Kanadeesk muzikant († 2008)
- 26 - Michael Imperioli, Amerikaansk akteur
- 26 - Helena Javornik, Sloveensk atlete
- 31 - Tommy Werner, Sweedsk swimmer
- april
- maaie
- juny
- july
- augustus
- septimber
- oktober
- novimber
- desimber
- datum ûnbekend
Ferstoarn
- jannewaris
- febrewaris
- maart
- april
- maaie
- juny
- july
- augustus
- septimber
- oktober
- desimber
Films
Muzyk
- klassyk
- Jean Absil, Petites Polyphonies (opus 128, ballet)
- pop
Tillefyzje
Byldzjende keunst
Boukeunst
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1966 fan Wikimedia Commons.
|
|
|
|