Leonard Norman Cohen, (ûnder Montreal, 21 septimber1934 - Los Angeles, 7 novimber2016) út Quebec, wie in dichter, skriuwer, mar benammen sjonger fan syn eigen lieten. Cohen syn muzyk hat oer it generaal in sterke emosjonele lading en de teksten binne faak kompleks mei in protte metafoaren. Cohen hat in soad ynfloed hân op oare artysten en syn wurk is dan ek hûnderten kearen troch oaren útbrocht.
Libben
Cohen is berne yn in Joadske middenstânshûshâlding yn Montreal; syn heit wie kleanmakker. As jonge learde hy gitaar te spyljen en foarme in country/folk-groep mei de namme Buckskin Boys.
Yn 1951 gie Cohen nei de Mc Gill Universiteit om literatuer te studearjen. Hy hie doe al besluten om poëet te wurden. Syn earste bondel ferskynde yn 1965 wylst hy noch net ôfstudearre wie: Let Us Compare Mythologies. Mei syn twadde bondel The Spice Box Earth (1961) makke hy namme as dichter, benammen yn Kanada.
Neidat hy ferhuze wie nei Hydra, in Gryksk eilân, publisearre Cohen de dichtbondel Flowers for Hitler en de romans The Favorite Game (1963) en Beautiful Losers (1966). The Favorite Game is in autobiografyske 'bildungsroman' oer in jonge man dy't syn identiteit as skriuwer besiket te finen, dat yn tsjinstelling ta Beautiful Losers dat beskôge wurdt as in 'anty-bildungsroman'.
Yn 1967 ferhuze Cohen nei Amearika om in karriêre as folksjonger op te setten. Syn earste album Songs of Leonard Cohen klonk te depressyf om in kommersjeel sukses te wurden, mar waard wol omearme troch ferskate folkleafhawwers. Der ferskynden noch trije albums mei in ienfâldige setting: Songs from a Room (1969), Songs of Love and Hate (1971) en New Skin for the Old Ceremony (1974).
Ein 60-er en begjin 70-er jierren spile Cohen in soad yn Amearika, Kanada en Europa. Syn measte sukses hie Cohen dêrby yn Kanada en Europa.
Fan 1986 waard de belangstelling foar Cohen wer grutter, meidat jongere artysten lykas Nick Cave en de The Sisters of Mercy him priizgen en nûmers fan him opnamen. Yn 1988 wie er hielendal werom mei it album I'm your man, it bêstferkochte Cohen-album sûnt jierren. Cohen, dy't altyd in soad mei religy en spirutialiteit dwaande wie, hold út en troch ta yn in boedistysk kleaster, en waard yn 1996 offisjeel wijd as mûnts.
Krekt nei syn 70e jierdei kaam út dat syn eks-freondinne en saakwaarnimster Kelley Lynch al syn pinsjoenjild ferstjustermoane hie. Dat twong Cohen om wer op te treden en fannijs hie er in protte súkses. Op 12 july 2008 joech er foar it earst yn 15 jier in konsert yn Nederlân yn it Amsterdamske Westerpark. Cohen waard yn 2008 opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame. Simmer fan 2012 ûndernaam er syn "Old Ideas Europa Tournee" en wie er ûnder mear te sjen op it Sint-Pitersplein yn Gint en yn it Olympysk Stadion (Amsterdam). Hy stelde syn album Old Ideas foar en spile klassikers fan eardere albums.
Cohen stoar op 7 novimberm 2016 yn de âldens fan 82 yn syn hûs yn Los Angeles. Syn dea waard earst op 10 novimber buorkundich makke.