Gint (Nederlânsk en offisjeel: Gent; Frânsk: Gand) is de haadstêd fan de Belgyske provinsje East-Flaanderen en fan it arrondissemint Gint. Gemeente Gint hat goed 262.219 ynwenners (2019) en in oerflakte fan sawat 156 km². De stêd leit dêr't de Skelde en de Leie byinoar komme.