Op it Polynezyskeeilân Motunui (útspr.: "mo-tû-noei") ferearje de bewenners de goadinne Te Fiti, dy't libben brocht hat yn 'e oseaan, wêrby't hja in pounamu-stien as har hert en de sit fan har macht brûkte. Mar Maui, in nei beleavjen fan stal ferwikseljendehealgod en trickster, stelt it hert fan Te Fiti om 'e minskheid de macht fan skepping te jaan. Dêrtroch falt it eilân dat Te Fiti foarme, lykwols ta proai oan in foarm fan ferrotting, dy't him dêrnei almar fierder oer de oseaan útwreidet. Wylst Maui yn 'e foarm fan in hauk mei it hert fan Te Fiti útnaait, wurdt er oanfallen troch in oarenien dy't de macht fan skepping hawwe wol: de fulkaandemon Te Kā, dy't him út 'e loft slacht. Dêrby ferliest Maui net inkeld it hert fan Te Fiti, mar ek syn reuseftige fiskheak, dy't de sit fan syn macht foarmet. Beide reitsje ferlern op 'e boaiem fan 'e see. Fan Maui wurdt neitiid nea mear wat fernommen.
Tûzen jier letter spielt de oseaan it hert fan Te Fiti oan op it strân fan Motunui, dêr't de pjut Moana, de dochter fan Tui (útspr. "toei"), de haadman fan Motunui, troch de oseaan útkeazen wurdt om 'e stien nei it eilân fan 'e goadinne werom te bringen. Tui ûntdekt syn dochterke lykwols oan it strân en nimt har mei werom nei it doarp, wêrby't se it hert fan Te Fiti kwytrekket. Tui en syn frou Sina, Moana har mem, besykje har by de see wei te hâlden en har ta te rieden op it oernimmen fan it haadmanskip fan Tui. Lange tiid stiet de opgroeiende Moana yn twastriid: de see ropt har, mar har folk is har nedich. It liedt ta oanboazjende swierrichheden yn 'e relaasje mei har heit, dy't neat fan 'e see hawwe moat en har kear op kear op it hert drukt dat har takomst op it eilân leit en dat nimmen útfarre mei oant foarby it rif dat it eilân omjout. Uteinlik fertelt Sina har dochter dat se krekt is sa't har heit op har jierren wie. Tui hearde nammentlik ek de rop fan 'e see, en doe't er dêroan tajoech, en mei syn bêste freon útfear foarby it rif, waard harren boat troch de brâning stikken slein en kaam syn bêste freon te ferdrinken.
As Moana sechstjin jier is, berikt de ferrotting einlings Motunui, mei as gefolch dat de fisken de see om it eilân hinne ferlitte, de planten op it eilân ferwylje en de fruchten dêr't de eilânbewenners ôfhinklik fan binne foar harren libbensûnderhâld oantaast wurde en ferrotsje ear't se ryp genôch binne om rispe te wurden. Moana oppenearret om te besykjen en fiskje bûten it rif, mar dêr wol har heit neat fan witte. It fanke is lykwols like koppich as har heit, dat se fart sels yn in boatsje út mei inkeld har barchje Pua by har. Mar de brâning by it rif slacht har boatsje stikken, en se hellet it by de dea om 't ôf.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Dan lit har beppe Tala oan Moana in geheime grot sjen dêr't in stikmannich gruttere, seeweardige katamarans ferstoppe binne. Sa ûntdekt Moana dat har folk foarhinne út reizgers bestie, nomaden fan 'e see, dy't fan it iene nei it oare eilân doarmen. Dêr kaam lykwols in ein oan doe't Maui it hert fan Te Fiti stiel, om't de oseaan doe langer net feilich wie. Tala fertelt Moana dat de ferrotting fuortkomt út 'e dieverij fan it hert fan Te Fiti, dat in tsjuster yn 'e wrâld brocht hat dy't no Motunui oanfret en stadichoan fergiftiget. Dat kin inkeld tsjinholden wurde as immen de see op giet om Maui te sykjen en it hert fan Te Fiti oan 'e goadinne werom te jaan. Tala bringt dan út dat se derby wie, de deis dat de oseaan de pjut Moana útkarde foar dy taak, en dat se it hert fan Te Fiti oppakt en al dy jierren bewarre hat. No jout se it werom oan Moana. Koarte tiid letter rekket Tala slim yn 'e minnichte, en op har stjerbêd hjit se Moana dat se daliks ôfsette moat op 'e reis om 'e wrâld te rêden.
Dyseldichste nacht noch, wylst har âlden drok binne mei de stjerrende Tala, fart Moana út op in camakau (in lyts soarte katamaran) út 'e geheime grot. Dy steviger boat wjerstiet de krêft fan 'e brâning bûten it rif. Ienris op iepen see ûntdekt Moana dat de ûnnoazele hoanne Heihei, ien fan har húsdieren, oan board slûpt is en har no op har reis beselskipje moat. Moana wit frijwol neat fan silen en hat muoite har boat op koerts te hâlden. As se inkele dagen ûnderweis is, wurdt se oerfallen troch in tyfoan. Mei Heihei en har (net bot skansearre) boat spylt se oan op in lyts, ûnbewenne eilantsje, dêr't Maui de lêste tûzen jier fêstsitten hat.
De healgod blykt in grutsprekker en sweeslagger te wêzen, dy't oanhâldend fertelt oer syn eigen heldedieden. As Moana dêr net fan ûnder de yndruk rekket en easket dat er har helpt om it hert fan Te Fiti werom te jaan, stegeret er har ôf. Ynstee slút er har op yn in grot en naait er út mei har boat. Moana wit lykwols út 'e grot te ûntsnappen, en mei help fan 'e oseaan jout se har op 'e boat by Maui. Dy lit har dêr mei tsjinnichheid ta nei't er har ferskillende kearen oerboard smiten hat, wêrnei't de oseaan har like hurd wer op it dek set.
Wylst se noch redendiele oer wêr't se hinne sille, wurde se oanfallen troch kakamora, lytse wêzentsjes dy't fan 'e seerôverij libje en harsels elts mei in kokosnútbepânsere hawwe. De wêzens wolle it hert fan Te Fiti stelle, mar troch gear te wurkjen, witte Moana en Maui harren te fluch ôf te wêzen. Neitiid wit Moana Maui te manipulearjen troch him wiis te meitsjen dat er gjin held mear is sûnt er it hert stellen en dêrmei de wrâld ferflokt hat, mar dat de minsken foar ivich syn heldedieden besjonge sille as er har helpt it hert werom te bringen en de wrâld te rêden.
Ear't Maui dat dwaan kin, moat er earste syn magyskefiskheak weromfine, dy't de sit fan al syn macht is. Nei syn konfrontaasje mei de demon Te Kā is it ding yn see fallen, dêr't it yn Lalotai bedarre is, it ryk fan 'e meunsters. Maui ornearret dat dat betsjut dat de fiskheak no yn it besit is fan syn fijân Tamatoa, in reuseftige, ynklauwerigekokoskrab. Mei Moana reizget Maui nei Lalotai, dêr't er syn fiskheak weromstelt wylst Moana Tamatoa ôfliedt. It docht lykwols bliken dat Maui syn stalferwikselingsproses net mear behearskje kin, sadat er feroaret yn dingen dy't er net wêze wol. Dêrtroch kin Tamatoa him maklik oerwinne. Troch Moana har fernimstigens wit it duo dochs noch mei de fiskheak te ûntkommen. Werom oan board fan harren boat lit Maui de moedfearren alhiel hingje, mar Moana praat him nije moed yn en drukt him op it hert dat de stalferwikseling net wat is dat him fan bûtenôf oerkomt, mar fuortkomt út wa't er is. Dat idee helpt Maui om syn stalferwikselings wer ûnder kontrôle te krijen. Ut tank ûnderrjochtet er Moana om in folleard seesiler te wurden.
As se tegearre by it eilân fan Te Fiti arrivearje, wurde se oanfallen troch de fulkaandemon Te Kā, wêrby't de fiskheak fan Maui slim skansearre rekket. As de krêften fan 'e demon en Maui inoar reitsje, folget der in ûnbidige eksploazje, dy't Moana har boat fier weromdriuwt de oseaan op. Mar Moana hat sjoen dat Te Kā fêstsit op 'e barriêre-eilannen om it eilân fan Te Fiti hinne, en dat er net oer de see dêromhinne kin, dy't syn flammen útdwêstgje. Se wol it nochris besykje, mar Maui, dy't benaud is om syn fiskheak (en dêrmei syn krêften) hielendal en foargoed te ferliezen, wegeret. Se krije spul en Maui feroaret himsels yn in hauk en fljocht fuort. Dan is Moana oan bar om 'e moedfearren hingje te litten, mar yn 'e nacht wurdt se besocht troch de geast fan har ferstoarne beppe Tala, dy no de foarm fan in opljochtsjenderoch oannommen hat. Dy bringt har har ropping tebinnen en jout har dêrmei de moed om it allinnich tsjin Te Kā op te nimmen.
Moana sylt werom nei it eilân fan Te Fiti, dêr't se Te Kā te fluch ôf is en troch in kleau yn 'e barriêre-eilannen hinne sylt. Yn 'e lagune stiet se lykwols bleat oan 'e fjoerballen dy't de demon efter har oan goait. Krekt op it stuit as se rekke driget te wurden, keart Maui werom, dy't op 'e nij de striid mei Te Kā oanbynt. Sa't er al freze hie, rekket syn fiskheak dêrby ferneatige. Underwilens ûntdekt Moana op it eilân fan Te Fiti dat de goadinne dêr net is. Dan beseft se ynienen dat Te Fiti sûnder har hert ferwurden is ta in korrumpearre skym fan harsels. Se freget de oseaan dan om in paad troch de lagune te meitsjen, sadat Te Kā by har komme kin. As de demon oer it drûge sân fan 'e seeboaiem nei it eilân ta klaud is, jout Moana it hert werom, sadat Te Kā wer omfoarme wurdt ta Te Fiti.
Neitiid genêst de goadinne de oseaan en de eilannen fan 'e him stadich ferspriedende ferrotting. Maui toant syn berou en biedt syn ûntskuldigings oan Te Fiti oan, dy't dêrop syn fiskheak fernijt en oan him weromjout. Oan Moana, wa har boat fernield is troch it fjoer fan Te Kā, jout se in nije katamaran. Dêrnei jout Te Fiti har del yn djippe sliep en wurdt wer ûnderdiel fan har eilân. Maui nimt ôfskie fan Moana en fljocht fuort yn 'e foarm fan in hauk, wylst Moana weromsylt nei Motunui, dêr't de fisk weromkeard is en de planten wer wielderich groeie. Har âldelju en de oare doarpelingen wachtsje har op en jouwe har in waarm wolkom. Moana nimt har rol as haadfrou op har en jout alle kennis oangeande it besilen fan 'e see troch oan 'e oaren. De grutte katamarans wurde út 'e geheime grot sleept en it hiele folk set ôf op in reis om oare eilannen te ûntdekken en te befolkjen.
Rolferdieling
haadrollen
personaazje
akteur/aktrise oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje
It oarspronklike idee foar dy film gie tebek op 2011, doe't Musker himsels begûn yn te lêzen yn it ûnderwerp fan 'e Polynezyske mytology, en sa foar it earst yn oanrekking kaam mei de heldedieden fan 'e healgod en tricksterMaui. Hy rekke yntrigearre troch de rike kultuer fan Polyneezje, en begûn te tinken dat it eins skoan in gaadlik ûnderwerp foar in tekenfilm wêze koe. Tegearre mei Clements skreau Musker in treatment (in soarte fan pre-senario), dy't er by Disney foarlei oan John Lasseter. Nei't er harren wurk lêzen hie, liek it Lasseter de baas ta om 'e beide mannen mear research dwaan te litten. Sadwaande reizgen Musker en Clements yn 2012 nei Fidzjy, Samoä en Tahity, dêr't se yn 'e kunde kamen mei de minsken en kultueren fan 'e Stille Súdsee. Yn 't earstoan hie it de bedoeling west om 'e film hielendal oer Maui gean te litten, mar troch syn reis krige Clements de ynspiraasje om 'e jonge dochter fan in haadman ta haadpersoan te meitsjen.
Op harren reis learden Musker en Clements ek dat de Polyneezjers al ûntdekkingsreizgers en seefarders wiene fier foar't de earste Jeropeänen ea safier de see opfearen dat se de kust net mear sjen koene. De lânseigen befolking fan 'e Stille Súdsee, net inkeld besteande út 'e Polyneezjers, mar ek út 'e Melaneezjers en Mikroneezjers, besiet al kennis fan 'e wrâld en harren plak yn 'e wrâld ear't de earste blanken der kamen. De lânseigen Hawaïanen, bygelyks, wiene har goed bewust fan it bestean fan eilannen dy't fier fuort leine, hiene toponimen yn harren eigen taal foar sokke eilannen en plakken op dy eilannen, en hiene belangstelling foar it ferkennen fan en hannel driuwen mei sokke eilannen. De Polynezyske seefeart stipe op in systeem fan persoanlike geografyskekennis, ynstee fan it Jeropeeske systeem fan wynrjochtings en koertsberekkenings.
Tûzenen jierren lang befearen de Polyneezjers de Stille Oseaan, oant se dêr om likernôch 1000 f.Kr. hinne ynienen mei opholden. De oarsaken fan dy hommelse en yngripende kulturele omslach binne ûnbekend, mar moderne skiedkundigen tinke oan feroarings yn waarpatroanen en seestreamings. Tûzen jier letter, om it begjin fan 'e Westerske jiertelling hinne, namen de folken fan 'e Stille Súdsee ynienen harren âlde praktyk fan seefeart wer op, om redens dy't krektlyk ûnbekend binne. Musker en Clements besleaten om harren film spylje te litten op dat tiidspunt, op in fiktyf eilân midden yn 'e Stille Oseaan, dat se 'Motunui' neamden.
Foar it kulturele libben op Motunui brûkten se eleminten fan 'e kultueren fan Samoä, Tonga en (hoewol't it kultureel Melanezysk is ynstee fan Polynezysk) Fidzjy. De útwurking fan it idee fan Musker en Clements ta in film duorre fiif jier. Yn dy tiid rekrutearren se ekspêrs út it hiele gebiet fan 'e Stille Súdsee, fan Nij-Seelân oant Hawaï, om 'e saneamde Oceanic Story Trust te foarmjen. Dat wie in advysgroep oan wa't se oanhâldend harren ideeën foarleine om dy te toetsen op kulturele akuratesse en gefoelichheid. Sa woene se Maui yn 't earstoan werjaan mei in kealeholle, in idee dêr't de advysgroep negatyf op reägearre. Sadwaande krige de healgod yn 'e film lang hier. Ek hiene se it idee om Moana, as se in kear goed lulk waard, mei kokosnuten goaie te litten. Dat liek de advysgroep gjin goed idee ta, dat de sêne waard skrast.
Produksje
Senario
Taika Waititi wie dejinge dy't it earste senario fan Moana skreau, ear't er yn 2012 nei hûs gie yn Nij-Seelân om by syn frou en krekt berne earste bern te wêzen en him ta te lizzen op 'e horrorfilmWhat We Do in the Shadows. Neitiid belibbe it senario acht oare ynkarnaasjes, oant der fan it wurk fan Waititi suver neat oerbleaun wie. Yn Waititi syn senario wie Moana de iennichste dochter yn in húshâlding mei fiif of seis soannen. Yn syn ferzje fan it ferhaal moast se opbokse tsjin tradisjonelegeslachtsrollen foar jonges en famkes. Neitiid waard lykwols besletten om 'e bruorren en alle geslachtsrelatearre tematyk út it ferhaal te knippen, mei't de regisseurs fan 'e film in coming-of-ageferhaal meitsje woene, oer in famke dat leare moat om fertrouwen yn harsels te hawwen.
Yn ien fan 'e folgjende ferzjes fan it senario wie it Moana har heit Tui dy't weromkeare woe nei see, mar yn 'e úteinlike ferzje waard dy rol inkeld oan Moana taparte sadat se minder yn har heite skaad stean soe. Ynstee kaam Pamela Ribon mei it idee op 'e lapen om in wize âlde beppe op te fieren dy't foar Moana as mentor fungearje koe oangeande de oerâlde tradysjes fan har folk. Noch wer in oare ferzje konsintrearre him op 'e rêding fan Tui, waans boat op see fergie, troch Moana, mar dy ferhaalline oerlibbe yn 'e úteinlike film inkeld as in subtyl elemint út it ferline fan Tui. De fulkaandemon Te Kā hiet yn eardere ferzjes fan 'e film Te Pō, in ferwizing nei de Maöary-goadinneHine-nui-te-pō, dy't oarspronklik de libbenjaande goadinne Hine-tītama wie, mar feroare yn 'e goadinne fan 'e dea nei't se ûntdiek dat har oarehelteTāne ek har heit wie. Yn 'e wiere myten fan Polyneezje besocht Maui har te ferslaan om 'e minskheid ûnstjerlikens te jaan, mar faalde en rekke dea yn it gefjocht mei har.
Aaron en Jordan Kandell joegen har by de senarioskriuwers om te helpen by it ferdjipjen fan 'e emosjonele opbou fan it ferhaal, doe't it projekt in kritike perioade trochmakke. Harren foarnaamste wurk omfieme de ûntjouwing fan 'e relaasje tusken Moana en Maui, de prolooch oer it stellen fan it hert fan Te Fiti troch Maui, de ûntdekking fan 'e geheime grot mei de âlde katamarans, de oanfal fan 'e kakamora, en de reuseftige krab Tamatoa. De sêne mei de oanfal fan 'e kakamora is, by wize fan earbetoan, mei opsetsin foarmjûn om 'e sfear fan Mad Max: Fury Road op te roppen.
Filmcrew
Moana waard regissearre troch John Musker en Ron Clements. Sa't by jûnfoljende tekenfilms fan 'e Walt Disney Animation Studios en Pixar net ûngewoan is, waarden ferskate grutte swierrichheden mei it ferhaal pas identifisearre yn 2015, doe't men al mei it kompjûteranimaasje-ekwifalint fan 'e opnamen oan 'e gong wie. Om't kompjûteranimearre films in folle koarter produksjeskema en folle gruttere teams fan animators hawwe as by tradisjonele, hântekene films it gefal is, en om't Musker en Clements al seis dagen yn wike tolve oeren deis dwaande wiene, waarden doe Don Hall en Chris Williams (dy't krekt klear wiene mei Big Hero 6) oanlutsen om as ko-regisseurs de problemen glêd te striken.
Nei't de makkers fan 'e film hûnderten audysjes holden hiene, waard úteinlik Auli‘i Cravalho, in fjirtjinjierrige learlinge oan in middelbere skoalle yn Hawaï, cast yn 'e rol fan Moana. Tsjin dy tiid wiene it uterlik en de persoanlikheid fan Moana al klear, dat Cravalho's opfallende lichaamlike likenis mei it personaazje wêrfoar't se de stim ynspriek, wie poer tafal. Nettsjinsteande dat koene de animators noch wol beskate oanwensels op it mêd fan Cravalho har hâlden en dragen yn Moana har bewegings ynkorporearje.
Moana is de earste hast folslein kompjûteranimearre tekenfilm fan John Musker en Ron Clements. Ien fan 'e wichtichste redens dêrfoar wie dat de eftergrûnen yn Moana, lykas de oseaan, har by útstek lienden foar it gebrûk fan kompjûteranimaasje. It iennichste ûnderdiel fan 'e film dat mei de hân tekene is, wurdt foarme troch de tatoeaazjes fan Maui, dy't in eigen libben liede. Dat diel fan 'e film waard makke troch de animatorEric Goldberg.
Yn it ljocht fan 'e Polynezyskekultuer, dy't de basis fan it ferhaal fan Moana foarmet, besleat Disney ek in spesjaal neisyngronisearre ferzje yn it Tahitiaansk te meitsjen, in taal dêr't oars nea films yn neisyngronisearre wurde (Tahity heart ta Frânsk-Polyneezje en moat it ornaris dwaan mei in Frânske neisyngronisaasje). Op 25 oktober2016 waard dat yn 'e Tahitiaanske haadstêdPapeete offisjeel bekendmakke. Moana wie de earste film ea dy't folslein yn it Tahitiaansk neisyngronisearre waard. It wie de twadde kear dat Disney in spesjale neisyngronisaasje makke hie yn in taal fan in kultuer dy't de ynspiraasje foar in film foarme hie, nei The Lion King (1994), dêr't in neisyngronisaasje yn it Sûlû fan Súd-Afrika foar makke waard.
De filmkritisy hiene allinne mar lof foar Moana. Yn The Wall Street Journal skreau Joe Morgenstern dat de film "moai is op mear manearen as ik sizze kin, tanksij de genialiteit fan mear animators as ik telle kin." Op RogerEbert.com joech Christy LemireMoana trije en in heale stjer (fan fjouwer). Hja skreau, ferwizend nei de krisis op it mêd fan 'e klimaatferoaring, dat Moana "ûnbidige fermaaklik" west hawwe soe lykfol wannear't de film útkommen wie, mar dat de publikaasje "op krekt dit momint yn 'e skiednis it in gefoel fan betsjutting jout – en fan ynspriraasje."
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Moana in útsûnderlik heech goedkarringspersintaazje fan 96%, basearre op 271 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, sei: "Mei in titelpersonaazje dat like trije-diminsjonaal is as de wielderige animaasje fan 'e film, en in ferhaal dat nije djipte jout oan Disney's troch de tiid beproefde formule, is Moana wierlik in famyljefreonlik aventoer dat beklibje sil." Rotten Tomatoes parte de film it alfde plak ta op 'e ranglist fan 'e 75 bêste kompjûteranimearre films. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Moana in goedkarringspersintaazje fan 81%, basearre op 44 resinsjes.
Yn totaal brocht Moana wrâldwiid $643,3 miljoen op. It wie de fjirde film fan 'e Walt Disney Animation Studios efterinoar dy't mear as $600 miljoen opbrocht, nei Frozen (2013), Big Hero 6 (2014) en Zootopia (2016). Hoewol't The Walt Disney Company net bekendmeitsje woe hoefolle oft Moana eins koste hie, rûsden saakkundigen de produksjekosten op $150 oant 175 miljoen. Utgeande fan it heechste bedrach soe dat in winst opsmiten hawwe fan $468,3 miljoen minus marketingkosten. It tydskriftDeadline Hollywood berekkene dat de úteinlike winst sa'n $121,3 miljoen bedrage moast. Dêrmei soe Moana de op alve nei meast winstjaande film fan 2016 west hawwe.
Prizen
Moana waard nominearre foar twa Oscars, foar bêste lange animaasjefilm en foar bêste orizjinele liet (How Far I'll Go fan Lin-Manuel Miranda). De film krige ek twa nominaasjes foar in Golden Globe, op 'e nij foar bêste lange animaasjefilm en foar bêste orizjinele liet (How Far I'll Go). Foar de Grammy Awards waard Moana nominearre yn 'e kategory bêste gearstalde soundtrack foar fisuële media. How Far I'll Go wûn in Grammy foar bêste liet skreaun foar fisuële media. Fierders waard Moana nominearre foar in BritskeBAFTA foar bêste animaasjefilm, in Satellite Award foar bêste animaasjefilm of film mei fermongen media, in Saturn Award foar bêste animaasjefilm, en twa Britske Empire Awards foar bêste animaasjefilm en bêste soundtrack.
By de Annie Awards fan 2017 waard Moana nominearre foar bêste animaasjefilm, bêste ûntwerp fan personaazjes yn in animaasjefilm (Jin Kim en Bill Schwab), bêste storyboard foar in animaasjefilm (Normand Lemay) en bêste montaazje fan in animaasjefilm (Jeff Draheim). De film wûn de Annie Award foar bêste animaasje-effekten yn in animaasjefilm (Ian J. Coony, John M. Kosnik, Blair Pierpont, Erin V. Ramos en Marlon West). De film wûn fierders in American Music Award foar bêste soundtrack en in Billboard Music Award foar bêste soundtrackalbum. Fan 'e akteurs wûn Auli‘i Cravalho (Moana) de Annie Award foar bêste stimakteur yn in animaasjefilm, en ek de Teen Choice Award foar trochbraak fan in filmstjer. Dwayne Johnson (Maui) wûn de Teen Choice Award foar favorite fantasy-akteur en ek waard er nominearre foar in NAACP Image Award foar bêste voice-over fan in personaazje.