De begelieding dy't in mentor oan syn learling biedt, wurdt mentorskip neamd. Dat heart in parnerskip te wêzen op it mêd fan ûnderwiis en persoanlike ûntjouwing tusken immen mei in protte ûnderfining en immen dy't leare wol. By mentorskip is der altyd sprake fan kommunikaasje dy't beide kanten útgiet. It is dus net sa dat der inkeld fan 'e mentor nei de learling kommunisearre wurdt. Behalven kennis kin troch in mentorskipsrelaasje ek sosjaal kapitaal en psycho-sosjale stipe oerdroegen wurde. Soks bart boppedat yn in ynformele sfear. Ek om te learen hoe't men omgean moat mei beskate kulturele of sosjale kwestjes kin der ferlet wêze fan gearwurking mei in saakkundige. Mentors en harren learlingen moetsje inoar yn 'e regel yn persoan; it is dreech om in mentorskipsrelaasje op te bouwen as der inkeld kontakt fia de tillefoan of it ynternet is. De doer fan in mentorskipsrelaasje ferskilt fan inkele wiken om te learen hoe't men in beskate put útfiere moat, oant ferskate jierren by in mear algemien soarte fan mentorskip.