In skieding is de beëiniging fan in houlik, en kin sawol slaan op 'e beëiniging fan in boargerlik houlik as op dy fan in religieus houlik; faak omfiemet it beide begripen tagelyk. Skiedings binne net yn alle lannen tastien. Dêr't dat wol sa is, kin elts fan 'e beide houlikspartners, as hy of sy dat wol, neitiid op 'e nij mei immen in boargerlik houlik oangean. Op it mêd fan religieuze houliken leit dat oars; sa erkend bgl. de Roomsk-Katolike Tsjerke allinnich it earste houlik (al bestiet dêrby yn beskate gefallen wol wer de mooglikheid om in mislearre houlik neatich te ferklearjen). Faak begjint in skieding mei in perioade wêryn't de beide houlikspartners net mear yn itselde hûs wenje, mar foar de wet noch wol troud binne; sa'n sitewaasje wurdt in skieding fan tafel en bêd neamd.
De wetjouwing oangeande skiedings ferskilt sterk fan lân ta lân. Yn Nederlân kin in skieding sûnder swierrichheden oanfrege wurde troch te stellen dat de it oangeande houlik foargoed út 'e foegen skuord is, en wurdt dêrby gjin skuldfraach op 't aljemint brocht. Yn Belgje moat bygelyks wol oanjûn wurde wa syn skuld oft it is dat it houlik mislearre is. As dêrby immen de Swarte Pyt taspile kriget en it der net mei iens is, kin dy persoan in ferwarskrift opstelle. Fierdere juridyske kwestjes yn it ramt fan skiedings kinne gean oer it beteljen fan alimintaasje troch de iene eardere houlikspartner oan 'e oare; de fâdij oer de bern; besykrjocht fan 'e bern; de ferdieling fan replik guod en ûnreplik goed; ensfh.
Der binne hjoed oan 'e dei noch mar twa lannen yn 'e wrâld dy't hielendal gjin mooglikheid ta skieding kenne: de Filipinen en Fatikaanstêd. Lannen dy't frij resint foar it earst de mooglikheid ta skieding yn 'e wet opnommen hawwe, binne: Itaalje (1970), Portegal (1975), Brazylje (1977), Spanje (1981), Argentynje (1987), Paraguay (1991), Kolombia (1991), Andorra (1995), Ierlân (1996), Sily (2004) en Malta (2011). Yn 'e measte lannen is monogamy yn it ramt fan it oangean fan boargerlike houliken ferplichte; as men twa fan sokke houliken tagelyk oangiet, is der sprake fan bigamy, wat in misdriuw is dêr't finzenisstraf op stiet. Yn guon, benammen islamityske lannen is polygyny (it trouwen fan 'e manlike houlikspartner mei mear as ien frou) tastien, mar polyandry (it trouwen fan 'e froulike houlikspartner mei mear as ien man) net. Yn sokke lannen jout it skiedingsrjocht froulju lykwols de mooglikheid om in houliksbân te beëinigjen en mei in oare man te trouwen.
Boarnen, noaten en referinsjes