It Aldingelsk (Ingelsk: Old English; Aldingelsk: Ænglisc) of Angelsaksysk (Ingelsk: Anglo-Saxon) wie it Ingelsk sa't dat yn 'e snuorje tusken om-ende-by 550 en 1066 sprutsen waard yn wat no Ingelân en súdlikSkotlân is. Yn dat tiidrek ûntstie it Ingelsk út 'e Germaanskestamtalen fan 'e mannemacht nei de Britske Eilannen ferfearne Angelen en Saksen. Yn 't earstoan wiene der fjouwer dialekten te ûnderskieden, dy't oerlevere binne fan 'e achtste iuw ôf. Fan dyselde tiid ôf ûndergie it Aldingelsk in sterke ynfloed fan it Aldnoarsk. Mei dêrtroch waard yn it Aldingelsk in ferienfâldiging trochfierd dy't bestie út it ferlies of de ôfswakking fan namfallen en oare grammatikaleferbûgings. It Aldingelske tiidrek einige abrupt mei de Normandyske Ynvaazje fan 1066, dy't beskôge wurdt as it begjin fan 'e Midingelske perioade.
Taalbesibskip en fonology
It Aldingelsk wie in Westgermaanske taal dy't nau besibbe wie oan it Aldfrysk en it Aldsaksysk, en dy't yn 'e Iere Midsiuwen in sterke ynfloed fan it Aldnoarsk ûndergien hie. Hiel oars as it Modern Ingelsk wie it Aldingelsk in taal mei in grut morfologysk ferskaat en waard it krekt sa stavere as it útsprutsen waard, dat wol sizze: de ortografy wie relatyf konsekwint, alhoewol net fêstlein, wylst de skriuwwize fan it hjoeddeistige Ingelsk notoir ûnbetrouber is as gids foar útspraak. Fonologysk hie it Aldingelsk in tal fonemen dy't letter ferlern gien binne, lykas de [x] (ch fan 'berch'), de [ɣ] (g fan 'bûge'), de [y] (ú fan 'rút'), de [y:] (ú fan 'drúf'), de [ø:] (eu fan 'deun') en de [ç], de stimleaze palatale frikatyf (sj fan 'sjippe', mar útsprutsen mei de tonge tsjin it hurde ferwulft oan drukt).
It Aldingelsk koe opdield wurde yn fjouwer dialekten: it fan oarsprong Angelske Mersiaansk en Noardumbrysk en it fan oarsprong Saksyske Kentysk en Westsaksysk. Trochdat it Keninkryk Wesseks yn 'e njoggende iuw de oare Angelsaksyske keninkriken oermânsk waard, wist it Westsaksysk him úteinlik ta de standertskriuwtaal te ûntwikkeljen. Sadwaande is yn dat dialekt it meastepart fan 'e Aldingelske literatuer oerlevere. De oare dialekten wiene lykwols gjin dearinnende wegen, want it Westsaksysk strûpte der letter ûnder, en it moderne Ingelsk komt fierhinne fuort út it Mersiaansk, wylst de Skotske taal fuortboude op 'e grûnslach fan it Noardumbryske dialekt.
De ûntwikkeling fan 'e Ingelske taal fan Aldingelsk nei Midingelsk wie feitliks in iuwenlang proses fan stadige feroarings. Foar in part kamen dy fuort út 'normale' taalûntwikkeling, mei't libbene talen altyd oan it feroarjen binne. Mar dêrnjonken ûndergie it Ingelsk ek in sterke ynfloed fan it Aldnoarsk nei't it noarden fan Ingelân yn 'e achtste en de njoggende iuw fierhinne troch Noarenkolonisearre waard. Hoewol't dy kolonisten úteinlik opgiene yn 'e Ingelske befolking, lieten se dúdlike linguïstyske spoaren nei. Dy waarden allinne noch mar fuortsterke doe't hiel Ingelân tusken 1013 en 1042 troch de Denen oerhearske waard. Sa kaam it Ingelsk bygelyks oan wurden as tree ("beam") en egg ("aai"), en teffens waarden de Angelsaksyske foarnamwurdenhie, him en hera ferfongen troch de op it Aldnoarsk basearre ekwivalinten they ("sy", meartal), them ("harren"), resp. their ("harren", besitlik).
De Normandyske Ynvaazje fan 1066 wurdt yn 'e regel foar it gemak oanholden as de ein fan 'e Aldingelske perioade en it begjin fan it Midingelske tiidrek, om't doe de iuwenlange ynfloed op it Ingelsk úteinsette fan it Normandysk, in Romaanske taal dy't nau besibbe wie oan it Frânsk. Behalven troch de oername fan in grut tal Romaanske lienwurden ûnderskate it Midingelsk him ek fan it Aldingelsk troch in yngeande ferienfâldiging fan it oarspronklik fiiffâldige namfallesysteem, dat nei alle gedachten ôfsliten wie om it Aldingelsk mear yn oerienstimming te bringen mei it Aldnoarsk, dat in oar stelsel fan ferbûgings hie, mar dêr't it morfologysk wol tige op liek. Yn elts gefal gie it ûnderskie tusken de nominatyf (earste namfal) en de akkusatyf (fjirde namfal) ferlern, útsein yn persoanlike foarnamwurden, ferdwûn de ynstrumintalis alhielendal en waard it gebrûk fan 'e genityf (twadde namfal) beheind ta it omskriuwen fan besit. Fierders waard in grut tal ûngeregelde ferbûgingsfoarmen ta geregelde foarmen makke, wylst stadichoan ek de sinsbou folle minder fleksibel waard.
Alfabet
It Aldingelsk waard yn 't earstoan skreaun yn runen, mar fan 'e sechsde iuw ôf waard in oanpaste foarm fan it Latynske alfabet brûkt, dat de op runen basearre letterswynn (ƿ, foar de 'w' fan "skowe") en thorn (þ, foar de stimleaze th fan thin) omfieme, en teffens de oanpaste Latynske lettertekens eth (ð, foar de stimhawwende th fan this) en ash (æ, foar in fokaal dy't liket op 'e e fan "pet", mar fierder tebek yn 'e mûle útsprutsen wurdt).
Krektlyk as guon oare histoaryske taalfoarmen is it Aldingelsk troch taalkundigen en hobbyisten út letter tiid brûkt om teksten te meitsjen dy't òf de literatuer fan 'e Angelsaksen neibearden, òf de taal fan 'e Angelsaksen mei opsetsin oerbrochten nei in folslein oare kulturele kontekst. Sa brûkte de ferneamde Ingelsketaalkundige en fantasyskriuwerJ.R.R. Tolkien it Aldingelsk as de taal fan syn Rohirrim, de bewenners fan it lân Rohan yn syn trilogyThe Lord of the Rings.
Fierders hat de yntroduksje fan it ynternet de fersprieding fan materiaal oer en yn it Aldingelsk mooglik of alteast ienfâldiger makke. Guon websiden en ynternetfoarums op it mêd fan it moderne heidendom en histoaryske neispilings fiterje it aktive gebrûk fan it Aldingelsk oan. Der bestiet tsjintwurdich ek in Aldingelske ferzje fan 'e Wikipedy. Ut in ûndersyk út 2014 die lykwols bliken dat in grut diel fan it 'Aldingelsk' dat online brûkt wurdt, alhiel net op 'e histoaryske taal liket, en dat it boppedat grôtfol sit mei de meast basale grammatikale flaters.[1]
↑Neuland, Christina, en Schleburg, Florian, A New Old English? The Chances of an Anglo-Saxon Revival on the Internet, yn: Buschfeld, S., et al. (red.), The Evolution of Englishes: The Dynamic Model and Beyond, Amsterdam, 2014 (John Benjamins), s. 486-504.