In nút is in inkelfâldige dopfrucht, dy't bestiet út in hurdere fruchtwand en in sêfter sied, dat oer it algemien ytber is. By de riping wurdt de stieneftige of houteftige fruchtwand faak hielendal of foar in part tige hurd. Net alle nuten binne trouwens ytber; sa binne de ikels fan 'e Kalifornyske iik dêr fierstente bitter foar. Yn 'e plantkunde wurde inkeld nuten wêrfan't de húl net iepenspringt om it sied derút te litten beskôge as "echte nuten"; yn 'e itensiederij wurde folle mear fruchtesoarten ûnder de term "nút" beflapt.