Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Foar oare betsjuttings, sjoch: San Diego (betsjuttingsside).
San Diego is in stêd yn 'e AmerikaanskesteatKalifornje, yn 'e regioSúdlik Kalifornje, oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan, likernôch 190 km besuden Los Angeles en deun tsjin 'e grins mei Meksiko oan. It is it haadplak fan it omlizzende San Diego County en hie neffens in offisjele skatting út 2012 doe goed 1,3 miljoen ynwenners. Dêrmei is it de op ien nei grutste stêd fan Kalifornje (nei Los Angeles) en de op sân nei grutste fan 'e hiele Feriene Steaten. Boppedat is San Diego noch altiten ien fan 'e fluchst groeiende stêden fan it lân, en as alle foarstêden meirekkene wurde, komt it as stêdekloft út op in befolking fan mear as 3 miljoen minsken. San Diego stiet benammen bekend om syn mylde en noflike klimaat (de reden dat it ek wol America's Finest City neamd wurdt), om syn natuerlike djipwetterhaven, om 'e útstrutsen strannen dy't populêr binne ûnder surfers, en om syn langjierrige bân mei de Amerikaanske Marine.
Nei't Meksiko yn 1821 syn ûnôfhinklikheid wûn hie, kaam San Diego diel út te meitsjen fan 'e steat Opper-Kalifornje. Hoewol't de fêsting op 'e Presidioheuvel njonkelytsen syn funksje ferlear, woeks it doarpke deromhinne stadich oan. It nije Meksikaanske regear sekularisearre de missy (dy't eins in soarte fan kleaster wie) en ferdielde it lân derfan ûnder rikeCalifornio's (sa't de Meksikanen út Opper-Kalifornje neamd waarden). Yn 1846 briek de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch út, dy't de Amerikanen mei oermacht wûnen. Ien fan 'e fjildslaggen út dy oarloch, de Slach by San Pasqual, waard yn 1846 fuort by San Diego útfochten, yn 'e San Pasqualdelling, dy't no ûnderdiel fan 'e stêd útmakket. Opper-Kalifornje waard datselde jiers noch troch de Amerikanen beset, en ûnder it Ferdrach fan Guadelupe Hidalgo, dat nei de ein fan 'e oarloch, yn 1848, sletten waard, stie Meksiko û.m. Kalifornje ôf oan 'e Feriene Steaten.
Kalifornje waard twa jier letter, yn 1850, as in folweardige steat yn 'e Amerikaanske Uny opnommen, en San Diego krige datselde jiers offisjeel de status fan stêd taparte. Teffens waard it doe it haadplak fan San Diego County. Mei't it stedsje om 'e âlde fêsting op 'e heuvel hinne groeid wie, wie de lokaasje net ideaal, yn acht nommen dat it ferskate kilometers fan 'e kust ôf lei. Oan 'e ein fan 'e 1860-er jierren waard besletten om it te ferhúzjen nei in gaadliker plak, it saneamde New Town, in pear kilometer besuden de oarspronklike delsetting, in gebiet dat no de binnenstêd fan San Diego is. Fanwegen de hannel dy't San Diego krige doe't it oan 'e kust lei, groeide New Town as koal.
Under de Twadde Wrâldoarloch ûntjoech San Diego him ta ien fan 'e wichtichste militêre knooppunten oan 'e Amerikaanske westkust. Under en fuort nei de oarloch woeks it tal ynwenners fluch oan, net allinne om't der yn oarlochstiid mear troepen legere wiene, mar ek om't in protte taleveringsbedriuwen fan it leger en de marine har der fêstige hiene, dy't doe op folle toeren draaiden. Tusken 1930 en 1950 ferdûbele San Diego yn befolking fan 148.000 ta 334.000. Nei de oarloch, en salang't de Kâlde Oarloch duorre, holden de striidkrêften oan mei in wichtige rol te spyljen foar de ekonomy fan San Diego, mar de besunigings dy't oan it begjin fan 'e 1990-er jierren op it ynstoarten fan 'e Sovjet-Uny en it iepenskowen fan it Izerne Gerdyn folgen, hakten der bêst yn op 'e ûnderskate bases yn 'e stêd en by de yndustry dy't fan 'e striidkrêften ôfhinklik wie. Fan gefolgen begûn San Diego him dêrnei mear op wittenskip en toerisme te rjochtsjen.
In oare pylder fan 'e lokale ekonomy wie fan 1911 oant de 1970-er jierren de tonynfiskerij. Frijwol de hiele Amerikaanske tonynfiskersfloat en tonynferwurkingsyndustry wie yn San Diego fêstige. It ekonomysk hichtepunt berikte dizze sektor fan 'e ekonomy yn 'e midden fan 'e 1930-er jierren, doe't der yn 'e ynblikkerijen allinnich al mear as 1.000 minsken wurken. It tonynfiskjen waard meast dien troch fiskers dy't ymmigranten wiene út Japan, en letter fan 'e Azoaren en út Itaalje. De ynfloed fan dy ymmigrantegroepen is noch altiten fielber yn wiken as Little Italy en Point Loma. Fanwegen tanimmende ûnkosten en bûtenlânske konkurrinten dy't goedkeaper wurkje koene, moasten de lêste tonynferwurkingsfabriken oan it begjin fan 'e 1980-er jierren slute.
De befolkingsûntwikkeling fan San Diego is yn 'e tweintichste iuw hiel hurd gien. Yn 1850 hie de 'stêd' noch mar 500 ynwenners, yn 1900 wiene dat krapoan 18.000. Tsjin 1950 wie dat oanwoeksen ta 334.000, en yn 2000 ta 1,2 miljoen. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 doe sa: 30,1% blanken; 28,8% Latino's (wêrûnder 24,9% Meksikanen); 15,9% Aziaten (wêrûnder 5,9% Filipinen, 2,7% Sinezen en 2,5% Fjetnamezen); 6,7% swarten; 0,6% Yndianen; 17,9% oaren of fan mingd etnysk komôf. Mei fanwegen it mylde klimaat hie San Diego yn 2012 de op twa nei grutste populaasje dakleazen fan 'e Feriene Steaten.
San Diego hat in Mediterraan klimaat, dat karakterisearre wurdt troch waarmedrûgesimmers en mylde winters. De kâldstemoanne is desimber, as de trochsneed temperatuer oerdeis 18,2 °C is, wylst it yn augustus, de waarmste moanne, oerdeis yn trochsneed 24,7 °C is. Oer it hiele jier ferdield falt der yn trochsneed mar 262,4 mmdelslach. Snie is yn San Diego sa'n seldsum ferskynsel dat it sûnt de offisjele waarmjittings yn 1872 begûnen, mar fiif kear foarkommen is.