Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker is in science fiction-roman en de ferboeking fan 'e earste film út 'e Star Wars-franchise. Dy hiet oarspronklik Star Wars en kaam yn 1977 út. It boek, dat publisearrew waard troch útjouwerijBallantine Books, ferskynde lykwols in healjier foàr de film, yn 1976, en waard basearre op it oarspronklike senario en net op 'e foltôge film. Sadwaande komme der stikjes yn foar dy't net yn 'e film sitte om't se letter by de filmmontaazje fuortknipt binne. Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker ferskynde op namme fan Star Wars-betinker George Lucas, mar waard eins skreaun troch ghostwriterAlan Dean Foster. Nei't de film yn 1981 mei weromwurkjende krêft omneamd wie ta Star Wars: Episode IV – A New Hope, kamen letter werprintingen fan it boek út ûnder de titelStar Wars: A New Hope.
Mei't de ynformaasje yn it senario frijwat summier wie, wreide Foster it ferhaal yn oerlis mei Lucas fierder út wat lokaasjes, planeten, bûtenierdske rassen, talen, skiednis en technology oangie. Doe't him, by itselde fraachpetear yn 2000, frege waard oft it dreech foar him wie dat úteinlik de namme fan Lucas op 'e roman kaam te stean, antwurde er ûntkennend. Hy sei: "Hielendal net. It ferhaal wie in idee fan George. Ik borduerre dêr allinne mar wat op fuort. Dat myn namme net op 'e omslach stie, wie foar my alhiel gjin probleem. It soe krekt sawat west hawwe as dat in oannimmer easke dat syn namme op in hûs stean moast dat ûntwurpen wie troch Frank Lloyd Wright."
As Luke ûntdekt dat syn omke en muoike yn syn ôfwêzigens fermoarde binne troch stoarmtroepers fan it Galaktysk Keizerryk dy't op 'e siik binne nei de beide androïden, jout er him by Obi-Wan. Dyselde wol hawwe dat it syn lotsbestimming is om, krekt as syn heit foar him, in Jedi-ridder te wurden. Se hiere de smokkelderHan Solo en syn Wookiee-piloatChewbacca yn, en sette yn harren romteskip, de Millennium Falcon, ôf fan Tatooine nei Alderaan. Dêr oankommen, ûntdekke se dat dy planeet ferneatige is troch in reuseftich Keizerlik romtestasjon en massaferneatigingswapen dat de Deadsstjer hjit. Harren skip komt fêst te sitten yn in lûkstriel fan it romtestasjon, mar se witte oan finzenskip te ûntkommen en rêde prinsesse Leia, dy't op 'e Deadsstjer fêstholden wurdt. Obi-Wan Kenobi offeret himsels op om 'e oaren de kâns te jaan om te ûntsnappen. Luke, Leia, Han, Chewbacca, R2-D2 en C-3PO leverje de blaudrukken fan 'e Deadsstjer ôf by it Rebelleferbûn, wêrnei't Luke, Han en Chewbacca dielnimme oan in oanfal wêrby't de Deadsstjer ferneatige wurdt.
Ferskillen mei de film
Ien fan 'e opfallendste ferskillen fan Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker mei de film dêr't it boek op basearre is, komt direkt al oan it begjin. De ikoanyske wurden "lang ferlyn yn in stjerrestelsel fier, fier fuort," dêr't eltse Star Wars-film mei begjint, misse nammentlik. Dêrfoar yn 't plak wurdt skreaun: "In oar stjerrestelsel, in oare tiid." Fierders mist ek de iepeningstekst fan 'e film, dêr't de foarfallen yn beskreaun wurde dy't krekt foartiid plakfûn hawwe. Ynstee is der in prolooch tafoege, wêryn't de politike eftergrûn oansjenlik wiidweidiger útlein wurdt. De prolooch befettet ek de earste fermelding fan 'e namme fan 'e keizer, Palpatine, dy't yn 'e filmsearje pas yn it earste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy (1999) brûkt wurdt. De beskriuwing fan Palpatine út 'e prolooch komt lykwols net alhiel oerien mei dy út 'e lettere films. It opmerklikste ferskil is dat er himsels neffens de prolooch kieze liet ta presidint fan 'e Galaktyske Republyk, in funksje dy't yn lettere Star Wars-wurken net bestiet (ynstee lit Palpatine himsels dêr ta kânselier kieze.)
De ferboeking ferskilt fierders fan 'e film trochdat er ferskate sênes út it oarspronklike senario omfettet dy't wol filme waarden, mar letter by de filmmontaazje fuortknipt waarden en net yn 'e film bedarren. It wichtichste dêrfan binne de moetings fan Luke Skywalker mei Biggs Darklighter en syn oare maten yn Tosche Station op Tatooine. In oare sêne fan dizze soarte is dy wêryn't Han Solo foar syn ôfreis nei Alderaan mei Luke en Obi-Wan Kenobi in moeting hat mei de gangsterJabba de Hutt, oan wa't er jild skuldich is. Dy sêne waard yndie filme en fuortknipt, mar by de publikaasje fan 'e special edition fan Star Wars: Episode IV – A New Hope, yn 1997, wer tafoege. De ôfskildering fan Jabba yn it boek (mei in "hierrige plasse" en oerdutsen mei groeden dy't syn reputaasje as in ferfrettend fjochter oanjouwe) ferskilt trouwens sterk fan 'e omskriuwing yn it oarspronklike senario (mei eagen op stâltsjes) en syn oansjen yn 'e film (as in soarte fan reuseftige slak). It oansjen fan 'e WookieeChewbacca doocht likemin, mei't er ôfskildere wurdt mei felle gielkleurige eagen.
De ferneatiging fan 'e planeet Alderaan wurdt net neamd yn 'e roman, noch fernimt Obi-Wan Kenobi dêr wat fan (yn 'e film krekt ien fan 'e bekendste sênes). Obi-Wan wurdt yn it boek echt ferslein troch Darth Vader yn harren duël mei de ljochtsabel, wylst er himsels yn 'e film mei opsetsin deadzje lit. Ek wol it boek hawwe dat de formele beneaming foar in robot eins "meganyske libbensfoarm" is, en dat "droïde", stiiffêst skreaun mei in apostrof (as ’droïde) om oan te jaan dat "an-" fuortfallen is, eins in sprektaalterm is. Ferskate lytsere ferskillen komme ek foar. Sa jout Luke him foar de oanfal op 'e Deadsstjer by Squadron Blau ynstee fan Squadron Read, sadat syn oanropkoade "Blue Fiif" is ynstee fan "Read Fiif".
Tsjin febrewaris1977, in fearnsjier foar't de earste Star Wars-film yn 'e bioskoop komme soe, wie de earste printinge fan 500.000 eksimplaren fan 'e ferboeking al útferkocht. Yn it folgjende fearnsjier waarden nochris 3,5 miljoen eksimplaren printe. Guon lettere edysjes waarden foarsjoen fan kleurefoto's út 'e film. Nei't de film yn 1981 mei weromwurkjende krêft omneamd wie ta Star Wars: Episode IV – A New Hope, kamen letter werprintingen fan it boek út ûnder de titelStar Wars: A New Hope.