13 maart - Begjin fan de gizeling yn it provinsjehûs yn Assen troch trije Súd-Molukse jongeren; planolooch Ko de Groot wurdt deasketten.
14 maart - Leden fan de Bysûndere Bystâns Ienheid (BBE) meitsje in ein oan de gizeling. Deputearre J. Trip rekket ferwûne by de befrijingsaksje en sil in stikmannich wiken letter stjerre oan syn ferwûnings.
30 desimber - Nederlân wurdt yn 'e strange winter fan 1978-1979 troffen troch swiere sniestoarmen dy't in ferskuorrende gaos feroarsaakje. Benammen yn Fryslân, Grinslân en Drinte kinne opwaaide sniebdunen faak meters heech wurde, wylst it yn Súd-Nederlân tagelyk reint en snijt by tempertueren fan +10 °C, mar dêr giet it letter ek snijen. It gewoane libben wurdt ôfgryslik ûntwwrichte. Der folgje twa moannen mei tige wintersk waar wêrby't swiere sniefal en izel ôfwiksele wurdt troch perioades mei teiwaar en de diken glêd wurde kinne sadat it oant ein febrewaris ta faak net mooglik is om de dyk op te kinnen.