Neffens de Amerikaanske folkloare soe Thanksgiving weromgean op in barren dat oantsjut wurdt as it "Earste Thanksgiving". Dat wie neffens it ferhaal de earste fiering fan Thanksgiving yn 'e Nije Wrâld, wêrby't yn oktober1621 yn Nij-Ingelân 53 saneamde pilgrims ("pylgers"), de oerlibbenen fan 'e tocht mei de Mayflower, en 90 Wampanôk-Yndianeniten en drinken dielden en trije dagen lang mei-inoar feestfierden. Folle minder bekend is dat der yn 1619 al in Thanksgivingfiering plakfûn hie yn Firginia, troch de Ingelskekolonisten fan it skip de Margaret, dy't koart tefoaren lâne wiene te Berkely Hundred. De ferhearliking fan it Earste Thanksgiving, dêr't blanken en Yndianen it miel dielden, wurdt tsjintwurdich troch guon lju beskôge as skynhillich, de genoside fan 'e blanken tsjin 'e Yndianen yn acht nommen dy't net folle letter begjinne soe.
Der wie foar Thanksgiving lykwols yn 'e wet gjin datum fêstlein, sadat de presidint beslisse koe wannear't de hjeldei fierd wurde moast. Under it regear fan presidint Franklin D. Roosevelt waard de datum fan Thanksgiving yn 1939 sadwaande in wike nei foarren helle, sadat de hjeldei op 'e trêde tongersdei fan novimber kaam te fallen. Dat late ta in protte opskuor. It grutste part fan 'e Amerikanen gie troch mei it fieren fan Tanksgiving op 'e fjirde tongersdei, en de nije datum kaam bekend te stean as "Franksgiving" (nei Roosevelt syn foarnamme). Nei trije problematyske fierings yn 1939, 1940 en 1941, naam it Kongres yn 1942 in wetsfoarstel oan dat de fiering fan Thanksgiving op 'e fjirde tongersdei yn novimber fêststelde, en Roosevelt ûndertekene dat, sadat it in wet waard.
Oare Thanksgivinggewoanten yn 'e Feriene Steaten binne û.m. dat goeddiedigeorganisaasjes in soartgelikens miel tameitsje en optsjinje foar de behoeftigen (bgl. yn in dakleaze-opfang), it bywenjen fan in tsjerketsjinst, it besjen fan optochten (libbensliif of op 'e tillefyzje) en it sjen nei in Amerikaansk fuotbalwedstryd, ek op 'e tillefyzje. Hoewol't Thanksgiving fan oarsprong in kristlike hjeldei is, makket de fiering dêrfan no yn sa'n hege mjitte diel út fan 'e Amerikaanske kultuer, dat it ek in sekuliere feestdei is, dy't net inkeld fierd wurdt troch kristenen, mar ek troch ateïsten en agnosten en lju fan alderhanne oare religyen.