In foarnamme is it earste part fan 'e folsleine namme fan in minske. Dizze foarm fan 'e namme wurdt yn ynformele fermiddens brûkt, tusken famyljeleden, freonen en goekunde. Yn kristlike fermiddens waard eartiids (en inkeld noch wol) de oantsjutting doopnamme brûkt foar 'foarnamme'. Mei foarnammen wurde fierders lju útinoar holden dy't deselde efternamme hawwe. Lykwols kin it foarkomme dat minsken sawol deselde efternamme as deselde foarnamme hawwe, fral as it dêrby giet om nammen dy't in protte foarkomme ("Jan de Jong", "Piet Visser", "Klaas Dijkstra") of as it leden fan deselde famylje binne. Faak wurdt de foarnamme ôfkoarte ta in inisjaal, in inkele letter mei in punt derefter ("J. de Jong").
Mear foarnammen
It komt foar dat persoanen mear as ien foarnamme hawwe. Dêrby steane de foarnammen yn in fêste folchoarde. It hawwen fan twa foarnammen komt in protte foar, en dy wurde wol oaninoar ferbûn mei in keppelstreekje, bgl. Gert-Jan Segers, mar faak ek net, bgl. Allard Jan van der Scheer. As se ferbûn wurde troch in streekje, wurde se faak as ien namme behannele en ek as sadanich brûkt. Wurde se net op dy wize ferbûn, dan wurdt ornaris inkeld de earste foarnamme brûkt en de twadde weilitten: Allard van der Scheer. Soms wurdt ien fan beide foarnammen (meastal de twadde) dan ôfkoarte ta in inisjaal, bgl. Albert H. Friedlander, hoewol't de foarm wêrby't de earste foarnamme ôfkoarte wurdt ta in inisjaal, bgl. G. Willem Abma, hiel inkeld ek foarkomt.
Yn 'e Feriene Steaten neamt men in twadde foarnamme in middelnamme, mar dy oantsjutting komt yn Nederlân eins net foar. Wol kin it wêze dat persoanen mear as twa foarnammen hawwe, in gebrûk dat fral mank de adel en yn roomske fermiddens oanwaakse kin ta fjouwer of noch mear foarnammen (bgl. jhr.Tjaard Anne Marius Albert van Humalda van Eysinga). PrinsBernhard, de man fan keninginneJuliana, hie sels njoggen foarnammen: Bernhard Leopold Frederik Everhard Julius Coert Karel Godfried Pieter prins fan Lippe-Biesterfeld.
Foarhinne spile by it jaan fan foarnammen oan nijberne poppen it gebrûk ferneaming in wichtige rol, wêrby't bern deselde foarnamme taparte krigen as âldere famyljeleden, sadat in foarnamme 'yn de famylje' bleau. Yn dat ramt wie it foarhinne yn Fryslân gebrûklik dat de âldste soan út in gesin nei de pake oan heitekant ferneamd waard, de twadde soan nei de pake oan memmekant, de trêde nei de âldste omke oan heitekant, de fjirde nei de âldste omke oan memmekant, de fyfde nei de twadde omke oan heitekant, ensfh. Krektsa waard de âldste dochter ferneamd nei de beppe oan memmekant, de twadde dochter nei de beppe oan heitekant, de trêde nei de âldste muoike oan memmekant, ensfh. Tsjintwurdich is dit gebrûk oan it útstjerren en jouwe de âldelju har bern faak beskate nammen om't se dy moai fine en net om't famyljeleden ek sa hieten.
Ropnammen
Yn ynformele fermiddens wurde foarnammen faak ferkoarte, sadat der in ropnamme ûntstiet. Jehannes wurdt dan bygelyks Jan, Willem wurdt Wim, Thomas wurdt Tom, Elizabeth wurdt Lys of Lysbeth, Teresa wurdt Trees, ensfh. Dêrby moat oantekene wurde dat in namme as Jan ek selsstannich foarkomt sûnder dat it in ferkoarte foarm is. Soms wurde folute namme ferkoarte ta ropnammefoarmen dy't mar amper op 'e oarspronklike foarm lykje; sa wurdt yn it IngelskWilliam ferkoarte ta Bill.