Se folge har mem Wilhelmina op as nije keninginne, Prinses Juliana wie in populêre keninginne.
Juliana hat as keninginne ferskate besites oan Fryslân brocht. It wiene foaral wurkbesites wêrby't se net allinnich mei pommeranten prate, mar ek it kontakt socht mei de boarger. Yn 1980 makke se bekend dat 'har krêften ôfnamen'. Har âldste dochter Beatrix folge har yn dat jier op.
De prinses is stoarn yn 2004 oan de gefolgen fan longûntstekking, kombinearre mei algehiele ferswakking.