Doe't de AmerikaanskefilmmakkerGeorge Lucas minder as in jier letter in lange akteur socht om 'e rol fan 'e hierrigeWookieeChewbacca te spyljen yn 'e earste film fan 'e Star Wars-rige, tocht er ynearsten oan 'e 1.98 m lange David Prowse, mar dy keas der lykwols foar om 'e rol fan 'e antagonistDarth Vader te spyljen. Sadwaande moast Lucas op 'e nij op 'e sneup, en doe ûntdiek er Mayhew, dy't noch altyd yn it sikehûs wurke. Lucas soe tsjin him sein hawwe, dat er foar de tekstleaze rol fan Chewbacca, wêrfoar't er ûnwerkenber ferklaaid wêze soe yn in hierrich pak, inkeld by steat wêze moast om te stean en te rinnen.
Mayhew sels fertelde letter yn in fraachpetear dat er lucht krigen hie fan in audysje foar Star Wars dy't yn Londen holden waard, en dat er doe foar de aardichheid besleat dêr ris del te gean. Sadree't Lucas deryn kaam en Mayhew stean gie om mei him te fûstkjen, krige er doe de rol fan Chewbacca taparte. Mayhew fertelde ek dat er foar syn earste optreden as Chewbacca de manear fan bewegen neibearde fan bisten dy't er yn dieretunen observearre hie.
Njonken syn optredens as Chewbacca spile Mayhew ek yn 'e horrorfilmTerror, út 1978. Yn 'e Ingelskneisyngronisearre ferzje fan Dragon Ball GT: A Hero's Legacy, út 2004, liende er syn stim oan it personaazje Susha. Yn 2008 spile er yn Yesterday Was a Lie, en syn lêste filmrol hied er yn 2016 yn Killer Ink.
Skriuwwurk
Mayhew skreau en publisearre twa berneboeken dy't basearre wiene op syn eigen ûnderfinings as ûngewoan lang bern. Yn Growing Up Giant lei er út dat oars wêzen as oaren in foardiel is ynstee fan in neidiel. En My Favorite Giant giet oer narjen en wat men dêrtsjin dwaan kin.