Nei't er ôfswaaid wie út it leger, doarme Burroughs in hoart om. Hy wurke in skoft op in ranch yn Idaho, mar bedarre úteinlik wer yn Chicago, dêr't er yn 1899 by it bedriuw fan syn heit oannommen waard. Yn 1904 naam er ûntslach en begûn los wurk te dwaan, earst yn Idaho en letter yn Chicago. Tsjin 1911, doe't er al sân jier leechbetelle baantsjes hân hie, wurke Burroughs by in gruthannel yn potleadslipers.
Yn dy snuorje hie Burroughs in protte frije tiid, dy't er opfolle mei it lêzen fan pulptydskriften. Yn 1929 soed er by in fraachpetear mei The Washington Post fertelle hoe't er derby kaam om sels skriuwer te wurden: "[…] as minsken betelle krigen foar it skriuwen fan sokke rommel as dy't ik yn guon fan dy blêden lies, [tocht ik] dat ik wol krekt sokke rommel skriuwe koe. Sterker noch, hoewol't ik noch nea in ferhaal skreaun hie, wie ik der folslein wis fan dat ik ferhalen skriuwe koe dy't krekt sa fermaaklik en wierskynlik noch folle fermaakliker wêze soene as alles dat ik yn dy tydskriften lies." Mei't er lykwols syn goede namme net ferdwaan woe, liet Burroughs, alteast yn 't earstoan, syn wurk publisearje ûnder it pseudonym Norman Bean.
Burroughs syn earste roman, Under the Moons of Mars, waard as fúljeton publisearre yn edysjes fan it tydskriftThe All-Story, dy't útkamen fan febrewaris oant july1912. Under the Moons of Mars wie behalven de debútroman fan Burroughs ek it earste diel fan 'e Barsoom-searje, oer de heldhaftige Ierdling John Carter, dy't ûnferwachts transportearre wurdt nei de planeetMars (dy't bewenne blykt te wêzen) en dêr it iene aventoer nei it oare belibbet. Burroughs fertsjinne oan Under the Moons of Mars$400 (wat yn hjoeddeistich jild delkomt op $9.775). Yn boekfoarm waard Under the Moons of Mars foar it earst yn 1917 publisearre, troch útjouwerijA.C. McClurg fan Chicago, hoewol ûnder in oare titel: A Princess of Mars. Dy namme hat de roman neitiid altyd holden.
Al rillegau joech Burroughs syn oare wurk deroan en begûn er him foltiids oan syn skriuwkarriêre te wijen. Tsjin 'e tiid dat it fúljeton fan Under the Moons of Mars folslein publisearre wie, hied er al twa oare romans foltôge, wêrûnder syn bekendste en ynfloedrykste wurk, Tarzan of the Apes. Dat gie oer de heldTarzan, de soan fan in aadlikBritsktroud pear dat nei in skipbrek strânet op in ûnbewenne diel fan 'e Afrikaanskekust. Hja komme dêr al rillegau om, mar harren poppe wurdt grutbrocht troch in gorilla en groeit yn it wyld op. Hy ûntwikkelet op dy manear in ynstinktyf begryp fan 'e wylde dieren en groeit út ta de master fan it oerwâld, en rekket lang om let fereale op Jane Porter, de dochter fan in blanke Amerikaanske sindeling.
Tarzan of the Apes waard fan oktober1912 ôf as fúljeton yn The All-Story publisearre, en ferskynde yn 1914 by McClurg as boek. In twadde roman yn 'e Tarzan-rige, The Return of Tarzan, folge yn 1913 as fúljeton en yn 1915 as boek. Noch 22 oare romans oer Tarzan kamen by Burroughs syn libben út, mei dêropta wiene der twa dy't postúm ferskynden. Tarzan wie Burroughs syn meast súksesfolle searje. It personaazje fan Tarzan wie in kulturele sensaasje doe't er yntrodusearre waard, en Burroughs wie wisberet om fan dy populariteit op eltse mooglike wize te profitearjen. Dêrta risselwearre er om 'e Tarzan-ferhalen adaptearje te litten ta strips, films en wat tsjintwurdich merchandising neamd wurde soe. Doetiidske ekspêrs retten him dat ôf, om't neffens harren sokke ferskillende media inkeld mei-inoar konkurrearje soene, mei as gefolch in delgong yn populariteit. Burroughs sette syn sin troch en bewiisde dat de ekspêrs it mis hiene: it publyk woe Tarzan hawwe hoe't se him mar krije koene. It personaazje groeide binnen tweintich jier út ta in wier kultureel ikoan dat sa'n ynfloed krige op 'e Westerske kultuer dat it tsjintwurdich net mear wei te tinken is.
Yn 1915 of 1919 (de boarnen sprekke inoar tsjin) kocht Burroughs in grutte ranch yn Súdlik Kalifornje, fuort benoarden Los Angeles, dy't er nei syn held Tarzan 'Tarzana' neamde. De ynwenners fan 'e mienskip dy't al rillegau om dy ranch hinne groeide, stimden yn 1927 foar it behâld fan dy namme doe't harren mienskip in formeel plak waard: Tarzana (Kalifornje). Datselde jiers waard ek yn 'e steat Teksas in doarp stifte dat Tarzan (Teksas) hiet.
Njonken de aventoereromans oer Tarzan en Jane en de science fiction-romans fan 'e Barsoom-rige, dêr't alve dielen fan ferskynden, skreau Burroughs ek oare searjes en sjenres. Sa hearde de Pellucidar-searje, wêryn't in ferlerne wrâld yn it holle binnenste fan 'e Ierde ûntdutsen wurdt, ta it fantasysjenre. (Burroughs ferbûn de Pellucidar-boeken mei syn Tarzan-searje troch Tarzan yn Tarzan at the Earth's Core ek nei de ferlerne wrâld yn 'e holle Ierde ôfreizgje te litten.) De Venus-searje en The Moon Maid-trilogy binne krekt as de Barsoom-rige science fiction, de Mucker-searje bestiet út aventoereromans en de Caspak-searje is fantasy. Burroughs skreau ek ferskate op harsels steande aventoereromans, histoaryske romans en westerns. Behalven yn The All-Story publisearre er ek in protte fan syn wurk yn it pulpblêd Argosy. Yn 1923 rjochte er syn eigen útjouwerij op, Edgar Rice Burroughs, Inc., sadat er tenei syn wurk yn eigen behear útjaan koe.
Nei in perioade fan oanboazjende minnichte kaam Edgar Rice Burroughs op 19 maart1950 yn syn wenplak Encino te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 74 jier. Hy hie doe krapoan 80 romans skreaun.
Auteur Ray Bradbury sei letter yn in fraachpetear mei it literêr tydskrift The Paris Review: "Edgar Rice Burroughs soe himsels nea beskôge hawwe as ien dy't it spul opskoddet en tagelyk maatskiplike ferplichtings hat. Mar, sa't bliken dien hat – en ik mei dit graach sizze om't it eltsenien freeslik lulk makket – wie Burroughs nei alle gedachten de ynfloedrykste skriuwer yn 'e hiele skiednis fan 'e wrâld." Yn 2003 waard Burroughs ynhuldige as lid fan 'e Science Fiction Hall of Fame.
Wurk
Barsoom-searje (science fiction)
1912 – A Princess of Mars (oarspr. titel: Under the Moons of Mars)