De earste fearnsiuw fan syn bestean waard de 7e Kavalery ynset yn 'e Flakte-Yndiaanske oarloggen. Dat begûn yn 1867 mei de Komantsjekampanje, in oarloch fan lege yntinsiteit mei de Komantsjen, dy't oant 1875 duorje soe. Op 27 novimber1868 wie it 7e Kavaleryrezjimint ûnder lieding fan Custer ferantwurdlik foar it Bloedbad fan de Washita. Dat wie in oanfal op it winterkamp fan it opperhaadSwarte Tsjettel fan 'e Súdlike Sjajinnen, wêrby't sa'n 150 Yndianen de dea fûnen, foar in grut part froulju en bern. Under de deaden wiene ek de âlde opperhaden Swarte Tsjettel en Lytse Rots, de grutste pleitbesoargers ûnder de Súdlike Sjajinnen fan frede mei de Amerikanen. Troch harren dea te dwaan, sterken de Amerikanen har eigen slimste fijannen, de militante Hûnskrigers, krekt fuort. Oan 'e Washita kamen ek 21 soldaten fan 'e 7e Kavalery om, wêrfan 20 dy't ûnder lieding fan majoarJoel H. Elliott de flechtsjende Yndianen efterfolgen en yn in mûklaach lokke waarden.
Under de Earste Wrâldoarloch waard it 7e Kavaleryrezjimint tafoege oan 'e Amerikaanske 15e Kavalerydifyzje, in papierrene organisaasje dy't formeel oan it Westfront yn Frankryk tsjinje soe, mar nea mear wie as in haadkertier. Dat kaam om't der oan it ymmobile rinfuorgefront simpelwei gjin praktyske rol weilein wie foar troepen te hynder. Yn maaie1918 waard de 15e Kavalerydifyzje opheft, wêrnei't it 7e Kavaleryrezjimint op 13 septimber1921 yndield waard by de Amerikaanske 1e Kavalerydifyzje, stasjonearre yn Fort Bliss, yn Teksas. De 7e Kavalery bleau oant yn 'e Twadde Wrâldoarloch in mei hynders útriste legerienheid. Pas op 28 febrewaris1943 waarden einlings en te'n lêsten de bisten ferfongen troch masines.
Op 2 septimber1945 waard de 7e Kavalery nei Japan ta stjoerd om dêr diel út te meitsjen fan 'e Alliëarde besettingsmacht. Doe't yn 1950 de Koreaanske Oarloch útbriek mei de oanfal fan it kommunistyskeNoard-Koreä op it troch de Amerikanen stipe Súd-Koreä, waard it rezjimint út Japan wei nei it Koreaanske Skiereilân stjoerd, dêr't it dielnaam oan guon fan 'e bloedichste slaggen út 'e oarloch. Dêrûnder wiene de Slach by Hwanggan en de Slach om Pusan. Doe't de 1e Kavalerydifyzje neitiid yn 'e oanfal gie, foarme it 7e Kavaleryrezjimint de foarhoede, wêrby't it yn 24 oeren tiid mear as 170 km opteach efter de frontliny fan 'e fijân.
Ier yn 'e Koreaanske Oarloch fûn noch wer in inketswarte side út 'e skiednis fan it rezjimint plak, doe't it 2e bataljon fan 'e 7e Kavalery tusken 26 en 29 july1950 by in spoarbrêge by it doarp No Gun Ri it saneamde Bloedbad fan No Gun Ri oanrjochte ûnder Súdkoreaanske boargerflechtlingen, wêrby't yn elts gefal 163 minsken (meast froulju, bern en âlderein) deade waarden en 55 ferwûne rekken. Oerlibbenen rûsden it deadetal letter op likernôch 400. Dit ynsidint kaam foar it earst yn 1999 wrâldwiid yn 'e belangstelling, doe't guon feteranen fan 'e 7e Kavalery de ferhalen fan Súdkoreaanske oerlibbenen befêstigen. Der bestiet ûnder histoarisy djippe ûnienichheid oer de fraach oft it Bloed fan No Gun Ri mei opsetsin oanrjochte is of oft it in tragysk fersin wie.
Op 15 oktober1957 waard it 7e Kavaleryrezjimint losmakke fan de 1e Kavalerydifyzje en folslein reorganisearre. Dêrby waard it haadkertier fan it rezjimint oerhevele nei it Amerikaanske Departemint fan it Leger fan it Amerikaanske Ministearje fan Definsje. Fierders waard A Kompanjy omneamd ta '1e Slachgroep, 7e Kavalery', en tafoege oan 'e 1e Kavalerydifyzje. B Kompanjy en C Kompanjy waarden omneamd ta '2e Ferkenningseskader, 7e Kavalery', resp. '3e Ferkenningseskader, 7e Kavalery', en tawiisd oan de 10e Ynfanterydifyzje. Nei de Koreaanske Oarloch waard de 7e Kavalery sadwaande benammen ynset foar militêre ferkenning, mei as swier materieel de M46 Patton-tank en guon OH-13-helikopters.
Under de Fjetnamoarloch tsjinnen trije bataljons fan 'e 7e Kavalery, it 1e, 2e en 5e, as de 3e Brigade fan 'e Amerikaanske 1e Kavalerydifyzje. Troch de tarissing mei Bell UH-1 Iroquois-helikopters (better bekend as "Huey's") waard dat diel fan 'e 7e Kavalery omfoarme ta in loftmobile ienheid. Under de Fjetnamoarloch wiene de oare beide ienheden fan it rezjimint, de 3e en 4e Ferkenningseskaders, legere yn Dútslân, resp. Súd-Koreä. Nei ôfrîn fan 'e Fjetnamoarloch waarden de 1e, 2e en 5e bataljons deäktivearre, sadat fan it rezjimint inkeld de 3e en 4e Ferkenningseskaders oerbleaune, dy't tafoege waarden oan 'e 3e, resp. de 2e Ynfanterydifyzje. Dy beide ienheden wiene neitiid tarist mei de M48 Patton-tank en mei M113- en M114-pânserfiertugen. Dêropta hiene beide ienheden in loftmobile 'Delta'-kompanjy mei UH-1 Iroquois-helikopters. De M48 Pattons waarden neitiid ferfongen troch M60A3-tanks, en noch letter, yn 1989, troch M1A1 Abrams-tanks. Om dyselde tiid hinne krigen de Delta-kompanjyen nije OH-58-ferkenningshelikopters en AH-1 Cobra-oanfalshelikopters. Tusken 1974 en 1975 waarden ek de oare ienheden wer reäktivearre. It 1e Bataljon waard in pânserienheid en it 2e Bataljon in loftmobile ienheid mei in ferkenningspeloton op motorfytsen dy't ferpleats waarden mei helikopters.
Nei de Kâlde Oarloch
De 1e en 4e Eskaders fan 'e 7e Kavalery fochten yn jannewaris en febrewaris1991 mei yn Operaasje Desert Storm, ûnder de Earste Golfoarloch tsjin Irak. Dêrby makke it 1e Eskader ûnderdiel út fan 'e Amerikaanske 1e Kavalerydifyzje, wylst it 4e Eskader ta de Amerikaanske 3e Pânserdifyzje hearde. Under de Twadde Golfoarloch, yn maart2003, foarme it 3e Eskader fan de 7e Kavalery de foarhoede fan de Amerikaanske 3e Ynfanterydifyzje. Dêrby wie dy ienheid ferantwurdlik foar de dea fan 2.200 Irakeeske militêren en de útskeakeling fan 64 tanks en 41 pânserfiertugen.