Yn 1874 wiene de Black Hills by blanken noch frijwol ûnbekend. Oan 'e iene kant kaam dat om't it rotsige heuvels wiene dêr't de iere kolonisten, dy't lân sochten om te bebuorkjen, net folle belangstelling foar hiene, mar oan 'e oare kant wiene de Black Hills hillich foar de Lakota, dy't sadwaande war diene om 'e blanken derwei te hâlden. Under it twadde Ferdrach fan Fort Laramie wie it gebiet yn 1868 'foar ivich' oan 'e Lakota taparte en ûnderdiel wurden fan it Grutte Sû Reservaat.
Yn 'e jierren nei 1868 bliek it Ferdrach fan Fort Laramie troch it oanhâldende opkringen fan blanke kolonisten en goudsikers neat wurdich te wêzen. It is twifelich oft it Amerikaanske regear op dat stuit de kolonisaasjeweach noch tsjinkeare kinnen hie, mar wichtiger is dat it dat hielendal net woe. Krektoarsom, al yn 1872 begûnen de Amerikanen plannen te meitsjen foar it timmerhout dat Black Hills leverje koene. Dat yn 1874 Custer útstjoerd waard om yn 'e Black Hills nei goud te sykjen, bewiist dat it Amerikaanske regear net fan doel wie om 'e ôfspraken nei te kommen, want wat koe it skele oft der goud te finen wie op lân dêr't it doch nea ekploitearre wurde koe? It leit foar de hân dat de Lakota dizze gong fan saken mei arguseagen folgen.
De ekspedysje krong de Black Hills út it noarden wei binnen, en reizge stadich súdoan mei in tempo fan soms net mear as 6,5 km deis. Op 31 july berikte de bagaazjetrein Harney Peak, in heuveltop dy't Custer yn 'e mande mei kapteinWilliam Ludlow en trije of fjouwer oaren beklom. Underwilens sloech de rest fan 'e ekspedysje in kamp op oan 'e foet fan 'e heuvel, op in plak dat se Custer Park neamde, en dêr't letter it stedsje Custer stifte wurde soe. Dat waard it basiskamp foar de ekspedysje en Custer late dêrwei in lytser (en mobiler) detasjemint om in gaadlik plak te finen foar de oanlis fan in fort. Tsjin 2 augustus hie dat lytsere detasjemint in plak op likernôch 14 km súdeastlik fan Harney Peak berikt, dat se Agnes Park neamden. Underweis hiene se in stikmannich freedsume moetings mei de pleatslike Lakota hân, dy't ree wiene om it kommen en gean fan Custer-en-dy foarearst oan te sjen. Op 7 augustus skeat Custer in grizzlybear, dêr't er neitiid altyd mei pronke as syn grutste prestaasje as jager.
Wylst Custer himsels op dy wize kostlik fermakke, wiene de boargerwittenskippers dy't mei de ekspedysje reizge wiene, drok yn 't spier om goud te trasearjen yn 'e rivieren. Fan 'e earste ûntdekking fan goud yn 'e Black Hills is net bekend wa't dêr ferantwurdlik foar wie, hoewol't de goudsiker William McKay, dy't de ekspedysje beselskippe, yn syn deiboek skreau dat hy dejinge wie dy't it earste greintsje goud fûn. Op 1 augustus waard de earste ûntdekking dien fan in oansjenlike hoemannichte goud, doe't men by proeven fan 'e grûn út 'e French Creek fêststelde dat in goudsiker dêr samar $150 deis fertsjinje koe. Custer skreau op 15 augustus yn in brief oer de ûntdekking oan 'e assistint-adjudant-generaal fan it militêre Departemint fan Dakota dat "der gjin twifel bestiet oer it foarkommen fan ferskate metalen ferspraat troch de heuvels." Syn berjocht waard troch de ferkenner Charley Reynolds nei Fort Laramie ta brocht, en dêrwei waard it nei it easten fan 'e Feriene Steaten ta tillegrafearre.
Op 15 augustus sette de ekspedysje ôf op 'e weromweis nei Fort Abraham Lincoln, dêr't men op 30 augustus arrivearre. De Yndiaanske ferkenners waarden op 10 septimber út tsjinst ûntslein, sadat se weromkeare koene nei harren reservaten. Yn totaal hiene Custer en syn ekspedysje in ôfstân fan 1.421 km ôflein en hiene se 60 dagen op 'en paad west. Nettsjinsteande de fijannige hâlding fan 'e Lakota foar de ekspedysje oer, hie der gjin inkele wapene konfrontaasje plakfûn. De iennichste deade dy't ûnder de ekspedysje foel, wie it slachtoffer fan in ûngemak.