De namme ferwiist nei de Fryske marren. De Nederlânske ferzje fan dizze namme, De Friese Meren, waard brûkt as wurknamme en ynearten ek as offisjele gemeentenamme. De gemeenterie hat it foech om 'e namme fan in gemeente te feroarjen, dat de wurknamme wie net definityf. Tagelyk mei de gemeenteriedsferkiezings is der in referindum holden. Bewenners mochten dêrby sels ek in namme yn tsjinje. Fan 'e ynwenners keas 42,4% foar de Nederlânske namme De Friese Meren, 41,6% foar de Fryske namme 'De Fryske Marren', 2,9% foar 'Marrelân' en 1,8% foar 'Sudergoa'.
Yn it koälysjeakkoard tusken FNP en CDA waard lykwols dochs besletten om foar de Fryske namme 'De Fryske Marren' te kiezen. De FNP wie by de gemeenteriedsferkiezings de grutste partij wurden en syn doel wie en kies foar in Fryske namme. Koälysjepartner CDA stimde dêrmei yn. De FNP ferdigenet syn stânpunt mei it argumint dat in mearderheid fan 'e befolking (53%) him yn it referindum útspriek foar in Fryske namme, wêrby't men de oare beide Fryske nammefoarstellen meirekkenet. Boppedat is de FNP de grutste partij wurden en stie dúdlik yn it partijprogram dat dy foar in Fryske namme wie.
De foarstelde nammeferoaring waard op 23 april2014 troch de nij ynstelde gemeenterie bekrêftige mei 19 tsjin 12 stimmen en gie op 1 july2015 yn. Der kaam wat opskuor tsjin de nammeferoaring. De benammen út ûndernimmers besteande stifting 'Vrienden van de Friese Meren'[1] fierden noch in efterhoedegefjocht tsjin wat neffens harren sizzen jildfergriemen wie, mar krigen har sin net.
Plakken
Der binne 51 plakken yn de gemeente, wêrfan Sleat de iennichste stêd is.