De flagge fan Wikel is de flagge fan it doarp Wikel, yn de Fryske gemeente De Fryske Marren. De flagge waard yn 1989 registrearre.
Beskriuwing
De beskriuwing fan de flagge is:
Twa like lange banen fan giel en grien; yn de giele baan oan de broekside in reade wikel yn opfleanhâlding, en yn de griene baan oan de broekside in wite hoarn.
Giele baan: ferwiist nei de sângrûn dêr't it doarp op leit. De kleur is oernommen út it wapen fan Gaasterlân-Sleat, de gemeente dêr't it doarp eartiids part fan wie.
Griene baan: ferwiist nei de polders yn de omkriten fan it doarp. De kleur is oernommen út it wapen fan Gaasterlân-Sleat.