By de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie men fan doel om it âlde Wymbritseradiel mei de beide stedsgemeenten Snits en Drylts, dy't der as enklaves alhiel troch omjûn waarden, ta ien gemeente gear te foegjen. Nei ferheftige protesten fan 'e ynwenners fan Snits, dat selsstannich bliuwe woe, mar ek fan Wymbritserdiel, dêr't freze waard dat Snits binnen de nije gemeente te oerhearskjend wurde soe, joech men dat plan lykwols op.
By einbeslút waarden it âlde Wymbritseradiel en Drylts gearfoege, wêrby't it gemeentehûs yn 1986 yn Drylts kaam te stean (it gemeentehûs fan it âlde Wymbritseradiel hie altyd bûten de eigentlike gemeentegrinzen yn Snits stien). De gemeente Snits bleau selsstannich, mar mocht de doarpen Ysbrechtum, Loaiïngea en Offenwieranneksearje, dy't earder altyd ta it âlde Wymbritseradiel heard hiene. Fierders kaam Nijhuzum by Nijefurd te hearren. Oan de oare kant kamen Kûfurderrige fan Doanjewerstâl en Greonterp fan Wûnseradiel by it nije Wymbritseradiel.
Yn 2010 is de lânynrjochting Wymbritseradiel ôfsletten. By dy ynrjochting fan njoggentjin jier binne maatregels foar de lânbou naam en 245 bunder natoer oanlein.