Sûnt de tafoeging fan in diel fan it eardere Boarnsterhim, yn 2014, hie de gemeente in totaal oerflak fan 841,56 km², wêrfan 459,64 km² lân en 381,92 km² wetter. As allinnich nei lânoerflak sjoen wurdt, wie Súdwest-Fryslân dêrmei de grutste gemeente fan Nederlân, mar as wetteroerflak meirekkene wurdt, moat it de Noardeastpolder noch foargean litte.[4] Nei't heal Littenseradiel op 1 jannewaris2018 yn Súdwest-Fryslân opgien wie, krige de gemeente der noch 68,39 km² by,[5] sadat it totaal doe útkaam op 909,95 km².
Yn oanrin nei de fúzje waard yn april2009 yn 'e fiif gemeenten troch de gemeenterieden stimd oer de weryndieling. Yn de gemeenten Boalsert en Snits waard unanym foar de fúzje keazen, yn Nijefurd, Wûnseradiel en Wymbritseradiel wie allinnich de FNP tsjin.[6] Hjir kaam út dat 95% fan de riedsleden foar wiene. Neffens in ûndersyk yn 'e Ljouwerter Krante fan 16 jannewaris2010 wie 54% fan de ûnderfrege boargers foar de weryndieling, mar it tal foarstanners lei yn 'e stêd Snits dúdlik in stik heger as op it omlizzende plattelân.[7]
De nije gemeente keas as wurknamme foar 'Súdwest Fryslân' (sûnder keppelteken), as ferwizing nei de Súdwesthoeke. Dêrtsjin makke boargemaster Onno van Veldhuizen fan Hoarn yn desimber2009 beswier út namme fan njoggen gemeenten yn 'e NoardhollânskelânstreekWest-Fryslân om't dy namme foar betizing soargje soe. Dat beswier waard lykwols troch de fúzjegemeenten njonken har dellein.
Begjin 2010 rôpen de belutsen gemeentebestjoeren harren ynwenners op om mei te tinken oer de definitive namme fan 'e nije gemeente. Ut de ynstjoerings keazen de fiif gemeentebestjoeren elts in suggestje. Fjouwer fan 'e gemeenten skoden de wurknamme 'Súdwest Fryslân' foarút, wylst Snits graach utering jaan woe oan syn dominante posysje yn 'e nije gemeente troch de namme 'Sneek Súdwest Fryslân' oan te dragen. Dat lêste foarstel waard lykwols troch de oare gemeenten nei de foddekoer ferwiisd. Dêrnjonken wie der yn dyselde snuorje in aksjegroep aktyf dy't 'Súdwest Fryslân' as te keunstmjittich beskôge en leaver 'Súdwestergoa' seach, nei it histoaryske Fryske kertier Westergoa. Dit inisjatyf krige lykwols likemin foet oan 'e grûn. Sadwaande naam de nije gemeente op 31 maart2011 offisjeel de namme 'Súdwest Fryslân' oan. Nei beswier fan 'e Fryske Akademy, dat dy stavering wier net koe, besleat de gemeenteried yn 'e gearkomste fan 26 maaie2011 om 'e namme te wizigjen ta 'Súdwest-Fryslân' (mei keppelteken).[8]
Neffens gegevens datearjend fan 30 april2017 hie Súdwest-Fryslân doe in befolking fan 84.028 persoanen, wat soarge foar in befolkingstichtens fan 99,8 minsken de km². De fyftjin doarpen fan Littenseradiel dy't op 1 jannewaris2018 by de gemeente foege waarden, hiene mei-inoar 5.546 ynwenners,[9] sadat it totale ynwennertal fan Súdwest-Fryslân doe op 89.574 útkaam. Dêrmei sakke de befolkingstichtens nei 98,4 minsken de km².
↑Weryndielingsûntwerp Gemeenten Franekeradeel, Het Bildt, Leeuwarden, Littenseradiel, Menameradiel en Súdwest-Fryslân (definitive ferzje), oktober 2015, webside Gemeente Littenseradiel.
↑Súdwest Fryslân heeft een streepje voor. yn it riedsferslach 26 maaie 2011, op 'e webside www.GmeenteSudwestFryslan.nl.
↑Weryndielingsûntwerp Gemeenten Franekeradeel, Het Bildt, Leeuwarden, Littenseradiel, Menameradiel en Súdwest-Fryslân (definitive ferzje), oktober 2015, webside Gemeente Littenseradiel.
↑Bosma, Willem, Marginale groei naar hoogste inwonertal ooit, yn: de Ljouwerter Krante, 31 desimber 2018, s. 26.
↑Utslaggen Ljouwerter Krante, 23 novimber 2017, s. 4.
↑Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022, s. 27.