Drylts is ûntstien oan 'e Alde Ie of Yem ien fan de feanfearten yn súdlik Fryslân. Dat wie fan âlds in rivierke dat de Sudersee ferbûn mei de Middelsee. Oan 'e Ie tanket it stedsje syn namme. Hjoed oan 'e dei binne der noch mar in pear fragminten fan it eardere rivierke oer. Ien dêrfan foarmet de sintrale as fan Drylts en hat it karakter fan in grêft. Pal foar de huzen lâns rint de strjitte en de tunen lizze oan 'e oare kant fan 'e strjitte oan de kant fan 'e Ie. Dizze oan it wetter grinzende túntsjes, 'bleken' of 'oertunen', hearre by de oan 'e grêften lizzende huzen en waarden eartiids brûkt om 'e wask te drûgjen. De tunen binne foar in diel noch yn partikuliere hannen en binne yn 2003, krekt as it eardere stedhûs, brûkt as filmdekôr foar de Kameleon-filmSkippers fan de Kameleon mei as regisseurSteven de Jong.
Yn 'e Midsiuwen stie Drylts behalven om hannel fral ek bekend om syn skipsbou, eat dat noch blykt út it skip dat werjûn wurdt op it wapen fan Drylts en de flagge fan 'e stêd. Yn syn bloeitiid wie der ek in soad mei de skipsbou ferbân hâldende houthannel yn Drylts. Der hat noch lang yndustry west dy't út dy tradysje fuortkaam, mar oan it begjin fan de ienentweintichste iuw binne de lêste oerbliuwsels dêrfan troch fúzjes út de stêd ferdwûn.
It bekendste foarbyld fan 'e houtyndustry yn Drylts wie de firma Nooitgedagt dy't ark, houten boartersguod en redens makke. Om 1990 ferfear it fabryk nei it yndustryterrein. Dielen fan de âlde fabriken binne sloopt. Der stiet noch mar ien âld gebou, it earste Nooitgedagt-fabryk, dat alhiel renovearre is. DIt lêst boude autentike fabryksgebou - it earste yn Nederlân dat hielendal fan beton makke waard - is mids oktober2004 sloopt. In pear jier earder hold de firma Nooitgedagt op te bestean troch in oername. Yn it nije gebou sit no in oar bedriuw. Saillant detail is dat der sa'n tsien jier diskusjearre is oer it ynfoljen fan it terrein. Al dy tiid stie it gebou der leech en ferpaupere by. Nei oktober2004 begûn in diskusje oer it behâld fan de âlde fabryksskoarstien, dy't yn 2007 renovearre waard. Dêrby waard it bouwurk ta syn oarspronklike hichte werombrocht, lykwols net as eartiids mitsele waard mar yn 'e foarm fan in stielen staketsel (keunstwurk). Mids 2005 is der op it âlde fabryksterrein in nij wenwykje setten.
By dy gemeentlike weryndieling fan 1984 wie besletten dat net allinnich Drytls en Wymbritseradiel gearfoege wurde moasten, mar ek Snits. Fanwegen fûleindige protesten yn 'e Wetterpoartestêd wist Snits lykwols syn selsstannigens te behâlden. Dêrtroch waard Drylts it haadplak fan 'e nije gemeente. Yn 1985 kaam oan de noardkant fan Drylts it nije gemeentehûs ree. It âlde stedhûs, dat te lyts wurden wie, kaam yn gebrûk as plysjeburo. In oantal jierren letter waard it ferkocht oan partikulieren; it is no in wenhûs.
Nettsjinsteande de lang oanholden bestjoerlike skieding tusken Drylts en Snits, is Drylts dochs foar in grut part op Snits rjochte; it hat bygelyks in soad ynwenners dy't yn Snits harren wurk hawwe. Oan de oare kant is der yn Drylts in tige ryk ferieningslibben, dat somtiden sels ynwenners fan Snits oanlûkt.
Mûne "De Rôt" is in houtseachmûne dy't yn 1683 boud waard yn de Saanstreek. Om 1829 helle de eardere Dryltser houthandel Oppedyk de mûne nei Drylts om him dêr wer op te bouwen. De mûne wurdt noch hieltyd brûkt om te seagjen en kin besichtige wurde.
Mienskip
Yn it eardere gymnastyklokaal sit sûnt de santiger jierren 't Mienskipshûs. It Mienskipshûs is sûnt in oantal jierren sloopt en op it plak binne nije wenningen boud. De Rôt en De Iendracht binne de twa buertferienings. De Twine en De Kogge binne de beide basisskoallen. It Dryltser Kypmantsje is it pleatslike krantsje.
De 'Utherne' is in sportkompleks oan de eastkant fan Drylts (tichtby houtseachmole De Rot) en beslacht in tal sportfjilden en in sporthal (mei 2 sealen).
Ferienings
Konkordia - muzyk
Folk Drylts , shantykoar - koaren
IJ.V.C. (Dryltser Fuotbal Klub) is sûnt 1925 de pleatslike fuottbalklub, mei as thúsbasis sportpark de Útherne, oan de eastkant fan Drylts.
Nije Moed - keatsen
Effekt '78 - tafeltennis
De Stânfries - turnen, follybal
Sterke Yerke - silen
Fierljepferiening
Tsjerken
Mauritiustsjerke, de eardere herfoarme tsjerke, tsjintwurdich de tsjerke fan de PKN-gemeente fan Drylts
Stedsleanetsjerke, de eardere grifformearde tsjerke, tsjintwurdich kultureel sintrum en út en troch yn gebrûk as tsjerke