Sleat is ûntstien út in sterkte dy't yn de 13e iuw boud waard dêr't it wetter fan Snits nei Teakesyl krúst waard troch de wei fan Gaasterlân nei Doanjewerstâl. De delsetting stie by in stins fan de famylje Van Harinxma thoo Slooten, en wurdt op in oarkunde fan 30 augustus1426 as stêd neamd. By de stêd hawwe in oantal fjildslaggen west, yn 1420 en 1496. Yn 1523 is it stedsje as lêste Fryske fêstiging yn hannen fallen fan de erfgenamten fan de greven fan Hollân. By it belis fan Sleat yn 1523, dêr't Fryske en Gelderske troepen legere wienen, is de Hollânske ealman Jan fan Wassenaar deadlik ferwûne rekke. De ealman wie de lêste Hollander dy't omkaam yn de striid om de hearskippij oer Fryslân.
Sleat lei oan de wichtige wetterferbining fan Snits nei de Sudersee en sa fierder nei de hânzestêden oan de Isel. Yn Sleat kruse dy wetterwei mei de lândyk fan Dútslân nei Starum. Op dy krusing koe dêr dus tol hefd wurde en strategyske kontroles hâlde. De lânwei rûn oer Doanjewerstâl oer de gaasten (sânrêgen) oer Sleat, dêr't de wetterwei te oerbrêgjen wie, nei Gaasterlân en sa fierder nei Starum, dat yn de midsiuwen al in grutte en wichtige hannelsstêd wie.
Yn 1581 krige Sleat fiif bastions en fjouwer poarten: twa wâlpoarten en twa wetterpoarten oan beide kanten fan It Djip. De poarten binne boud foar de tolheffing.
Ek yn de Tachtichjierrige Kriich foarme Sleat in wichtige kaaiposysje. De Spanjerts hawwe it stedsje noch besocht te feroverjen troch manskippen te ferstopjen yn in bierskip. De list mislearre. Oan de ein fan de Twadde Wrâldkriich bliezen de Dútsers de brêge oer de Ie op om de fuortgong fan Kanadeeske troepen te fertraagjen.
Tsjintwurdich is Sleat net mear fan strategysk belang. It stedsje lûkt no in soad wettersporters, deitoeristen en misken dy't in oangename wenomjouwing sykje. Oan de súdkant fan it stedsje is yn de jierren 70 in jachthaven oanlein dêr't ek inkelde wettersportbedriuwen sitte. Ek stiet der yn it stedsje in grutte fabryk dy't diel útmakket fan Sleat, in bedriuw dat feefoer makket foar jongfee. En fierders is der yn de omkriten in soad feehâlderij dy't tige wichtich is foar de lokale ekonomy.
De oarspronklike bewâling fan it stedsje is suver hielendal beholden en de oarspronklike struktuer fan Sleat is ek hast hielendal yntakt. De festing wie ûntwurpen troch de bekende festingbouwer Menno van Coehoorn, dy't yn it tichtby lizzende Wikel begrioeven leit. Sleat wie yn festingtermen de ideale stêd, har foarm hat in soad fan in sipel, it stedsje wurdt dan ek wol de "sipelstêd" neamd.
It stedsje is ek ien fan de stimpelplakken fan de Alvestêdetocht.
Mienskip
Sleat hat in feriening foar Pleatslik belang. De Poarte is it sosjaal-kultureel sintrum. De Klinkert is de basisskoalle fan de stêd.
ferskate âlde antike wenhuzen út de 17e iuw en de 18e iuw;
twa wetterpoarten: de Lemster- en Snitserpoarte;
wetterwei It Djip mei grêftepanden
De Kaai, de nôtmole út 1755 (oant 2006 gewoanwei Nôtmole neamd). By de nôtmole De Kaai stiet in âld kanon dat yn it seizoen elke freedtejûn ôfsketten wurdt troch de stedsskutterij fan Sleat.
Lytste stêdsje fan de wrâld
Neffens Albert Hendriks [2] fan it "toeristenburo Friesland Holland" is Sleat de lytste stêd fan de wrâld en net it BelgyskeDurby dat op dit stuit de namme hat de lytste te wêzen. Hy komt ta dizze konkluzje as er it oantal ynwenners, it oerflak en de struktuer fan de stêden mei inoar fergeliket. Yn Nederlân meitsje ek it GelderskeBronkhorst, it Siuwske Sint Anna ter Muiden en it Gelderske Staverden oanspraak op de titel lytste stêd fan de wrâld.
Ferskaat
Yn de simmer wurdt eltse freed in kanûn ôffjurre troch de skutterij fan Sleat. Eltse simmer hâldt Sleat Sipelsneon.
Yn 2010 waard mei akteurs neispile dat it Spaanske leger yn 1588 besocht temûk in bierskip fol soldaten it stedshert yn te kringen. Se wurde ier genôch ûntdekt en nei is striid ferballe.