Riis

Riis
Filla Moai Gaasterlân
Filla Moai Gaasterlân
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
Sifers
Ynwennertal 185 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 5,42 km² (5,38 km² lân, 0,04 km² wetter)
Befolkingsticht. 34 ynw. /km²
Oar
Postkoade 8572
Netnûmer 0514
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 52' NB, 5° 30' EL
Slottún Riis
Slottún Riis
Offisjele webside
Webside fan Bakhuzen, Murns en Riis
Kaart
Riis (Fryslân)
Riis
Kaart
Filla Moai Gaasterlân
Himrik fan Riis yn de eardere gemeente Gaasterlân-Sleat

Riis is in streekdoarp yn 'e Súdwesthoeke en de gemeente De Fryske Marren. It leit oan 'e noardeastkant fan 'e dêrnei ferneamde Rysterbosk, oan 'e wei fan Aldemardum nei Himmelum. It doarp is benammen bekend fan it hûs Moai Gaasterlân en fan it Konkoers Hippyk Riis, dat lykwols sûnt 2005 yn 'e himrik fan it buordoarp Harich is.

Riis hat 185 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Skiednis

Der wie yn 'e prehistoarje al bewenning yn 'e omkriten fan Riis. De yn 1849 yn 'e Rysterbosk fûne stienkiste fan Riis tsjûget fan bewenning út 'e tiid fan 'e klokbekerkultuer, de iennige fan soksoarte grêfheuvels yn Fryslân.
Riis waard foar it earst neamd yn 1333 as ferwizing nei in foarwurk fan it Starumer Sint-Odulfuskleaster as Riis. De gebouwen fan it foarwurk binne nei alle gedachten yn 1495 ferwoastge, dêr't de oerbliuwsels fan letter yn Himmelum wer brûkt waarden. Yn de 17e en 18e iuw komt Rys foar. It elemint riis(hout) (tûken, twigen) is foar it doarp yn gebrûk rekke.[2]

Yn 'e 19e en 20e iuw woeks it plak troch lânoanmakkerij út ta in doarp. Foar dy tiid wie it net mear as in buorskip en foel it ûnder de himrik fan Murns. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 hearde Riis sûnt minskewitten ta de gemeente (en dêrfoar de gritenij) Gaasterlân. Fan 1984 oant 2014 foel it ûnder de gemeente Gaasterlân-Sleat.

Huzinge Riis

De Wikipedy hat ek in side Huzinge Riis.
Huzinge Riis troch Jacobus Stellingwerff (1721)

De earste eigener fan Riis wie de aadlike famylje Galama út Koudum waans stins stie oan wat no de Smitsleane by Riis hjit. De Galama's lieten de toarre heide ta fruchtbere grûn meitsje. Letter kaam it gebiet yn hannen fan de famylje Schwartzenberg. Dy lieten in Schwartzenbergfeart (no Ryster Feart) nei Kolderwâlde grave.

Markant ûnderdiel fan Riis wie Huzinge Riis, eartiids it Slot, boud troch de hear De Ruyter de Wildt. Dêr hawwe de famylje Schwartzenberg, Jonkhear Ulbo Aylva Rengers en syn soan Lamoraal Albert Aemelius Rengers en letter de Van Swinderens wenne. It slot waard yn 1937 sloopt. Inkelde jierren letter wie de grûn fan It Fryske Gea. Fan 2007 oant 2010 waard dêr in Ingelske Slottún oanlein.

Om it hûs hinne kaam nei 1850 mear bebouwing. Dêr ferriisden guon filla's, in hotel en wenhuzen. Ien fan de meast tekenjende filla's dy't hjoed-de-dei noch bestiet is it yn 1912 boude Moai Gaasterlân. Ea wie dat in bûtenhûs fan in aadlike famylje, letter waard it in bernekoloanjehûs. Tsjintwurdich is it in medysk Bernetehûs.

Njonken dy filla stiet sûnt 1947 in kapeltsje fan de Dochters fan ús Leave Frou fan it Hillige Hert. Dy fûnen harren oarsprong yn 1882 yn Issoudun yn Frankryk. It haadkleaster foar Nederlân stiet yn Tilburch.

Leauwe

It kristlik leauwe kaam yn de 8e iuw nei Riis. Yn 830 stifte Odulf in kapittel yn Starum. Nei't dy yn ferfal rekke, waard it yn 1132 omset yn in Abdij fan Benediktinen. Dy abdij hie ûnder oaren in úthôf yn Riis. Dat wie in kapel wêryn't in byld fan Marije yn Fryske klaaiïnge stie. Dêrtroch waard Riis in soarte beafeartsoarde. Yn 1400 waard de abdij yn Starum ferwoastge. Fyftjin jier letter waard begûn mei de weropbou súdlik fan Starum, mar de abt en in diel fan de muontsen hiene har yn de úthôven yn Riis en Himmelum fêstige, dêr't gjin tafersjoch wie. De Abdij waard slim teheistere troch Ige Galama en op 'e nij ferwoastge. Yn 1495 waard er nei Himmelum ferset.

Rysterbosk

Rysterbosk
It Fredestimpeltsje fan Riis
De Wikipedy hat ek in side Rysterbosk.

Yn de Rysterbosk stiet al mear as 190 jier in Fredestimpeltsje. Dat is dêr delset doe't keizer Napoleon nei Elba ferballe waard en Fryslân fan dy Frânske hearsker befrijd waard. Middenyn de bosk is no in teätertún, yn it heechseizoen wurde dêr ferskate (lytsskalige) konserten jûn en winterdeis in bysûndere krystmerk.

Begjin fan de 20e iuw stie der in stienfabryk tichteby Riis. De liemgatten binne noch werom te sjen yn 'e stikken lân dêromhinne. Yn 1916 waarden dêr in hûnderttal Belgyske húshâldings, dy't flechtsje moasten yn de Earste Wrâldkriich, ûnderbrocht.[3]

Yn 'e Twadde Wrâldkriich wie de bosk it lansearplak fan V2-raketten. Yn septimber 1944 waarden yn in tal wiken troch it Dútske 444 Art. Lehr-Versuchbataljon likernôch 70 raketten ôffjurre, ynearsten nei Súdeast-Ingelân en letter nei de haven fan Antwerpen dy't foar de alliearde opmars fan grut belang wie. Yn en om de bosk hinne noch spoaren fan it ôffjurjen fan de V2-raketten te sjen.[4][5]

Fûgelpark

De Wikipedy hat ek in side Sybrandy's Boarterspark.

Yn 1964 iepene Sybrandy syn boartersplak, dat ek wol bekend as it fûgeltsjepark. Dêr wiene boarterstunen benefter "Hotel Gaasterlân" en "Hotel Jans", dêr't in soarte fan in trein op in minymonorail op it terrein stie. Der waarden ferskate dûnsjûnen benefter Hotel Jans organisearre. Yn 1970 waard it festival Peace op Rijs fierd, dat fannijs yn 2012 troch de organisaasje teätertún Riis oerdien waard as Gaasterlân popfestival Love en peace, in fonkje flower power yn Riis. De teätertún waard yn âlde gloarje weropboud. Dêr wurde gauris muzykfestivals en oare eveneminten organisearre.

Mienskip

Riis is al jierren in toeristysk plak. Der binne dan ek in oantal kempings, twa hotels, fjouwer restaurants en in attraksjeparkje dat geografysk besjoen eins ûnder Aldemardum falt. Mei Bakhuzen en Murns wurket Riis in soad gear op mêd fan it ferieningslibben. It Doarpsbelang komt op foar de belangen fan 'e trije doarpen. Doarpskrante Op 'e Hichte ferskynt alle moannen.

Ferienings

  • Foar ferienings sjoch op de side fan Bakhuzen.

Befolkingsferrin

1954 1959 1964 1969 1974 2004 2013 2024
363 358 291 287 237 140 180 175

Boarne: Alle Cijfers (2013 en 2024)

Ferneamde ynwenner

Strjitten

De Griene Leane, Inkhuzerleane, Freule van Swinderenleane, Leise Leane, Marderleane, Mientwei, Murnserleane, Smitsleane.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

De Fryske Marren
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideIwertDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
· · Berjocht bewurkje

Read other articles:

Perang Han–Xiongnu 漢匈戰爭Kaisar Wu menugaskan Zhang Qian ke Asia Tengah, lukisan Gua Mogao, abad ke-8Tanggal133 SM – 89 M 90–91 M (ekspedisi hukuman)LokasiTiongkok, Mongolia, Siberia, dan Asia TengahHasil Kemenangan besar HanPihak terlibat Xiongnu Dinasti HanTokoh dan pemimpin Chanyu Junchen Chanyu Yizhixie Raja Hunye  Raja Xiutu † Chanyu Zhizhi † ...dan lainnya Kaisar Wu Jenderal Wei Qing Jenderal Huo Qubing Jenderal Dou Gu Jenderal Ban Chao Jenderal Dou Xian ....

 

Gerakan anti-nuklir di Jerman mempunyai sejarah yang panjang, dimulai semenjak awal 1970-an ketika terjadi demonstrasi besar-besaran yang menyuarakan penghentian konstruksi pabrik nuklir di Whyl. Lokasi delapan reaktor nuklir (Biblis A and B, Brunsbuettel, Isar 1, Kruemmel, Neckarwestheim 1, Philippsburg 1 and Unterweser) yang diputuskan untuk ditutup secara permanen pada 6 Agustus 2011, setelah terjadinya bencana nuklir di Fukushima.[1] Sejarah Awal Gerakan anti-nuklir di Jerman dimu...

 

Peta menunjukan lokasi Garchitorena Garchitorena adalah munisipalitas yang terletak di provinsi Camarines Sur, Filipina. Pada tahun 2015, munisipalitas ini memiliki populasi sebesar 27.010 jiwa. Pembagian wilayah Secara politis Garchitorena terbagi menjadi 23 barangay, yaitu: Ason (Ansony Bahi Binagasbasan Burabod Cagamutan Cagnipa Canlong Dangla Del Pilar Denrica Harrison Mansangat Pambuhan Sagrada Salvacion San Vicente Sumaoy Tamiawon Toytoy Pranala luar Philippine Standard Geographic Code ...

Artikel ini membutuhkan rujukan tambahan agar kualitasnya dapat dipastikan. Mohon bantu kami mengembangkan artikel ini dengan cara menambahkan rujukan ke sumber tepercaya. Pernyataan tak bersumber bisa saja dipertentangkan dan dihapus.Cari sumber: Elektrokardiogram – berita · surat kabar · buku · cendekiawan · JSTOR (Januari 2018) Cambridge Simpliscribe, instrumen elektrokardiogram terkenal pada tahun 1950-an dan 1960-an. Teknologi saluran kosong. Elek...

 

العلاقات اليونانية الليختنشتانية اليونان ليختنشتاين   اليونان   ليختنشتاين تعديل مصدري - تعديل   العلاقات اليونانية الليختنشتانية هي العلاقات الثنائية التي تجمع بين اليونان وليختنشتاين.[1][2][3][4][5] مقارنة بين البلدين هذه مقارنة عامة ومرجع...

 

For the television station in Nampa–Boise, Idaho (1958–1960), see KCIX-TV. Radio station in Idaho, United StatesKCIXGarden City, IdahoUnited StatesBroadcast areaBoise metropolitan areaFrequency105.9 MHzBrandingMix 106ProgrammingFormatAdult Top 40AffiliationsCompass Media NetworksOwnershipOwnerTownsquare Media(Townsquare License, LLC)Sister stationsKAWO, KFXD, KIDO, KSAS-FM, KXLT-FMHistoryFirst air dateJanuary 1, 1985Technical information[1]Licensing authorityFCCFacility ID13750Cla...

Daftar keuskupan di Swedia adalah sebuah daftar yang memuat dan menjabarkan pembagian terhadap wilayah administratif Gereja Katolik Roma yang dipimpin oleh seorang uskup ataupun ordinaris di Swedia . Para uskup di wilayah Swedia bergabung bersama para uskup di wilayah Skandinavia dalam Konferensi Waligereja Skandinavia.[1] Saat ini terdapat 2 buah yurisdiksi, di mana 1 merupakan keuskupan sufragan dan 1 merupakan eksarkat apostolik. Daftar keuskupan Ritus Latin Keuskupan Stockholm: An...

 

Синелобый амазон Научная классификация Домен:ЭукариотыЦарство:ЖивотныеПодцарство:ЭуметазоиБез ранга:Двусторонне-симметричныеБез ранга:ВторичноротыеТип:ХордовыеПодтип:ПозвоночныеИнфратип:ЧелюстноротыеНадкласс:ЧетвероногиеКлада:АмниотыКлада:ЗавропсидыКласс:Пт�...

 

Gaio Sulpicio PeticoConsole della Repubblica romanaNome originaleCaius Sulpicius Peticus GensSulpicia Legatus legionis362 a.C. Consolato364 a.C.361 a.C.355 a.C.353 a.C.351 a.C. Censura366 a C. Dittatura358 a.C. Gaio Sulpicio Petico[1] (in latino Caius Sulpicius Peticus; ... – ...; fl. IV secolo a.C.) è stato un politico e militare romano. Biografia Di origine patrizia, fu censore nel 366 a.C., anno in cui fu eletto il primo console plebeo, Lucio Sestio Laterano. Fu eletto...

André Rieu's cameo in 2009 was named Neighbours' weirdest storyline by an online poll Neighbours is an Australian television soap opera first broadcast on 18 March 1985. It was created by TV executive Reg Watson, who proposed the idea of making a show that focused on realistic stories and portrayed adults and teenagers who talk openly and solve their problems together. Neighbours has since become the longest-running series in Australian television and the seventh longest-running serial dram...

 

Review of the topic Part of a series onJews and Judaism Etymology Who is a Jew? Religion God in Judaism (names) Principles of faith Mitzvot (613) Halakha Shabbat Holidays Prayer Tzedakah Land of Israel Brit Bar and bat mitzvah Marriage Bereavement Baal teshuva Philosophy Ethics Kabbalah Customs Rites Synagogue Rabbi Texts Tanakh Torah Nevi'im Ketuvim Talmud Mishnah Gemara Rabbinic Midrash Tosefta Targum Beit Yosef Mishneh Torah Tur Shulchan Aruch Zohar History General Time...

 

List of events in the year 1490 ← 1489 1488 1487 1486 1485 1490 in Ireland → 1491 1492 1493 1494 1495 Centuries: 13th 14th 15th 16th 17th Decades: 1470s 1480s 1490s 1500s 1510s See also:Other events of 1490 List of years in Ireland Events from the year 1490 in Ireland. Incumbent Lord: Henry VII Events Thaddeus McCarthy appointed Bishop of Cork and Cloyne[1] References ^ Holdings: Blessed Thaddeus McCarthy, Bishop of Cork and... sources.nli.ie. Retrieved 4 April 2018. vteY...

Fraizer Campbell Campbell bermain untuk Hull City pada 2018Informasi pribadiNama lengkap Fraizer Lee Campbell[1]Tanggal lahir 13 September 1987 (umur 36)Tempat lahir Huddersfield, Yorkshire, InggrisTinggi 1,72 m (5 ft 7+1⁄2 in)[2]Posisi bermain PenyerangKarier junior2004–2006 Manchester UnitedKarier senior*Tahun Tim Tampil (Gol)2006–2009 Manchester United 2 (0)2006–2007 → Royal Antwerp (pinjaman) 31 (20)2007–2008 → Hull City (pinjaman) 34...

 

هذه المقالة عن المجموعة العرقية الأتراك وليس عن من يحملون جنسية الجمهورية التركية أتراكTürkler (بالتركية) التعداد الكليالتعداد 70~83 مليون نسمةمناطق الوجود المميزةالبلد  القائمة ... تركياألمانياسورياالعراقبلغارياالولايات المتحدةفرنساالمملكة المتحدةهولنداالنمساأسترالي�...

 

Військово-музичне управління Збройних сил України Тип військове формуванняЗасновано 1992Країна  Україна Емблема управління Військово-музичне управління Збройних сил України — структурний підрозділ Генерального штабу Збройних сил України призначений для планува...

Some of this article's listed sources may not be reliable. Please help improve this article by looking for better, more reliable sources. Unreliable citations may be challenged and removed. (July 2021) (Learn how and when to remove this message) Irish singer Mark GearyBackground informationBirth nameMark GearyBorn31 January 1971OriginDublin, IrelandGenresFolk, indie rock, folk rockOccupation(s)Musician, songwriter, singer, actorInstrument(s)Vocals, guitar, drumsYears active1992–presentLabel...

 

Canadian soccer player Amy Pietrangelo Pietrangelo with FF USV Jena in 2017.Personal informationFull name Amelia Filomena PietrangeloDate of birth (1993-07-14) July 14, 1993 (age 30)Place of birth Laval, Quebec, CanadaHeight 1.63 m (5 ft 4 in)Position(s) StrikerTeam informationCurrent team CS MonteuilYouth career CS MonteuilCollege careerYears Team Apps (Gls)2011–2014 Rutgers Scarlet Knights 70 (7)Senior career*Years Team Apps (Gls)2011 Laval Comets 4 (0)2013–2015 Lava...

 

中国自然保护区分为国家级自然保护区和地方各级自然保护区,指的是中華人民共和國境內的自然保护区,国家级自然保护区由国务院批准建立。 中国现有474处国家级自然保护区。各级自然保护地总数超过12,000个[1]。 批建时间 以下是国务院批复(或因有相关批示而可被视为)同意建立国家级自然保护区的日期: 1956年6月30日:鼎湖山计一处; 1975年3月20日:卧龙、蜂�...

Computer-based technologyIT redirects here. For the customer service colloquially referred to as IT, see Tech support. For other uses, see It (disambiguation). Infotech redirects here. For the Indian company, see Cyient. For the Hong Kong constituency, see Information Technology (constituency). Information science General aspects Access Architecture Behavior Management Retrieval Seeking Society Knowledge organization Ontology Philosophy Science and technology studies Taxonomy Related fields a...

 

Scattered global community of ethnic Ukrainians Map of the Ukrainian diaspora in the world.   Ukraine   + 1,000,000   + 100,000   + 10,000   + 1,000 The Ukrainian diaspora comprises Ukrainians and their descendants who live outside Ukraine around the world, especially those who maintain some kind of connection to the land of their ancestors and maintain their feeling of Ukrainian national identity within their own local community.[1] T...