De buorskip ûntstie yn de 19e iuw en is in oerbliuwsel fan it âlde plak Wollegaast, dy't op it eastlike part fan in glasiale driuwwâl lei. It taheaksel "-gaast" betsjut in sânige ferheging.
Spannenburch is neamd nei de bewenner fan de âlde, restaurearre útspanningHet Wapen van Friesland, Laas Tsj. Spannenburg, dy't dêr in herberch, huzinge Spannenburch, bouwe liet nei't de âlde Strjitwei fan Snits nei De Lemmer yn 1848 oanlein waard. It gebou waard brûkt fan materiaal fan de yn 1845 ôfbrutsen Doumastate yn Langwar. Op it plak krusen wetters en diken út ferkate rjochtingen inoar. De herberch waard letter in hotel en it gebou is hjoed-de-dei in ryksmonumint. De nammen Wollegaast en Spannenburch waarden yn 'e iere 20e iuw njonken inoar brûkt, dochs ferdwûn de earste namme sa stadichoan.
Sûnt 1937 is dêr in produksjebedriuw foar it meitsjen fan drinkwetter. Fierder stiet der in stjoermêst, faak "de PTT-toer" neamd. Dy toer fan Spannenburch is eigendom fan KPN en wurdt foar telekommunikaasje en radio-útstjoeringen brûkt. De betonkonstruksje is 145 meter, de totale sichtbere hichte 118 meter.