Doanjewerstâl
Doanjewerstâl (Nederlânsk en offisjeel: Doniawerstal) is in eardere gemeente yn it suden fan Fryslân. Dizze gemeente hie op 1 jannewaris 1980 6.284 ynwenners en besloech in oerflak fan 126,00 km². SkiednisDe gritenij waard om 1350 stiften, dêrfoar wie dizze gryt mei Lemsterlân ferbûn. De gritenij Doanjewestâl waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke. By de gemeentlike weryndieling fan 1984 is it grutste part opgongen yn in de nije gemeente Skarsterlân. Allinnich it stik westlik fan de Kûfurd is by Wymbritseradiel kaam. PlakkenIt haadplak wie Langwar, mei 856 ynwenners yn 1980, mar it grutste plak wie Sint-Nyk, mei in befolking fan 2.790 minsken. De oare doarpen yn de gemeente wienen: Boarnsweach, De Broek, Diken, Dunegea, Goaiïngaryp, Jiskenhuzen, Kûfurderrige, Legemar, Aldeouwer, Ousterhaule, Ousternijegea, Skarsterbrêge, Teroele en Tsjerkgaast. Sjoch ek
Information related to Doanjewerstâl |