Wûnseradiel is ûntstien út Wildinghe, ien fan de lannen fan Westergoa, dat sels tebekgiet oant yn 'e 14e iuw of mooglik noch earder. It hjit nei Wûns, nei alle gedachten om't it it rjochtsgebiet fan de Wûnzer werstâl wie. Yn de rin fan de tiid is de stêd Boalsert fan dit gebiet ôfskieden. Letter is noch mear gebiet by Boalsert foege.
Dit gebiet is al sûnt de terpetiid bewenne; der hawwe grûnfyndsten wêst út de lêste iuwen foar Kristus. Earst wie dit terpbewenning, mar yn de 10e iuw waard begûn mei de oanlis fan diken, lykas de Penjumer halsbân. Stadichoan waarden de slinken fan de Marne ôfsletten, en foarme him it hjoeddeiske gebiet. Op de ein fan de 19e iuw binne noch de trije grutte marren yn de gemeente ynpoldere: de Makkumer Mar, de Parregeaster Mar en de Warkumer Mar. Yn 1970 waard der in marreplan foar dizze marren presintearre, mar dat is net trochgongen. Fan de dyk tusken Koarnwert en Surch is yn 1928 it earste stik fan de Ofslútdyk oanlein; by de oanlis fan de dyk ûntstienen ek de doarpen Breesândyk en Koarnwertersân.
Wûnseradiel leit tusken yn it noarden Harns en it eardere Frjentsjerteradiel, yn it easten Littenseradiel, Boalsert en Wymbritseradiel, yn it suden Nijefurd, en yn it westen Noard-Hollân. It westlik part fan dit gebiet is it part fan de Ofslútdyk dat yn Fryslân leit en in stik fan it Iselmar súd dêrfan. Oer de Ofslútdyk, en troch it noardlik part fan de gemeente rint de A7. Súdliker ferbynt it Van Panhuyskanaal Makkum, oan de Iselmarkust, mei de Warkumer Trekfeart dy't troch it súdeasten fan de gemeente rint.