Tytsjerksteradiel (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Tietjerksteradeel) is in Wâld-gemeente yn Fryslân east fan Ljouwert. De gemeente hie op 1 jannewaris 2024 32.626 ynwenners (boarne: CBS) op in oerflak fan 161,41 km², wêrfan 12 km² wetter. De gritenij Tytsjerksteradiel waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke.
By de grutte gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1984 moast Tytsjerksteradiel ûnfrijwillich it rekreaasjegebiet De Griene Stjer ôfstean oan Ljouwert en it noardeastlike part fan De Alde Feanen oan Boarnsterhim.[2]
Plakken
It haadplak is Burgum, en de oare plakken yn de gemeente binne:
Aldtsjerk, Earnewâld, Eastermar, Feanwâldsterwâl (foar in part), Garyp, Gytsjerk, Hurdegaryp, Jistrum, Mûnein, Noardburgum, Oentsjerk, Ryptsjerk, Sumar, Suwâld, Tytsjerk en Wyns.
De buorskip Bartlehiem, by Aldtsjerk, bekend troch de Alvestêdetocht, heart ek foar in part ta Tytsjerksteradiel.
Sûnt 1989 binne de plaknammen offisjeel Frysktalich.
Op 'e grins fan Tytsjerksteradiel en Smellingerlân leit in mar fan 300 bunder, De Leien.
Polityk
Ferdieling gemeenteried
De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel bestiet út 23 sitten. De útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezings binne sûnt 2018:
partij
|
ferkiezings 2018[3]
|
ferkiezings 2022[4]
|
%
|
sitten
|
%
|
sitten
|
CDA
|
23,6
|
6
|
18,6
|
5
|
FNP
|
18,9
|
5
|
20,0
|
5
|
GrienLinks
|
15,0
|
3
|
9,4
|
2
|
VVD
|
13,9
|
3
|
10,4
|
2
|
PvdA
|
11,6
|
3
|
12,1
|
3
|
KristenUny
|
10,8
|
2
|
8,9
|
2
|
D66
|
6,8
|
1
|
5,9
|
1
|
BVNL
|
0
|
0
|
14,7
|
3
|
ûnjildich & blanko
|
0,3
|
|
0,1
|
|
opkomst/totaal sitten
|
60,4%
|
23
|
59%
|
23
|
Sjoch ek
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- ↑ Alle Cijfers
- ↑ Veltman, Melle, Hoe Achtkarspelen de fusiedans ontsprong, yn: de Ljouwerter Krante, 5 novimber 2018, s. 19.
- ↑ Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022
- ↑ Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022
|