West-Dongeradiel, ek wol stavere as Westdongeradiel (Nederlânsk en offisjeel: Westdongeradeel), wie in eardere gemeente yn it noardeasten fan Fryslân, mei 6.234 ynwenners (1 jannewaris 1981),[1] en mei in gebiet fan 66 km².[2]
Skiednis
It oarspronklike Dongeradiel, rekke yn de 14e en 15e iuw split yn Dongeradiel oan de eastside fan de Peazens (of Donger), en Dongeradiel westlik fan de Peazens. Tsjin 1500 wienen dy twa parten ôfsûnderlike gritenijen wurden: East- en West-Dongeradiel.
De grins fan West-Dongeradiel waard yn it noarden foarme troch de Waadsee. Yn it easten wie de Peazens mei de Alde Peazens de grins, mei oan de eastkant dêrfan East-Dongeradiel. Yn it suden waard de gemeente troch de gemeenten Dokkum en Dantumadiel beheind, wêrby't de grins mei Dantumadiel meast krekt wat noardliker as de Dokkumer Ie rûn. Yn it westen rûn de grins yn de omkriten fan de Holwerter Feart, mei oan de oare kant Ferwerderadiel.