De namme Haskerlân ferwiist oarspronklik nei haske of heesc: in gerssoarte. In populêre ferklearring ûnder de befolking wie lykwols dat it fan it wurd hazze komme soe.
Yn 1934 rekke de gemeente in stik lân ten easten fan it hjoeddeiske Nijehaske kwyt oan de dan nij te foarmjen gemeente It Hearrenfean. It plakje It Hearrenfean wie nammentlik grut wurden en oer de grinzen fan trije gemeentes groeid. Haskerlânsk buorgemeente Skoatterlân gie foar it meastepart op yn dizze nije gemeente. Mar it westlike diel fan dy gemeente, mei de doarpen Dolsterhuzen, Reahel, Rotstergaast, Rotsterhaule, Rottum en Sint-Jânsgea, waard by Haskerlân foege.