Nijefurd
Nijefurd (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Nieuweferd of Nijeferd) is in eardere gemeente yn it súdwesten fan Fryslân. Dizze gemeente hie op 1 jannewaris 2010 mei 10.957 ynwenners , en besloech in oerflak fan 289,17 km², wêrfan 192,49 km² wetter. SkiednisDe gemeente Nijefurd waard yn it ramt fan 'e gemeentlike weryndieling fan 1984 gearstald út it grutste part fan de eardere gemeente Himmelumer Aldefurd, feriene mei de gemeenten Warkum, Hylpen en Starum en it doarp Nijhuzum dat earder ta de âlde gemeente Wymbritseradiel heard hie. Om't 'Aldefurd' safolle sizze wol as "âld rjochtsgebiet", waard de nije gemeente 'Nijefurd' doe neamd. ![]() Op 1 jannewaris 2011 gie Nijefurd by in nije gemeentelik weryndieling yn 'e mande mei de gemeenten Boalsert, Snits, Wymbritseradiel, Wûnseradiel op yn 'e fúzjegemeente Súdwest-Fryslân. PlakkenIt haadplak fan Nijefurd wie Warkum, en de oare plakken yn de gemeente wiene: It Heidenskip, Koudum, Hylpen, Himmelum, Molkwar, Nijhuzum, Starum en Warns. Ek de buorskippen Boppebuorren, Galamadammen, Laaksum en Skarl hearden ta Nijefurd. Sjoch ek
Information related to Nijefurd |