De gemeente gie op 1 jannewaris1999 oer op in Fryske gemeentenamme en Fryske plaknammen. Dêrby waarden yn de Gemeentlike Basis Administraasje de Nederlânske troch de Fryske toponimen ferfongen.
Skiednis
Ferwerderadiel hie fan de 6e iuw f.Kr. oant de 12e iuw nei Kr. in gebiet fan terpbewenning west. Yn de 12e iuw begûn de oanlis fan diken, wêrtroch in folle grutter gebiet bewenber waard.
Ferwerderadiel wie yn dy tiid part fan Eastergoa, en nei't dat opspjalte waard, waard it in part fan de Noardlike njoggen. Fan 1242 ôf waard der skreaun fan grytmannen, mar pas yn de 15e iuw waarden de dielen selsstannich en waard Ferwerderadiel in gritenij.
Oant dy tiid wie ek it Amelân part fan Ferwerderadiel, mar yn 1405 waard it eilân selsstannich. Der bleaune al tsjerklike bannen, en ek wie der oant yn de 19e iuw yn Ferwerderadiel noch in fear nei it eilân. De gritenij Ferwerderadiel waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke.