Ljouwert (gemeente)

Ljouwert

De binnenstêd fan Ljouwert.
flagge wapen

Wapen fan Ljouwert
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
boargemaster Sybrand van Haersma Buma
   (CDA)
sifers en geografy
haadplak Ljouwert
grutste plak Ljouwert
ynwennertal 128.867 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 497,4 / km²
oerflak 252,38 km²
tal stêden 1
tal doarpen 35
ferkearsieren A31, A32, N355, N357, N359
skiednis
oprjochte 1435; weroprj.: 1943, 2014,
   2018
oant 1851 Gemeente Ljouwert
Gritenij Baarderadiel
Gritenij Idaerderadiel
Gritenij Ljouwerteradiel
Gritenij Raerderhim (diel)

1851 – 1984 Gem. Ljouwert
Gem. Baarderadiel
Gem. Idaerderadiel
Gem. Ljouwerteradiel
Gem. Raerderhim (diel)

1984 – 2014 Gem. Ljouwert
Gem. Boarnsterhim (diel)
Gem. Littenseradiel (diel)
Gem. Ljouwerteradiel

2014 – 2018 Gem. Ljouwert
Gem. Littenseradiel (diel)
Gem. Ljouwerteradiel
oar
netnûmer 058, 0566, 0517, 0518
postkoade 8831-8835, 8900–9089
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.leeuwarden.nl
Dizze side giet oer de gemeente Ljouwert. Foar de stêd, sjoch: Ljouwert (stêd).

Ljouwert (Nederlânsk en offisjeel:Leeuwarden; Stedsk: Liwwadden) is in gemeente yn 'e midden fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân. Oarspronklik wie dizze gemeente folle lytser as dat er no is, mei't der troch de jierren hinne ferskate kearen útwreide is, te witten mei dielen fan 'e buorgemeenten Ljouwerteradiel, Boarnsterhim en Littenseradiel. Yn 2018 gie Ljouwerteradiel sels hielendal yn Ljouwert op. De gemeente Ljouwert hie op 1 jannewaris 2024 in befolking fan 128.867 (boarne: CBS) en besloech in oerflak fan 252,4 km², wêrfan mear as 16 km² wetter.

De gemeente Ljouwert yn 1866.

Skiednis

Ljouwert is ûntstien út trije terpen op de râne fan de Middelsee, en krige yn 1435 stedsrjochten (en dêrmei in eigen bestjoer), wat sjoen wurde kin as it begjin fan 'e gemeente Ljouwert. Yn de 16e iuw krige de stêd it hiele Middeltrimdiel fan Ljouwerteradiel ta gebiet. Om't de Dútske besetter in rasjonele bestjoersstruktuer easke, waard ûnder de Twadde Wrâldoarloch, op 29 desimber 1943, by in gemeentlike weryndieling ek it Sudertrimdiel fan Ljouwerteradiel part fan de gemeente Ljouwert, dat de doarpen Goutum, Himpens, Huzum, Swichum, Tearns, Wytgaard en Wurdum omfieme. Tagelyk waarden yn it noarden dêropta de doarpen Lekkum en Miedum (ek fan Ljouwerteradiel) tafoege. By de grutte gemeentlike weryndieling fan 1984 krige Ljouwert it rekreaasjegebiet De Griene Stjer derby, dat oant dy tiid ta Tytsjerksteradiel heard hie.

Topografyske gemeentekaart Ljouwert

Op 1 jannewaris 2014 waard de gemeente Ljouwert útwreide mei it grutste part fan 'e op dy dei ophefte gemeente Boarnsterhim, mei de doarpen Eagum, Friens, Grou, Idaerd, Jirnsum, Reduzum, Warstiens, Warten en Wergea. Fjouwer jier letter, op 1 jannewaris 2018, folge in fierdere útwreiding mei de hiele gemeente Ljouwerteradiel en de noardeastlike helte fan Littenseradiel. Sadwaande kamen doe ek de doarpen Alde Leie, Britsum, Feinsum, Hijum, Jelsum, Koarnjum en Stiens (fan Ljouwerteradiel) en Baard, Bears, Easterlittens, Hilaard, Húns, Jellum, Jorwert, Leons, Mantgum en Weidum (fan Littenseradiel) ûnder de gemeente Ljouwert te fallen. Formeel, d.w.s. foar de wet, waard de gemeente Ljouwert by de gemeentlike weryndielings fan 1943, 2014 en 2018 opheft en wer op 'e nij oprjochte.

Begjin april 2019 makke it gemeentlik bestjoer fan De Waadhoeke bekend dat oan fiif doarpen yn 'e súdeasthoeke fan 'e gemeente de mooglikheid fan oansluting by de Gemeente Ljouwert foarlein wurde soe. It gie dêrby om Boksum, Blessum, Deinum, Marsum en Ritsumasyl. Ofhinklik fan it draachflak foar soks ûnder de ynwenners fan 'e fiif doarpen, en de fraach oft de Gemeente Ljouwert dermei ynstimme woe, wie der wat De Waadhoeke oanbelange in grinskorreksje mooglik. Oant en mei de ein fan 'e simmer fan 2019 koe der yn 'e doarpen oer it plan diskusjearre wurde; yn it neijier moasten de ûnderskate ferienings fan doarpsbelang nei in enkête of in rûne-tafelpetear yn it doarp nei de gemeente ta mei in advys komme.[1]

Op 10 oktober 2019 makke De Waadhoeke bekend dat neffens de útkomsten fan 'e holden enkêtes 83,7% fan 'e ynwenners fan 'e fiif doarpen leaver by De Waadhoeke bliuwe woene. Yn alle doarpen lei dat persintaazje boppe de 80% en yn Ritsumasyl wie it sels hast 90%. Yn Marsum wie de measte animo foar de oerstap nei Ljouwert: 14,9%. Trochinoar hie fan 'e ynwenners fan 'e doarpen 53,4% oan 'e enkête meidien. Al mei al kaam de kommisje dy't foar de eventuële grinskorreksje ferantwurdlik wie, ta de konklúzje dat der gjin draachflak bestie foar in grutte grinskorreksje en dat de sitewaasje dus bliuwe soe sa't er wie.[2] Wol woe deselde kommisje mei fertsjintwurdigers fan 'e Gemeente Ljouwert om 'e tafel om te sjen oft der ek inkele lytse grinskorreksjes mooglik wiene foar de oplossing pleatslike swierrichheden. Yn Alde Leie rûn de gemeentegrins nammentlik dwers troch in stikmannich eftertunen hinne, en yn Easterlittens hie in melkfeehâlderijbedriuw greiden yn twa gemeenten.[3] Ein maaie 2020 waard bekend dat de beide grinskorreksjes per 1 jannewaris 2021 yn it foardiel fan De Waadhoeke trochfierd wurde soene. Om't dy gemeente ek it ûnderhâld foar ferhurding en grien derby krige, wie ôfpraat dat Ljouwert in 'breidsskat' fan 57.000 meijaan soe.[4]

Geografy

De gemeente Ljouwert leit likernôch yn 'e midden fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân, op 'e skieding tusken Klaai en Wâlden. Yn it noarden grinzget de gemeente oan Ferwerderadiel (fan 2019 ôf oan Noardeast-Fryslân), yn it noardwesten en westen oan De Waadhoeke, yn it súdwesten oan Súdwest-Fryslân, yn it uterste suden oan De Fryske Marren, yn it súdeasten oan It Hearrenfean en Smellingerlân, en yn it easten oan Tytsjerksteradiel. Foar 2018 grinzge Ljouwert yn it noarden oan Ljouwerteradiel, yn it noardwesten oan Menameradiel en yn it westen oan Littenseradiel. Foar 2014 grinzge Ljouwert yn it suden oan Boarnsterhim. Foar 1984 grinzge Ljouwert yn it súdwesten oan Baarderadiel en yn it suden oan Idaerderadiel.

Sûnt de tafoeging fan in diel fan it eardere Boarnsterhim, yn 2014, hie de gemeente Ljouwert in totaal oerflak fan 166,99 km², wêrfan 151,70 km² lân en 15,29 km² wetter. By de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2018 krige Ljouwert dêr noch 41,46 km² fan Ljouwerteradiel en 43,93 km²[5] fan Littenseradiel by, sadat it totaal doe útkaam op 252,38 km².

Plakken

It haadplak fan de gemeente Ljouwert is de stêd Ljouwert. Fierders omfiemet de gemeente 35 doarpen. Dat binne: Alde Leie, Baard, Bears, Britsum, Eagum, Easterlittens, Feinsum, Friens, Goutum, Grou, Idaerd, Hijum, Hilaard, Himpens, Húns, Jellum, Jelsum, Jirnsum, Jorwert, Koarnjum, Lekkum, Leons, Mantgum, Miedum, Reduzum, Snakkerbuorren, Stiens, Swichum, Tearns, Warstiens, Warten, Weidum, Wergea, Wytgaard en Wurdum. Neist dizze offisjele kearnen lizze yn de gemeente Ljouwert ek de buorskippen: Fjouwerhûs, Fûns, Hesens, De Him, Hoek, Hoptille, Noardein, Rewert, Skillaard, Skrins, Tsjaard, Tsjeintgum, Wammert, Wielstersyl en Wieuwens (of Sprong). Fierders leit ek in part fan de buorskip Bartlehiem yn de gemeente.

Plaknammen

It plaknammebelied fan 'e Gemeente Ljouwert is in grutte tizeboel, om't de oarspronklike Gemeente Ljouwert, dy't altyd Nederlânsktalige plaknammen holden hie, (dielen fan) trije gemeenten opslokt hat (Boarnsterhim, Ljouwerteradiel en Littenseradiel) dy't oergien wiene ta it ferfryskjen fan 'e plaknammen. Yn juny 2018 waard bekend makke dat de nije Gemeente Ljouwert gjin ienheid yn dat belied oanbringe soe, wat bygelyks kind hie troch de plaknammen fan 'e doarpen yn Ald-Ljouwert te ferfryskjen. Ynstee dêrfan waard besletten dat de sitewaasje oeral bleau sa't er op dat stuit wie.[6]

  • Foar de doarpen yn 'e âlde Gemeente Ljouwert betsjutte dat offisjeel Nederlânsktalige plaknammen op kombuorden dêr't de Nederlânske namme boppe en de Fryske namme ûnder stiet: "Hempens" - "Himpens" - "Gemeente Leeuwarden".
  • Foar de doarpen yn it âlde noarden fan Boarnsterhim en yn it âlde noardeasten fan Littenseradiel betsjutte dat offisjeel Frysktalige plaknammen op kombuorden dêr't inkeld de Fryske namme op fermeld stiet: "Wergea" - "Gemeente Leeuwarden" of: "Easterlittens" - "Gemeente Leeuwarden".
  • Foar de doarpen yn it âlde Ljouwerteradiel betsjutte dat offisjeel Frysktalige plaknammen op kombuorden dêr't de Fryske namme boppe en de Nederlânske namme ûnder stiet: "Koarnjum" - "Cornjum" - "Gemeente Leeuwarden".

Dat earst fernijd waard dat der "Gemeente Ljouwert" (yn it Frysk) op 'e kombuorden yn it âlde Ljouwerteradiel en it âlde noardeasten fan Littenseradiel komme soe te stean, berêste op in flater yn 'e gemeentlike Taalnota Frysk.[7]

Demografy

Neffens gegevens datearjend fan 30 april 2017 hie de gemeente Ljouwert doe in befolking fan 108.768 persoanen, wat soarge foar in befolkingstichtens fan 651,3 minsken de km². Fan it grûngebiet dat op 1 jannewaris 2018 by de gemeente foege waard, hie Ljouwerteradiel 10.089 ynwenners,[8] wylst de tsien doarpen dy't fan Littenseradiel kamen mei-inoar 3.444 ynwenners hiene.[9] It totale ynwennertal fan Ljouwert kaam sadwaande nei de gemeentlike weryndieling út op 122.301 persoan. Dêrmei sakke de befolkingstichtens nei 484,6 minsken de km².

Op 31 desimber 2018 hie de gemeente Ljouwert 123.054 ynwenners.[10]

Untwikkeling ynwennertal

De Gemeente Ljouwert tusken 2014 en 2018, foár de anneksaasje fan Ljouwerteradiel en noardeastlik Littenseradiel.

Wapens en flaggen

Wapens

Flaggen

De plakken Britsum, Feinsum, Jelsum, Koarnjum, Lekkum, Miedum, Snakkerbuorren en Stiens ha gjin wapen en/of flagge.

Polityk

Boargemaster fan Ljouwert is sûnt augustus 2019 Sybrand van Haersma Buma, âld-fraksjefoarsitter fan it CDA yn 'e Twadde Keamer. De gemeenterie fan Ljouwert bestiet út 39 sitten. Om't Ljouwerteradiel en it noardeastlike part fan Littenseradiel by de gemeente foege waarden, fûnen der foar de gemeenterie fan Ljouwert op 22 novimber 2017 (tuskentiidske) weryndielingsferkiezings plak. De útslaggen fan de riedsferkiezings binne as folget:

Partij ferkiezings 2017[11] ferkiezings 2022[12]
% sitten % sitten
PvdA 26,1 11 18,8 8
CDA 10.7 5 9,6 4
VVD 9,9 4 8,6 3
D66 9,2 4 7,0 3
Gemeentebelangen 6,5 2 10,1 4
FNP 5,9 2 11,2 4
KristenUny 5,6 2 4,8 2
List058 4,5 2 8,5 3
FvD - - 4,2 1
GL 11,6 5 17,4 7
50Plus 4,1 1 - -
PvdD 4,0% 1 - -
oare partijen 749 1,9% - -
opkomst/totaal sitten 40,6% 39 51,0% 39

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Grosso, Maria del, Waadhoeke stelt vijf dorpen voor keus, yn: de Ljouwerter Krante, 6 april 2019, s. 22.
  2. ——, Grensdorpen blijven bij Waadhoeke, yn: de Ljouwerter Krante, 11 oktober 2019, s. 1.
  3. ——, Kleine grenscorrectie Waadhoeke, yn: de Ljouwerter Krante, 12 oktober 2019, s. 25.
  4. ——, Grond in twee dorpen gaat naar Waadhoeke, yn: de Ljouwerter Krante, 28 maaie 2020, s. 33.
  5. Weryndielingsûntwerp Gemeenten Franekeradeel, Het Bildt, Leeuwarden, Littenseradiel, Menameradiel en Súdwest-Fryslân (definitive ferzje), oktober 2015, webside Gemeente Littenseradiel.
  6. Boers, Erwin, Leeuwarden Verslikt Zich in Dorpsborden, yn: de Ljouwerter Krante, 16 juny 2018, s. 18.
  7. Boers, Erwin, Gemeente Ljouwert op Borden? Nee, Toch Niet, yn: de Ljouwerter Krante, 22 juny 2018, s. 2.
  8. Boarne: CBS.
  9. Weryndielingsûntwerp Gemeenten Franekeradeel, Het Bildt, Leeuwarden, Littenseradiel, Menameradiel en Súdwest-Fryslân (definitive ferzje), oktober 2015, webside Gemeente Littenseradiel.
  10. Bosma, Willem, Marginale groei naar hoogste inwonertal ooit, yn: de Ljouwerter Krante, 31 desimber 2018, s. 26.
  11. Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022
  12. Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022

             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)
· · Berjocht bewurkje
Ljouwert
Stêd:
Ljouwert
Doarpen en útbuorrens:
Alde LeieBaardBearsBritsumEagumEasterlittensFeinsumFriensGoutumGrouIdaerdHijumHilaardHimpensHúnsJellumJelsumJirnsumJorwertKoarnjumLekkumLeonsMantgumMiedumReduzumSnakkerbuorrenStiensSwichumTearnsWarstiensWartenWeidumWergeaWytgaardWurdum
Buorskippen:
AbbenwierAldskou (foar in part)AngwierBaarderbuorrenBartlehiem (foar in part)Buerstermûne (foar in part)DomwierFinsterbuorrenFjouwerhûsFûnsGoattumHesensDe HimHoekIt HoflânHoptilleMarwertMidsbuorrenNaarderbuorrenNoardeinPoelhuzenRewert (foar in part)SkillaerdSkrinsSuderbuorrenSuoreinIt TichelwurkDe Trije RomersTruerdTsienserbuorrenTsjaardTsjeintgumWammertWesterbuorrenWielstersylWieuwens
· · Berjocht bewurkje

Read other articles:

Artikel ini tidak memiliki referensi atau sumber tepercaya sehingga isinya tidak bisa dipastikan. Tolong bantu perbaiki artikel ini dengan menambahkan referensi yang layak. Tulisan tanpa sumber dapat dipertanyakan dan dihapus sewaktu-waktu.Cari sumber: Departemen Perdagangan Amerika Serikat – berita · surat kabar · buku · cendekiawan · JSTOR Departemen Perdagangan Amerika Serikat adalah salah satu dari departemen di Amerika Serikat yang berhubungan den...

 

John TralalaLahir(1959-06-13)13 Juni 1959Lampihong, Hulu Sungai Utara (kini Kabupaten Balangan)Meninggal26 Juni 2018(2018-06-26) (umur 59)BanjarmasinWarga negaraIndonesiaTahun aktif1980-2018Suami/istriNani wijayaNoor FazariahAnakHendraSiti Yuwanda YusnitaYuyun YusnitaHerwanYusefa Yusnita Yusran Effendi atau lebih dikenal dengan nama Jhon Tralala [1] (13 Juni 1959 – 26 Juni 2018) adalah seorang pelawak, budayawan, dan seniman Madihin Kalimantan Selatan pria k...

 

Logo Bangladesh Betar Bangladesh Betar (bahasa Bengali: বাংলাদেশ বেতার) adalah stasiun radio milik pemerintah di Bangladesh. Radio ini juga dikenal sebagai Radio Bangladesh antara tahun 1975 dan 1996. Sejarah Transmisi radio di Bangladesh pertama kali dimulai di kota Dhaka pada 16 Desember 1939. Awalnya, stasiun radio ini berlokasi di Dhaka Lama sebelum berpindah ke Shahbag. Radio ini ikut berperan dalam Perang Kemerdekaan Bangladesh pada tahun 1971. Pada 26 Mare...

English/British colony in The Caribbean from 1655 to 1962 Crown Colony of Jamaica and Dependencies1655–1962 Flag Badge Motto: Indus Uterque Serviet UniThe two Indies will serve as oneAnthem: God Save the Queen StatusColony of England (1655–1707)Colony of Great Britain (1707–1801)Colony of the United Kingdom of Great Britain and Ireland (1801–1922)Colony of the United Kingdom (1922–1962)CapitalSpanish Town (1655–1872) Port Royal (de facto, 1655–1692) Kingston (1872–19...

 

Worker whose main capital is knowledge This article includes inline citations, but they are not properly formatted. Please improve this article by correcting them. (October 2021) (Learn how and when to remove this template message) Knowledge workers are workers whose main capital is knowledge. Examples include ICT Professionals, physicians, pharmacists, architects, engineers, scientists, design thinkers, public accountants, lawyers, editors, and academics, whose job is to think for a living.&...

 

Tracy BondTokoh James BondTracy Bond yang diperankan oleh aktris Diana RiggPenampilanperdanaNovel:On Her Majesty's Secret ServiceFilm:On Her Majesty's Secret ServicePenciptaIan FlemingPemeranDiana RiggInformasiNama lengkapTeresa Draco di VicenzoAliasContessa Teresa di VicenzoJenis kelaminPerempuanPekerjaanCountessPasanganJames Bond (suami)Count Giulio di Vicenzo (mantan suami)KerabatMarc-Ange Draco (ayah)KlasifikasiGadis Bond Teresa Draco di Vicenzo, dikenal juga sebagai Contessa Teresa di Vi...

la Maronne La haute vallée de la Maronne à Saint-Paul-de-Salers (vue vers Lesmaronies et Récusset). Cours de la Maronne (carte interactive). Caractéristiques Longueur 92,57 km [1] Bassin 823 km2 [2] Bassin collecteur la Dordogne Débit moyen 19,9 m3/s (Argentat) [3] Nombre de Strahler 6 Organisme gestionnaire Établissement public territorial du bassin de la Dordogne (EPIDOR)[4] Régime nivo-pluvial Cours Source dans les Monts du Cantal, sur les pentes septentrionales du r...

 

Об экономическом термине см. Первородный грех (экономика). ХристианствоБиблия Ветхий Завет Новый Завет Евангелие Десять заповедей Нагорная проповедь Апокрифы Бог, Троица Бог Отец Иисус Христос Святой Дух История христианства Апостолы Хронология христианства Ран�...

 

Facility in Oxford, United Kingdom JETJoint European TorusJET in 1991Device typeTokamakLocationOxfordshire, UKAffiliationCulham Centre for Fusion EnergyTechnical specificationsMajor radius2.96 m (9 ft 9 in)Minor radius1.25 m (4 ft 1 in)Plasma volume100 m3Magnetic field3.45 T (34,500 G) (toroidal)Heating power38 MWPlasma current3.2 MA (circular), 4.8 MA (D-shape)HistoryYear(s) of operation1983–2023 The Joint European Torus (JET) was...

Il destino di un soldatoAlden Ehrenreich in una scena del filmTitolo originaleThe Yellow Birds Lingua originaleinglese Paese di produzioneStati Uniti d'America Anno2017 Durata95 min Generedrammatico, guerra RegiaAlexandre Moors SoggettoKevin Powers (romanzo) SceneggiaturaDavid Lowery, R.F.I. Porto ProduttoreCourtney Solomon, Jeffrey Sharp, Mark Canton Produttore esecutivoJim Kohlberg, Jennifer Aniston, Kristin Hahn, Scott Karol, Wayne Marc Godfrey, Robert Jones, David Hopwood, Peter Sobil...

 

Artikel ini bukan mengenai Takako Doi. Takao DoiLahir18 September 1954 (umur 69)Tokyo, JepangStatusPensiunKebangsaanJepangPekerjaanInsinyurKarier luar angkasaAntariksawan NASA/JAXA Takao Doi (土井 隆雄code: ja is deprecated , Doi Takao, lahir 18 September 1954) adalah seorang antarikawan Jepang dan veteran dari dua misi pesawat ulang alik NASA. Doi memegang gelar dokterandes dari Universitas Tokyo dalam bidang teknik penerbangan Pranala luar NASA Biography Spacefacts biography of Tak...

 

Category of tissue in plants Flax stem cross-section: PithProtoxylemXylem IPhloem ISclerenchyma (bast fibre)CortexEpidermis The ground tissue of plants includes all tissues that are neither dermal nor vascular. It can be divided into three types based on the nature of the cell walls. This tissue system is present between the dermal tissue and forms the main bulk of the plant body. Parenchyma cells have thin primary walls and usually remain alive after they become mature. Parenchyma forms the ...

The Treasure of the Sierra MadrePoster layar lebarSutradaraJohn HustonProduserHenry BlankeSkenarioJohn HustonBerdasarkanThe Treasure of the Sierra Madreoleh B. TravenPemeranHumphrey BogartWalter HustonTim HoltBruce BennettPenata musikMax SteinerSinematograferTed D. McCordPenyuntingOwen MarksPerusahaanproduksiWarner Bros.-First NationalDistributorWarner Bros.Tanggal rilis 6 Januari 1948 (1948-01-06) Durasi126 menitNegaraAmerika SerikatBahasaInggrisAnggaran$3 juta[1]Pendapata...

 

Isa

Halaman ini berisi artikel tentang Nabi dalam Islam. Untuk nama, lihat Isa (nama). Nabi dan Rasul'Īsāعيس'alaihissalam, Ulul 'AzmiKaligrafi Isa 'alaihis-salamLahirBethlehemTempat tinggalPalestinaGelar 'Alaihissalam Almasih Ulul 'Azmi Ibnu Maryam Ruhullah Kalimatullah PendahuluYahya (Sesuai urutan 25 nabi dan rasul)PenggantiMuhammad (Sesuai urutan 25 nabi dan rasul)Orang tuaMaryam Nabi dan Rasul dalam Islam Nabi dalam Al-Qur'anMenyesuaikan antara nama Islam dan Alkitab. ʾĀdam (Adam) ʾId...

 

This article includes a list of references, related reading, or external links, but its sources remain unclear because it lacks inline citations. Please help improve this article by introducing more precise citations. (December 2012) (Learn how and when to remove this message) The 231st Combat Communications Squadron, District of Columbia Air National Guard, was a tenant unit of the 113th Wing based at Andrews Air Force Base, Maryland, United States. The squadron used traditional military co...

Kidung Agung 5Ilustrasi dari ayat pertama Kidung Agung, seorang pemusik memainkan musik di hadapan raja Salomo (Rothschild Mahzor, abad ke-15 M).KitabKitab Kidung AgungKategoriKetuvimBagian Alkitab KristenPerjanjian LamaUrutan dalamKitab Kristen22← pasal 4 pasal 6 → Kidung Agung 5 (disingkat Kid 5) adalah bagian dari Kitab Kidung Agung dalam Alkitab Ibrani dan Perjanjian Lama di Alkitab Kristen.[1][2] Digubah oleh raja Salomo, putra raja Daud.[3] Teks Naska...

 

East German politician (1927–2016) Margot HoneckerHonecker in 1986First Lady of theGerman Democratic RepublicIn office29 October 1976 – 18 October 1989PresidentErich HoneckerPreceded byAlice StophSucceeded byErika KrenzMinister of People's EducationIn office14 November 1963 – 2 November 1989Chairman of theCouncil of MinistersOtto GrotewohlHorst SindermannWilli StophDeputy See list Karl DietzelRudolf ParrErnst MachacekWerner EngstGünther FuchsKarl-Heinz Höhn Preceded ...

 

密西西比州 哥伦布城市綽號:Possum Town哥伦布位于密西西比州的位置坐标:33°30′06″N 88°24′54″W / 33.501666666667°N 88.415°W / 33.501666666667; -88.415国家 美國州密西西比州县朗兹县始建于1821年政府 • 市长罗伯特·史密斯 (民主党)面积 • 总计22.3 平方英里(57.8 平方公里) • 陸地21.4 平方英里(55.5 平方公里) • ...

Citrus fruit and plant Jamaican tangelo Scientific classification Kingdom: Plantae Clade: Tracheophytes Clade: Angiosperms Clade: Eudicots Clade: Rosids Order: Sapindales Family: Rutaceae Genus: Citrus Species: C. reticulata × C. paradisi The Jamaican tangelo, also known by proprietary names ugli /ˈʌɡli/ fruit, uglifruit, and uniq fruit, is a citrus fruit that arose on the island of Jamaica through the natural hybridization of a tangerine or orange with a grapefruit (or pomelo), and ...

 

This is a list of recording artists who have reached number one on Australia's albums chart from 1965 to the present. Jimmy Barnes holds the record for the most number-one albums with 15. The Beatles hold the record for the most number-one albums for a band with 14. Taylor Swift holds the record for most number-one album among female artists with 13 All acts are listed alphabetically. Solo artists are alphabetised by last name, Groups by group name excluding A, An, and The. Each act's t...