Bears wurdt faak yn ien sike mei it twillingdoarpJellum neamd. Hast alle pleatslike ferienings beslane beide doarpen.
Skiednis
It doarp ûntstie op in in terp en wie allinne oer de Jorwerter Feart te berikken. Letter waarden der twa diken oanlein, dy't op de Hegedyk oanslute.
Oare nammen fan Bears wiene 'Berete' (1275), 'Berse' (1329), 'Biercse' (1335), 'Beerse' (1386), 'Berse' (1429) en yn 1469 as 'Beers'. De namme ferwiist mooglik nei in ôffrede wenplak.
De tsjerke fan Bears datearret út de 13e iuw en wie yn de katolike tiid wijd oan Marije. It goatyske gebou is tsjintwurdich yn it besit fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. Yn de Marijetsjerke is in permaninte eksposysje.
Fan de eardere Uniastate is allinne de 17e iuwske stinzepoarte stean bleaun. De state waard al yn 1756 troch Hobbe fan Aylva ôfbrutsen om der in pleats mei oansjen del te setten. De pleats waard nei alle gedachten boud mei de frijkommen stiennen fan de eardere state. Op 28 juny 1879 waard ek de pleats foar de sloop ferkocht. Sûnt bleau allinne de poarte oer, dy't yn 1968 restaurearre waard.
Op 17 maart1964 waarde de stifting Poarte fan Bears oprjochte. De stifting sammelt alles oer stinzen en states yn Fryslân. Fan de eardere state is yn 1998 in stielen 'loftspegeling' makke. De belvédère-eftige útsjochtoer kin beklommen wurde. By Uniastate is ek in bernebuorkerij.
Mienskip
Op 12 desimber1961 waard in nij doarpshûs iepene. It sintrum foar de jongerein hjit "It Jongereinhûs" en is ûnderbrocht yn in âld hearehûs.