Wytgaard is in doarp dat yn de gemeenteLjouwert leit. Wytgaard leit noardlik fan Reduzum, eastlik fan Weidum, súdwestlik fan Wurdum en besuden Ljouwert. Yn 2022 hie Wytgaard 585 ynwenners. De doarpskearn leit om de krúsing fan de Buorren, Púndyk en Fopma’s Reed.
Wytgaard is sûnt 1956 in selsstannich doarp, foar 1956 hearde Wytgaard as buorskip by Wurdum.
Skiednis
Oan de eardere Middelseedyk, no de Bredyk, stie earder de stins Grut Oenema, dy't ek wol Camminghastate neamd waard. Mear súdlik stie Ald- of Lyts Oenemastate.
Oan de Púndyk nei Wurdum stie nei 1719 in skûltsjerke, wêrfan hynstekeapman Doeke Jans (Roorda) de earste stien lein hat. Yn 1833 liet Reinier baron fan Middachtenis hjir in koepel opsette. Dat wie de earste roomske klok nei de Reformaasje.
De monumintale Cuyperstsjerke wie fan 1872 en is yn 1966 ôfbrutsen en ferfongen troch nijbou.
Wytgaard wie oant 1956 in roomsk buorskip fan it protestantske Wurdum. It wurdt der no fan skieden troch de A32 en it spoar fan Swol nei Ljouwert. It krige syn hjoeddeiske grinzen op 1 jannewaris 1957 nei noch wat oanpassings fan de skieding. It nije doarp hie yn 1958 621 ynwenners.
Doarpswapen
Op it wapen stiet in rivierke, en tsjut it eardere haventsje oan de Middelsee oan. De earnekop komt fan de famyljewapens fan Feytsma, Jeltinga en Sytzama dy't in soad oansjen hiene. De kaam komt út de wapens fan de geslachten Cammingha en Camstra, dy't ek op states yn it doarp wennen. De spikers binne ûntliend oan it krús fan Kristus, omt yn Wytgaard in dokumintaasjesintrum foar roomsk Fryslân sit.
Jabikspaad
Wytgaard leit oan de eastlike fytsrûte fan it Jabikspaad.
Mienskip
Yn doarpshûs De Twirre komt ek de feriening foar Doarpsbelang gear. Ek de aktiviteitenkommisje hjit De Twirre.It doarp hat trije buertferienings: De Finne, Fopma's Reed en Meekeshof-East. De merkekommisje regelt de merke op freed en sneon fan wike 33. Basisskoalle Teake Jan Roordaskoalle stiet oan de Tjissema.