It spoar fan Swol nei Ljouwert is in spoarwei yn Oerisel en Fryslân mei in langte fan 95 km en mei in reistiid fan likernôch 60 minuten. En makket diel út fan Steatsline A.
Stasjons en gebouwen
Oan it spoar lizze hjoed-de-dei 9 stasjons:
(kursyf: earder stasjon)
Op 18 augustus1860 waard yn de Spoarweiwet ûnder oaren besletten ta de oanlis fan de ferbining Swol - Ljouwert, as part fan de line Arnhim - Ljouwert. Op 1 oktober1867 waard it part Swol - Meppel iepene, op 15 jannewaris1868 it part Meppel - It Hearrenfean en itselde jier op 1 septimber waard it lêste stik, It Hearrenfean - Ljouwert, iepene.
It spoar foel oarspronklik ûnder de Steatsspoarwegen. Mei it ûntstean fan de Nederlânske Spoarwegen krige dy it behear oer it spoar. Oarspronklik wie der ek in halte Dalfsen, letter Berkum; yn 1923 is dy lykwols sletten. Yn 1924 waard in halte iepene yn Stobbegat (Vegelinsoard). Yn 1933 waard de halte Nijefean sletten, en yn 1935 de halte Willemsoard en it stasjon Staphorst. De stasjons fan Pepergea en Aldskoat en de halten Stobbegat en Idaard-Reduzum waarden sletten yn 1938. Ek it stasjon Dedemsfeart en de halte Wurdum waarden dat jier sletten, mar yn 1940 waarden se wer iepene. Stasjon Dedemsfeart waard lykwols datselde jier ek wer sletten, mar Wurdum bleau iepen oant 1949.
Fan 1975 oant 1977 waard in proef dien mei in stasjon It Hearrenfean Iisstadion. It stasjon waard lykwols wer sletten as regulier stasjon.
Yn juny 2010 waard troch de Twadde Keamer besletten dat de treinen tusken Swol en Ljouwert faker ride sille.[1]
Bysûndere halten
Treinen stopje no allinnich by It Hearrenfean Iisstadion as der yn Thialf grutte eveneminten binne.