Yn de 9e iuw waard ien fan de gruttere terpen yn Westergoa Everwirdt neamd. Dat waard letter Jorwert. Tichteby it doarp is it 9e-iuwske 'Amulet fan Jorwert' fûn, in fynst dat ea grif troch in pylger efter litten waard. It wurdt bewarre yn it Frysk Museum.
De Jorwerter tsjerke waard yn de 12e iuw boud en wijd oan Sint-Redbad, dy't yn de 11e iuw biskop fan Utert wie. Yn de lette midsiuwen waard yn de tsjerke it seendrjocht sprutsen. Foar it hiele goa wie Jorwert it haaddekanaat, dêr't op wrâldsk en tsjerklik mêd rjocht spruten waard. De tsjerketoer sakke moarns 25 augustus1951 om 7 minuten by de restauraasje fan de tsjerke yn inoar. Troch in grut tal aksjes koe de toer al gau wer opboud wurde. Foar de rynkse jouwers waard as tank it iepenloftspul 'De Klokken fan Jorwert' yn de notaristún spile. Dat wie de oarsprong fan in tradysje, dy't tsjintwurdich alle jierren plak fynt.[2]
De giele flakken oan wjerskanten fan de blauwe fertikale stripe ferwize as tuorren nei de twa eardere states fan it doarp; de Hesensstate en de Fûnsstins. De ikel yn it lofter giele fjild is ûntliend oan it wapen fam de bewenners fan Hesensstate, de Hettinga's, wylst de earn yn it rjochter giele fjild út it wapen fan de famylje Fons komt. De blauwe stripe stiet foar de Jorwerter Feart. De trije ruten ferwize nei it seendrjocht en dat Jorwert yn de lette midsiuwen it haaddoarp fan Baarderadiel wie.
Mienskip
Doarpsnut komt op foar de belangen fan de doarpsbewenners. Der binne kommisjes foar de Boarterstún, it doarpshûs, de doarpskrante (De Hiele Toer) en de Jongereinkommisje.
Krekt bûten it doarp wurdt by de kop-hals-romppleats Westerhûs it Nijkleaster ûntwikkele. It is in inisjatyf fan de PKN-Westerwert mei de lannelike PKN. It lytsskealige kleaster siket nei nije wegen foar leauwe en spiritualiteit en wol ek in skûlplak wêze foar minsken, dy oer it Jabikspaad de pylgersreis nei [[Katedraal fan Santiago de Compostela
|Santiago de Compostela]] meitsje. Jorwert leit oan de pylgersrûte nei Santago de Compostela.[3]
Skoalle
De iepenbiere basisskoalle De Krunenstrobbe moast yn 2021 fanwegen it sakjende tal bern de doarren slute.[4] De measte Jorwerter bern geane tsjintwurdich foar basisûnderwiis nei Baard.
De tradysje fan it Iepenloftspul Jorwert datearret fan de tiid nei it ynstoarten fan de toer. Ut tank waard foar de goederjouwske minsken in iepenloftspul opfierd, dat letter in tradysje waard. It populêre iepenloftspul wurdt opfierd yn de moannen augustus en septimber.
Fan 1979 oant 1993 waard yn in greide by Jorwert, dy't bekendstiet as de Reidpôle, it muzykfestivalMukpop holden. Yn 2018 waard nei in fearnsiuw it op 'e nij organisearre om it evenemint nij libben yn te blazen.
Ferskaat
J.J. Slauerhoff bestege tiid yn Jorwert by de domineesfamylje Hille Ris Lammers. Hy hie sterke gefoelens foar ien fan de dochters en dit komt ek yn syn wurk nei foaren.