De namme De Moark jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Murk.
Tegeltsjebrêge
De Canterlandske brêge oer de Moark is ûnder it motto 'It sil heve' ta in artistyk earebetoan foar de Alvestêderiders makke yn de foarm fan in Alvestêdemonumint. Tûzenen hânmakke tegeltsjes sitte op de brêge dêr't de riders fan de Alvestêdetocht ûndertroch ride yn de rjochting fan de einstreek op De Bonke. Elk tegeltsje fan it grutte ôfbyld is in portret. Printe op blau glazuer stean de ôfbylden fan tûzenen riders dy't de einstreek fan de earste Alvestêdetochten helle hawwe.