De Rykswei 7, ek A7, is in autodyk (A7) en autowei (N7) fan Saandam oer de Ofslútdyk nei de Dútske grins. De Ryskwei A7 is, útsein it part tusken Saandam en it Knooppunt Saandam, ûnderdiel fan de E22. Mei likernôch 236 kilometer langte is de A7 de langste rykswei fan Nederlân. Yn syn hjoeddeistige foarm mei skate rydbanen oer it grutste part fan it trasee waard de A7 fierhinne oanlein yn 1975.
Sûnt de maitiid fan 2014 begjint de rykswei 7 by knooppunt Coenplein. Earder wie it Prins Bernhardplein it begjin fan de A7. Al by it nûmerjen fan de ôfritten waard der rekken mei holden dat it earste part fan de A8 dûbel nûmere wurde soe. Dy dûbele nûmering waard dien omreden it lange ôfstânsferkear fan de A10 en A7 gjin ferlet hie om op in koart eintsje lette te moatten op in oar dyknûmer.