De Skoatterlânskewei, offisjele namme: Provinsjale wei 380 of N380, is de autowei fan Donkerbroek nei It Hearrenfean-Súd. De wei is yn 'e rin fan 'e 20e iuw ûntstien troch de opwurdearring fan besteande weidielen.
De wichtichste plakken oan de wei binne: Donkerbroek, Hoarnstersweach, Jobbegea Skuorregea, Aldhoarne, Nijhoarne, Mildaam, Aldskoat en It Hearrenfean-Súd. De wei hiet yn earder tiden de "Binnewei" en wie dêr al yn de Midsiuwen.