De wei foarmet in wichtige ferbining tusken Amsterdam en Noard-Nederlân. Sûnt de foltôging fan de A27 by Almere kinne automobilisten út de hiele Rânestêd flugger yn Flevolân en Noard-Nederlân komme.
By de Ketelbrug leit de ôfrit Swifterbant, dy't allinnich út Emmeloard wei berikt wurde kin.
Foarhinne wie it weidiel tusken knooppunt Emmeloard en knooppunt De Jouwer ûnderdiel fan Rykswei 50 (A50), letter is dit gedielte ûnderdiel wurden fan Rykswei 6. It feit dat de A6 fanút noardlike rjochting by knooppunt Emmeloard rjochttroch oergiet yn de N50, en it ferkear dat de A6 fierder folgje wol ôfslaan moat, tsjûget hjir noch fan. Oarspronklik wie it plan dat de A6 fan Emmeloard ôf trochrinne soe oer Wolvegea, Easterwâlde en Roan nei Grins, mar dit trajekt waard letter skrast.
Yn oktober 2006 hat it kabinet Balkenende III lykwols it beslút nomd te kiezen foar it stroomline-alternatyf. Fanwege grutte maatskiplike wjerstân bliek in tunnelferbining net helber. Op 17 oktober waard bekend dat de A6, de A1 en de A10 ferbrede wurde en dat oer in bredere A9 noch oerlein wurdt mei de regio. It kabinet wol besjen oft de gemeente Amsterdam meibetelje wol oan de A9. Mei de ferbredingen wol it kabinet de fileproblemen op het trajekt Schiphol-Amsterdam-Almere werombringe. Op 19 oktober2007 hat de ried fan Almere unanym besluten de fierdere ûnderhandelings mei it ryk oer groei mei 60.000 wenten op te skowen fanwege it efterbliuwen fan in kabinetsbeslút dat perspektyf biedt op it oplossen fan de fileproblemen tusken Almere en Amsterdam/Schiphol.