Troch syn lizzing op in skiereilân hat Hylpen oant yn 'e tweintichste iuw fierhinne isolearre west fan syn efterlân. It wie folle mear op 'e see oriïntearre, en hie iuwenlang in protte kontakten mei de Hollânskekuststêden oare kant de Sudersee. De tradisjonele sjenswize is dat it Hylpersk dêrtroch mear ynfloed fan 'e Hollânske dialekten ûndergien hat as de oare Fryske dialekten. Benammen it Amsterdamske stedsdialekt soe troch de iuwen hinne in beskate ynfloed op it Hylpersk útoefene hawwe. Dêrnjonken soe it Hylpersk ek bleatstien hawwe oan (iere) ynfloeden fan it Ingelsk en fan Noardgermaanske talen, lykas it Noarsk.
Yn it doarpMolkwar, dat tusken Hylpen en Starum yn oan 'e Iselmarkust leit, waard foarhinne in Frysk dialekt sprutsen dat sterk op it Hylpersk liek. Dat saneamde Molkwardersk is lykwols yn 'e njoggentjinde iuwútstoarn. Likegoed waard it bestean fan dy taalfoarm tradisjoneel sjoen as in befêstiging fan 'e ûntsteansskiednis fan it Hylpersk, mei't Molkwar nei alle gedachten yn earder tiid ek sterk op 'e see oriïntearre west hat, en om't de taalfoarm dy't dêr sprutsen waard krekt as it Hylpersk en it StedfryskeStarumersk in grutte Hollânske ynfloed ûndergien hawwe soe.
Yn 2019 stelde leksikograafSiebren Dyk by de publikaasje fan syn Graet Hylper Wordebook lykwols fêst dat er yn 'e wurdskat fan it Hylpersk mar in ferrassend lyts tal lienwurden út it Hollânsk weromfûn hie. Fierders wied er mar ien wurd tsjinkommen dat mooglik fan bûten de Nederlânske grinzen ôfkomstich wie: nôkel, foar "waarle" (in blokje hout dat om in spiker draait en tsjinnet as ienfâldich ôfslútmeganisme foar doarren en finsters). Dyk ornearre dat "nôkel" in lienwurd út it Noarsk wêze koe, fan nøkkel (mei deselde betsjutting). Mar it wie neffens him ek mooglik dat it in reliktwurd út it Oergermaansk wie.[1]
Skriuwtaal
It Hylpersk is yn elts gefal al fan 'e santjinde iuw ôf skriftlik oerlevere. Oan 'e ein fan 'e fyftiger jierren fan 'e tweintichste iuw waard troch meiwurkers fan 'e Fryske Akademy, ûnder lieding fan 'e lettere perfesterH.T.J. Miedema en mei help fan frijwilligers, úteinset om in trochsneedapparaat op 'e doe bekende Hylper teksten te meitsjen, foarútrinnende op 'e gearstalling fan in wurdboek fan it Hylpersk. Om't dat trochsneedapparaat net de folsleine wurdskat foar alle libbensgebieten opsmiet, fregen frou H.G. Nijboer-Terpstra en de hear Sj. Zeijl yn opdracht fan 'e Fryske Akademy by de Hylper âlderein noch ferskate terreinen nei, wêrûnder in stikmannich spesifike beroppen, de húshâlding en it waar. Yn desimber1975 begûn Gosse Blom alle gearbrochte ynformaasje om te setten ta in wurdboek, dat úteinlik yn 1981 ferskynde as it Hylper Wurdboek, in útjefte yn 'e Rige Fryske Dialektstúdzjes fan 'e Fryske Akademy.
Neitiid wurke Blom jierrenlang oan 'e gearstalling fan in alomfiemjend wurdboek fan it Hylpersk. Letter rekke ek leksikograafSiebren Dyk by it projekt belutsen. Nei it hommels ferstjerren fan Blom, ein 2014, sette dy it wurk fuort. Ien jier letter krige er dêrby help fan 'e pinsjonearrewiskundelearaarWiebe Zoethout, in memmetaalsprekker fan it Hylpersk. Dyk en Zoethout foltôgen it mear as tûzen siden tellende grutte wurdboek fan it Hylpersk, dat ein maart2019 troch de Fryske Akademy útjûn waard ûnder de titel fan Graet Hylper Wordebook. Dat wurdboek brûkt it Nederlânsk as beskriuwende taal, hoewol't ek de Frysktalige ekwifalinten fan 'e lemma's jûn wurde. Fierders is efteryn in Nederlânske en in Fryske yndeks tafoege, sadat men ek fanút dy talen Hylperske wurden opsykje kin.[1]
It Hylpersk genietet yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân (dêr't Hylpen ta heart) gjin offisjele status of erkenning. Ek yn 'e provinsje Fryslân beskikt it as Frysk dialekt net oer erkenning los fan 'e Fryske standerttaal, en mei't it Hylpersk frij fier fan dat Standertfrysk ôfstiet, hat de offisjele status dy't it as dialekt dêrfan yn prinsipe dielt, yn 'e praktyk net folle te betsjutten. Hoewol't men it Hylpersk ynformeel sûnder beswier as ien fan 'e streektalen fan Fryslân beskôgje kinne soe, is it mar de fraach oft dat wetlik ek ta de mooglikheden heart, yn acht nommen dat mei "streektalen" yn 'e Fryske kontekst ornaris ferwiisd wurdt nei de net-Fryske dialekten yn Fryslân. As ôfwikend dialekt fan it Frysk, mei syn offisjele status, liket it Hylpersk in bytsje tusken de wâl en it skip yn rekke te wêzen.
Sprekkerstal
It Hylpersk waard neffens in skatting út 2018 noch sprutsen troch sa'n 300 minsken,[6] hoewol't Siebren Dyk, de skriuwer fan it Graet Hylper Wordebook, yn 2019 sei dat sa'n 40% fan 'e ynwenners fan Hylpen, oftewol 400 minsken, noch it dialekt spriek.[1] Dat binne foar it meastepart leden fan 'e âldere generaasjes, sadat it sprekkerstal de lêste desennia stadichoan tebekrint. Lykwols binne der noch al jongeren dy't it Hylpersk as deistige omgongstaal brûke en dy't it ek oan har eigen bern trochjaan wolle. Sa fetelde Dyk yn maart2009 yn in fraachpetear mei de Ljouwerter Krante dat er okkerdeis yn 'e supermerk yn Hylpen noch in lyts famke tsjin har heit sizzen heard hie: "Fear, yk wol nei ame tó." ("Heit, ik wol nei beppe ta.").[1]
Yn it Hylpersk is in sterk behâldende fariant fan it Frysk, benammen wat wurdfoarm en klanklear oanbelanget. It wichtichste ferskil mei de Fryske standerttaal is dat yn it Hylpersk de âldere en nijere brekking net trochfierd binne. Sa is de [e:] (ee fan "feest") gjin [i.ǝ] (ie fan "wiet") wurden (Frysk: "skiep", Hylpersk: skeep; Frysk: "grien", Hylpersk: green). Ek ferbûcht de [u.ǝ] (oe fan "goed") net ta de [ṷo] (uo fan "huodden"). Fierders is de l as dy tusken in lûd en in d of t stiet, oars as yn it Standertfrysk bewarre bleaun en net stom wurden; men seit fan aald ("âld"), kaald ("kâld"), haalde ("hâlde") en saalt ("sâlt"), wêrby't dus de l útsprutsen wurdt. Ek de -d oan 'e ein fan wurden is bewarre bleaun op plakken dêr't dy yn it Frysk weiwurden is, lykas yn laand ("lân") en wynd ("wyn"). Frjemd genôch is op oare plakken de wurdeinige -d krekt út it Hylpersk weiwurden wylst er yn Frysk bewarre bleaun is, lykas yn goo ("goed") en bloo ("bloed").
In oar ferskil is dat de troch-Fryske konsonantekluster [ʧ] (tsj fan "tsjûk") yn it Hylpersk net foarkomt; it Hylpersk hat as ekwifalint dêrfoar de [c] (tj fan "tjems"), dy't yn it Standertfrysk seldsum is. Sadwaande seit men yn it Hylpersk dus fan tjian ("tsjin"), tjep ("tsjep") en tjoene ("tsjoene"). Boppedat wurdt dy klank dan noch faak fierder ôfswakke ta in [s], lykas yn serke ("tsjerke"), settel ("tsjettel") en sees ("tsiis"). Wol hat it Hylpersk de konsonantekluster [sk] (sk fan "skoalle") beholden, dy't bgl. yn 'e Fryske dialekten fan Skylge en Skiermûntseach it fjild romje moatten hat foar de Nederlânskige [sx] (sch fan school).
De stavering fan it Hylpersk wykt op in stikmannich punten fan it Standertfrysk ôf. Sa wurde lange lûden ek yn iepen wurdlidden dûbel skreaun, lykas yn twaa ("twa") en siikant ("sydkant"). Krektsa behâldt de koarte ú ek yn iepen wurdlidden syn skerpteken en wurdt de koarte i altyd, ek yn iepen wurdlidden, mei in y stavere. Fierders makket it Hylpersk yn 'e stavering ûnderskie tusken de [o] (o fan "bok") en de [ɔ] (o fan "hok"), dy't yn it Standertfrysk gelikens skreaun wurde; yn it Hylpersk staveret men de o fan "bok" lykwols as o: sonne ("sinne"), wylst de o fan "hok" in klamteken kriget: tòlle ("telle"). Noch in útspraakferskil dat yn it Standertfrysk net sichtber is, komt foar tusken de koarte [y] (ú fan "tút") en de lange [y:] (ú fan "drúf"); want wylst de koarte foarm fan dizze klank yn it Hylpersk krekt as yn it Standertfrysk as ú skreaun wurdt, staveret men de lange ú yn it Hylpersk as uu.
Dêrnjonken beskikt it Hylpersk oer twa koarte en trije lange lûden dy't yn it Standertfrysk net foarkomme. Op it mêd fan 'e koarte lûden giet it dêrby om 'e [æ], bekend út it Ingelsk (bgl. yn hat), dy't stavere wurdt as ä, en de [ɜ], de koarte e fan "lek", mar mear yn 'e midden fan 'e mûle útsprutsen, dy't stavere wurdt as ö. De trije lange lûden binne de [ɑ:] (de lange a fan "baas", mar dan efter yn 'e mûle útsprutsen), stavere as aa; de [ɪ:] (de koarte i fan "pit", mar dan lang oanholden), stavere as ea; en de [ɜ:] (de lange ê fan "bêd", mar mear yn 'e midden fan 'e mûle útsprutsen), stavere as ö. Fierders hat it Hylpersk ek noch 26 twalûden dy't yn it Standertfrysk ûntbrekke (sjoch dêrfoar de klankynventaris hjirûnder). Dêrmei is it Hylpersk in tige klankrike taalfoarm.
de au fan "gau", mar langer oanholden en efter yn 'e mûle útsprutsen
ae
[ɒ.ə]
baere ("weach")
in diftongisearre ô fan "nôt" (sa't men yn dielen fan 'e Klaaistreek it wurd "ôf" wol útsprekt – net as "au", dat ek wol foarkomt), en dan útsprutsen mei de mûle wat iepener; dizze klank komt inkeld noch by de âlderein foar, mei't de jongerein him as in diftongisearre ô reälisearje
ae
[ɒ.ɪ̭]
naet ("nacht")
in diftongisearre ô fan "nôt", en dan útsprutsen mei de mûle wat iepener, folge troch de koarte i fan "pit"; dizze klank komt inkeld noch by de âlderein foar, mei't de jongerein him reälisearje as in diftongisearre ô folge troch de i fan "pit"
ae
[ɒ:i̭]
klaei ("klaai")
in diftongisearre ô fan "nôt", en dan útsprutsen mei de mûle wat iepener, folge troch de koarte i fan "bite"; dizze klank komt inkeld noch by de âlderein foar, mei't de jongerein him reälisearje as in diftongisearre ô folge troch de i fan "bite"
ê
[ɛ.ə]
êrpel ("jirpel")
in diftongisearre ê fan "bêd" (sa't men yn dielen fan 'e Klaaistreek de ê fan "bêd" wol útsprekt), dus ê mei in klankleaze sjwa derefteroan
ê
[ɛ.ɔ̭]
êrst ("earst")
de ê fan "bêd", folge troch de o fan "hok"
ea
[ɪ.ǝ]
bear ("bear")
de ea fan "beam"
ea
[ɪ.ɔ̭]
bears ("bears")
de i fan "pit", mar wat langer oanholden, folge troch de o fan "hok"
ch fan "troch"; komt yn it Hylpersk nea oan it begjin fan wurden foar
ch
[ɣ]
sechde ("sechsde")
g fan "drage"; komt yn it Hylpersk nea oan it begjin fan wurden foar
d
[d]
dook ("doek")
d fan "del"
f
[f]
feast ("feest")
f fan "fol"
g
[ɡ]
gaans ("goes", "gâns")
g fan "gers"; yn it Hylpersk ek tusken twa lûden, lykas yn: drêge ("drage")
h
[h]
hûnd ("hûn")
h fan "hout"
j
[j]
jéald ("jild")
j fan "jas"
k
[k]
kaei ("kaai")
k fan "kat"
l
[l]
lòrts ("ljurk")
l fan "lok"
m
[m]
môl ("moal")
m fan "mar"
n / nn
[n]
nôs ("noas")
n fan "nekke"
ng
[ŋ]
tange ("tange")
ng fan "ding"
nk
[ŋk]
tank ("tank")
nk fan "bank"
p
[p]
paik ("pat", tút)
p fan "pet"
r
[r]
rost ("roast")
r fan "rak"
s
[s]
sees ("tsiis")
s fan "sâlt"
sj
[ʃ]
sjael ("sjaal")
sj fan "sjippe"
sk
[sk]
skoele ("skoalle")
sk fan "skean"
t
[t]
tems ("tjems")
t fan "tosk"
tj
[c]
tjiere ("tsiere")
tj fan "tjems"; dit is de Hylperske ekwifalint fan 'e Standertfryske tsj [ʧ], dy't yn it Hylpersk alhiel ûntbrekt
w / v
[ʋ]
wynd ("wyn", waarsferskynsel), haiven ("haven")
w fan "wat"
z
[z]
toezen ("tûzen")
z fan "tûzen"; komt yn it Hylpersk nea oan it begjin fan wurden foar
zj
[ʒ]
bagaezje ("bagaazje")
zj fan "garaazje"; komt yn it Hylpersk inkeld foar yn lienwurden
Wurdskat
Der komme ek in stikmannich leksikale ferskillen foar tusken it Hylpersk en it Standertfrysk. Sa jout it Hylpersk siie foar "naaie" (ferlykje it Ingelsketo sew), tät foar "happe" (yn 'e sin fan bernetaal foar "hynder") en öie foar "sipel" (ferlykje it Nederlânskeui). Yn 'e wurdskat fan it dialekt binne in protte wurdfoarmen bewarre bleaun dy't yn it Frysk net mear (folle) brûkt wurde, lykas het foar "wat" (ferlykje de âlde stavering "hwat") en jitte foar "noch" (âldere foarm: "jit"). "Wat dochsto dêre?" is sadwaande yn it Hylpersk "Het dweistû derre?", en "Hy is der noch net" is "Hy ys der jitte naat."[1]
Konklúzje
De ferskillen yn útspraak en wurdskat tusken it Hylpersk en it Standertfrysk binne sa grut dat de ûnderlinge fersteanberens yn gefaar komt. Lykwols hat in stekproef oanjûn dat it Hylpersk stadichoan nei it Standertfrysk tawaakst. Nei gedachten hat dat te krijen mei it tanimmende kontakt tusken de beide taalfoarmen, en mei de fêstiging fan sprekkers fan oare dialekten yn Hylpen.
Priuwke
Hjirûnder by wize fan priuwke fan it Hylpersk twa fragminten. Earst de begjinregels fan it gedichtBitterswiet, fan Tiny Mulder, dat yn it ramt fan it Bitterswiet-projekt troch Gosse Blom oerset is yn it Hylpersk.
Op in dei siet er sa wer ris mei de angel yn 'e hân yn it heldere wetter te stoarjen. Hy siet mar en hy siet mar. Doe bûgde de angel hiel djip troch. Doe't er ophelle, kaam der in grutte fisk út it wetter, in bot. De bot sei tsjin him: "Hark ris, fisker, ik freegje dy om my libje te litten. Eins bin ik net in bot, mar in betsjoende prins. Wat hast deroan ast my deamakkest? Ik smeitsje dochs net. Set my mar wer út yn 't wetter en lit my swimme."
Op in dei seet er só wur ris te fiskjen, en sooch er geduerich yn it heldere wetter. Hy seet mar en hy seet mar. Dê geeng de dobber nei ûnderen, de dêpte yn, en dê't er ophelle, hee er in helen graeten bót oen 'e hook. De bót see tjian him: "Hear ris, fisker, yk smeak jy, leet my libjen bliuwe. Eigenlik bin yk gin bót, mar in betjoenden preans. Het hest deroen ast my daamekkest? Yk smeikje dochs naat. Sot my weróm yn it wetter en leet my swemme."