It Westhoeksk is in foarm fan it Stellingwerfsk, dy't sprutsen wurdt yn Munnikebuorren, Nijetrine, Skerpenseel en Spangea, de fjouwer westlikste doarpen fan 'e gemeente Weststellingwerf. It bestiet dêr njonken it Haadstellingwerfsk, dat yn dy krite ek wol sprutsen wurdt. It Westhoekstersk liket sterk op it Kúndersk, mei't de Haadstellingwerfske "ae" der ta in "aa" makke wurdt.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|