De oarsprong fan de Luts wie yn de foarlêste iistiid. De Luts leit tusken twa rêgen fan balstienliem, dy fan Harich en dy fan Wikel. Doe't nei dy iistiid de temperatueren oprûnen, streamde it teiwetter troch dat natuerlike bêd. It rûn fan it hjoeddeiske lânhûs Kippenburch ôf yn de "Balkster Mar", it súdwestlike stik fan de Sleattemer Mar.