De nauste sibbe fan 'e fazant is de griene fazant (Phasianus versicolor), dy't foarkomt yn Japan. Soms wurdt de griene fazant as in ûndersoarte fan 'e fazant sjoen, om't de beide soarten hybrideneiteam produsearje kinne. Mar dat is winliken ienfâldichwei in skaaimerk fan goes- en hineftigen (Galloanserae), dy't yn ferhâlding ta oare fûgels mar amperoan oer in postsygoatyskisolearmeganisme beskikke.
Hoewol't foarhinne oannommen waard dat de fazant ek tige nau besibbe wie oan 'e hin (Gallus gallus domesticus), is út ûndersyk nei it mitogondriaal DNA fan 'e beide fûgelsoarten yn 2020 en 2021 oan it ljocht kommen dat dat eins net sa is. Dêrom binne se no yndield by ferskillende tûken fan 'e ûnderfamylje echte fazanten (Phasianinae): de fazant by de echte fazantfûgels (Phasianini), en de hin by de kaamhinfûgels (Gallini).
De fersprieding by de noardkust fan Lyts-Aazje lâns waard foarhinne al beskôge as troch de minske yntrodusearre, mar nije ynsichten út 'e ienentweintichste iuw hâlde yn dat de populaasje dy't fan 'e Lytse Kaukasus yn súdwestlik Georgje by de súdigge fan 'e Swarte See lâns hielendal oan 'e See fan Marmara en de grins fan Jeropa ta rikt, nei alle gedachten lânseigen is. Itselde jildt foar de populaasje op 'e súdlike Balkan. It gauris opdiste ferhaal dat de Alde Griken de fazant yn 'e sechsde iuw f.Kr. út Kolchis (no Georgje) helle hawwe om 'e fûgel yn Grikelân te yntrodusearjen, kin net wier wêze of is oars mar de heale wierheid, want argeologyske fynsten fan fazantebonken op 'e súdlike Balkan geane tebek oant yn it sechsde milennium f.Kr.
Men giet der sadwaande no fan út dat de fazant de súdeastlike Balkan op eigen krêft berikt hat en dêr dus as lânseigen beskôge wurde moat. De lêste populaasje lânseigen swarthalsfazanten yn Grikelân, besteande út sa'n 100–250 eksimplaren, libbet yn 'e delta fan 'e rivier de Nestos yn West-Traasje, oan 'e kust fan 'e Egeyske See boppe it eilân Tasos. Yn súdlik Bulgarije ferdwûn de lêste lânseigen populaasje yn 'e 1970-er jierren troch hybridisearring mei fazanten dy't út East-Aazje wei yntrodusearre wiene.
De fazant is in middelgrutte fûgel. De hoanne hat trochinoar in kop-sturtlingte fan 60–89 sm, dêr't de lange sturt krapoan 50 sm fan yn beslach nimme kin. Hinnen binne in slach lytser en hawwe in kop-sturtlingte fan 50–63 sm, mei in sturt dy't maksimaal 20 sm mjit. De wjukspanne bedraacht by fazanten 56–86 sm. Hoannen weagje 1/2–3 kg, wylst hinnen yn trochsneed in gewicht hawwe fan 900 g.
It fearrekleed fan 'e hoannen is oer hast it hiele lichem blinkend goud of fel koperbrún mei kastanjebrune oerdwerse streekjes op 'e fearren. Dêroerhinne leit faak in blinkende glâns fan grien oant pears. De lange sturtfearren, dy't net funksjoneel binne en inkeld tsjinje om mei te pronkjen, binne ljochter fan kleur, mar mei deselde oerdwerse streekjes, dy't dêr lykwols útskaaie nei swart. De ûnderkanten fan 'e wjukken binne wyt of krêmkleurich. De stuten binne soms wat blauwich. Om 'e hals hawwe in protte ûndersoarten en de measte hybridisearre fazanten in brede wite bân. Dy ûntbrekt lykwols by de de westlikste ûndersoarten. De kop liket troch de ljochtfal op 'e glinsterjende fearren faak blau te wêzen, mar is eins flessegrien. Om 'e eagen hinne, mar fral oan 'e ûnderkant en yn 'e rjochting fan 'e snaffel hawwe fazantehoannen in keale, felreadelel. Op 'e efterholle sitte twa lytse toefen, dy't wol wat wei hawwe fan earen.
It uterlik fan 'e fazant is in skoallefoarbyld fan seksuele dimorfy, mei't de hin der folslein oars útsjocht. Dy hat gjin felle kleuren of lange sturt, mar ynstee in saai, ljochtbrún fearrekleed dat bespikkele en bestreke is mei dûnkerbrún. De sturt is folle koarter, de halsbân ûntbrekt altyd en datselde jildt foar de reade lel en de toefen. Healwoeksen eksimplaren hawwe, ek as it hoantsjes binne, deselde kleuring as de hinnen, oant se mei 10 wiken ta har folwoeksen fearrekleed ferfearje. Njonken de hjirboppe beskreaune natuerlike kleuren besteane der ek albinistyske (wite), melanistyske (swarte) en flavistyske (giele) fazanten. Hoewol't dy kleurings ek yn it wyld foarkomme as genetyske mutaasje, giet it hjirby almeast om domestisearre (of ferwyldere domestisearre) fazanten, dy't foar har kleur fokt binne.
De fazant libbet fierhinne op 'e grûn, mar bringt de nacht troch yn 'e beammen. Fazanten binne sosjale fûgels, dy't bûten de peartiid om losse groepen foarmje. Domestisearre fazanten litte lykwols gauris in sterke skieding nei geslacht sjen, wêrby't hoannen by hoannen bliuwe en hinnen by hinnen. As se ienris bejage binne en dêrom minsken mei gefaar assosjearje, binne fazanten tige skouwe fûgels, dy't har amper sjen litte.
De fazant is gjin geweldige fleaner. Hoewol't er sûnder swierrichheden lytse ôfstannen fleanend ôflizze kin, jout er der dúdlik de foarkar oan om himsels geandefoets te ferpleatsen, sels as der gefaar driget. As er oer it mad kommen wurdt, kin er lykwols hommels en mei grutte krêft opfleane, wêrby't er de alaarmropkok-kok-kok uteret om soartgenoaten te warskôgjen. Ornaris fleane fazanten mar mei in faasje fan 43–61 km/h, mar as se efterfolge wurde, kinne se in maksimumfaasje fan 90 km/h berikke.
De peartiid duorret fan ein maart oant juny. Fazanten binne polygyn, wat betsjut dat de hoannen mei safolle mooglik hinnen pearje, wylst de hinnen mar mei ien hoanne pearje. Nei de pearing makket de hin in nêst op 'e grûn, dat bestiet út in ûndjip útskrabe dobke beklaaid mei wat gers of blêden. It leit op in beskut plak, ornaris ûnder beskûl fan strewelleguod of oare opgeande fegetaasje, soms ûnder in hage en hiel selden yn in heaberch dêr't net folle minsklike aktiviteit omhinne is. It komt ek foar dat de fazanthin in âld nêst fan in oare fûgel oernimt.
By gelegenheid binne fazanten briedparasiten, dy't har aaien yn it nêst fan in oare fûgel lizze om se troch dy ûnwittende gastâlder útbriede te litten. Yn Noard-Amearika hat benammen de prêrjehin (Tympanuchus cupido) dêr lêst fan. De fazantepiken smite de echte jongen fan harren 'pleechâlden' net út it nêst, lykas koekoekspiken dogge, mar fazante-aaien komme wol earder út as prêrjehinne-aaien, mei as gefolch dat de prêrjehin it brieden fan har eigen aaien net foltôget en mei de fazantepiken it nêst ferlit. Foarbylden fan oare fûgelsoarten dy't ûnder it briedparasitisme fan 'e fazant te lijen hawwe, binne de patriis (Perdix perdix), de kalkoen (Meleagris gallopavo) en ferskate soarten einen, rallen en rûchpoathinnen.
Fazantehinnen produsearje ornaris 8–15 aaien it lechsel, dy't bleek oliifkleurich binne en oer in perioade fan 2–3 wiken lein wurde. De briedtiid duorret 22–27 dagen. De piken binne nêstflechters, dy't inkele oeren nei't se út it aai kommen binne, it nêst al op eigen krêft ferlitte. Se bliuwe ferskate wiken deunby de hin, dy't harren lykwols net fuorret. Ynstee liedt se har bruod nei plakken ta dêr't de piken harrensels fuorje kinne. Mei 12–14 dagen kinne de piken fleane, en mei 15 wiken binne se folwoeksen.
Behalven yn it wyld komt de fazant ek foar yn finzenskip, op kommersjelebedriuwen dêr't er fokt wurdt foar de slacht, mar ek as pronkfûgel troch foliêrehâlders. Hoewol't der har by de fazant noch gjin ûnderskate rassen ûntwikkele hawwe sa't dat by oar plomfee it gefal is (lykas hinnerassen of kalkoenerassen), kin de fazant likegoed as semy-domestisearre beskôge wurde.
Jachtfûgel
De fazant is ien fan 'e meast bejage fûgels fan 'e wrâld. Fazantejacht wurdt ornaris bedreaun troch mei jachtgewearen tariste jagers dy't kalm troch gaadlike habitats foar de fûgels banjerje en hûnen ynsette om 'e fazanten op te spoaren, opfleane te litten, en se, nei't se sketten binne, op te heljen. Dêrfoar wurde steande hûnen en spaniels brûkt.
Fazanten binne sûnt de Romeinske Tiid as jachtwyld mei opsetsin op withoefolle plakken troch de minske yntrodusearre. Op 'e Britske Eilannen, bygelyks, waard de fazant yn 1059 as eksoat naturalisearre, al is it mooglik dat dat ek al troch de Romeinen dien wie en dat de fûgel ûnderwilens útstoarn wie. De yntrodusearre fûgel wie fan 'e Transkaukazyske ûndersoarte (Phasianus colchicus colchicus), dy't gjin wite bân om 'e hals hat. Dizze fûgel kaam yn Ingelân neitiid by fersin bekend te stean as de "âlde Ingelske fazant", dy't tsjin 'e iere santjinde iuw útstoar. Yn 'e achttjinde iuw folge in nije yntroduksje, diskear fan 'e Sineeske ûndersoarte (Phasianus colchicus torquatus), dy't wól in wite halsbân hat.
Mar pas yn 'e 1830-er jierren waard de fûgel yn Ingelân werûntdutsen as jachtwyld. De populariteit fan 'e fazant as jachtfûgel hat tsjintwurdich sokke foarmen oannommen dat yn it Feriene Keninkryk, benammen yn sintraal en súdlik Ingelân, elts jier 50 miljoen kommersjeel fokte fazanten yn it wyld útset wurde foar it jachtseizoen. De measten dêrfan is mar in koarte frijheid beskern foar't se ôfsketten wurde, mar guon slúchslimme of gewoan lokkige eksimplaren ûntkomme oan 'e slachting. Ien en oar hat in omraak fluktuëarjende populaasjegrutte ta gefolch, dy't yn july sa'n 55 miljoen fûgels bedraacht en juny fan it jier dêrop noch mar 5 miljoen.
Yn Noard-Amearika waard de fazant yn 1773 út Ingelân wei yntrodusearre. It is dêr no in tige algemiene fûgel, benammen yn 'e Rocky Mountains en op 'e Grutte Flakten. De jacht op fazanten is yn 'e Feriene Steaten fral yn 'e Flaktesteaten populêr. Allinnich al yn Súd-Dakota wurde jiers mear as in miljoen fazanten sketten troch mear as 200.000 jagers. It grutste part fan 'e fazanten dy't dêrby sketten wurde, bestiet, oars as yn it Feriene Keninkryk, út wylde fûgels.
Yn Nederlân waarden yn 'e tweintichste iuw ek in protte fazanten yn finzenskip fokt en koart foar it jachtseizoen yn it wyld útset, mar yn 1993 hat de oerheid it near lein op dy praktyk. Fan gefolgen wurde der sûnt elts jier mear fazanten sketten as dat der troch natuerlike fuortplanting by komme, wat betsjut dat de populaasje yn Nederlân stadichoan fierder ynkrimpt. Mei't de fazant, nettsjinsteande it feit dat er hjir al mear as tûzen jier foarkomt, offisjeel noch altyd beskôge wurdt as in eksoat, wurdt dat fan oerheidswegen net as in ferkeard ding sjoen.
Undersoarten
Der binne 30 (stân fan saken yn 2023) erkende ûndersoarten fan 'e fazant (Phasianus colchicus). In protte dêrfan rinne it gefaar om te ferdwinen troch hybridisearring mei yntrodusearre fazanten út oare gebieten. De ûndersoarten wurde ûnderskaat nei de lichaamlike skaaimerken fan 'e hoannen. Hinnen fan ferskillende ûndersoarten kinne yn 'e regel net útinoar holden wurde, sels net troch ekspêrs.
De ûndersoarten wurde ornaris opdield yn in stikmannich kloften. De beide haadkladen, de readstútfazanten of Westerske fazanten en de griisstútfazanten of Easterske fazanten, ûnderskiede har net inkeld nei uterlik, mar ek nei fersprieding: de Westerske fazanten komme rûchwei foar yn Sintraal-Aazje, Transkaukaazje en Lyts-Aazje, wylst de Easterske fazanten beheind binne ta East-Aazje. De skieding tusken beide kloften wurdt foarme troch de hege berchtmen yn it westen fan Sina. It tinken mank ornitologen is dat de beide groepen it ûnderlinge kontakt ferlearen yn 'e lêste iistiid, doe't der mear en gruttere woastinen foarkamen trochdat der sa'n soad wetter fêstsiet yn 'e iiskapen. Dat duorre lykwols net lang genôch om 'e beide kloften ta aparte soarten útgroeie te litten.
ûndersoarten (de kloften binne werjûn yn folchoarder fan west nei east):
readstútfazanten of Westerske fazanten
swarthalsfazanten (colchicus-kloft)
Perzyske fazant (P. c. persicus) (noardlik sintraal Iraan en súdwestlik Turkmenistan)
Siskaukazyske fazant (P. c. septentrionalis) (de Wolgadelta oant Dagestan oan 'e noardkant fan 'e Kaukasus)