Fiktoaria (Ingelsk: Victoria) is ien fan 'e seis steaten fan Austraalje. It omfiemet de súdeastlike hoeke fan it lân. De haadstêd en teffens de grutste stêd is Melbourne. Mei 3,0% fan it nasjonaal grûngebiet is Fiktoaria de lytste Australyske steat dy't op it fêstelân leit (inkeld de eilânsteat Tasmaanje is noch lytser). Lykwols hat Fiktoaria, neffens gegevens út 2013, nei Nij-Súd-Wales it grutste ynwennertal fan alle Australyske gewesten: 5,7 miljoen, wat delkomt op 24,8% fan 'e totale Australyske befolking.
Etymology
Krekt as Queenslân is Fiktoaria ferneamd nei de Britske keninginne Fiktoaria, dy't yn 1851 tastimming joech om fan it gebiet in aparte koloanje te meitsjen.
Geografy
Fiktoaria hat in oerflak fan 237.629 km², wêrfan't 227.416 km² út lân bestiet en 10.213 km² út wetter. Dêrmei is it it lytste Australyske gewest op it fêstelân. De steat bestiet út in smelle trijehoek, dy't yn it westen grinzget oan Súd-Austraalje, wylst yn it noarden en noardeasten de rivier de Murray de grins mei Nij-Súd-Wales foarmet (útsein yn it uterste noardeasten, dêr't de grins in rjochte line is tusken de boarne fan 'e Murray en de kust).
Oan 'e súdkant wurdt Fiktoaria beswette troch de see, mei yn it súdwesten de Súdlike Oseaan (al beskôget de Ynternasjonale Hydrografyske Organisaasje dat noch as in ûnderdiel fan 'e Yndyske Oseaan), yn it suden de Bass-strjitte, en yn it súdeasten de Tasmansee, dy't ta de Stille Oseaan rekkene wurdt. De offisjele grins tusken Fiktoaria en Tasmaanje, dat oare kant de Bass-strjitte leit, is fêststeld as in rjochte line fan west nei east op 39°12′ suderbreedte, wat makket dat de beide steaten de koartste lângrins fan Austraalje diele op Boundary Islet ("Grinseilantsje"), midden yn 'e Bass-strjitte, dy't 85 m lang is.
It tichtst befolke diel fan Fiktoaria is de súdkust, en dan fral de krite om 'e Port Philipbaai hinne, yn it middensuden, dêr't de stêdekloft fan Melbourne leit. It súdeasten fan 'e steat wurdt foarme troch de regio Gippslân, dêr't in fochtich seeklimaat hearsket, wylst it westen en noardwesten opmakke wurde troch útstrutsen stoffige steppen, dy't trochsnien wurde troch ferskate, mei yrrigaasjegebieten omjûne rivieren, wêrfan't de Murray fierwei de grutste is. Yn it easten fan Fiktoaria riizje de winterdeis mei snie oerdutsen Australyske Alpen op, mei as heechste punt de Mount Bogong, fan 1.986 m.
Yn 1803 waard te Sullivan Bay, oan 'e Port Phillipbaai, de earste Britske delsetting op Fiktoriaansk grûngebiet stifte troch de Nijsúdwelske luitenant-gûverneur David Collins. Dat wie in strafkoloanje, dy't yn 't earstoan út 402 minsken bestie: 307 finzenen mei 17 froulju en 7 bern, 50 militêren mei 5 froulju en 1 bern, en 5 oerheidsfunksjonarissen. Net dat de Britten ferlet hiene fan in nije strafkoloanje, mar de Frânsen hiene yn it gebiet oan it omsneupen west, en it regear yn Londen wie bang dat dy in koloanje op 'e Australyske súdeastkust stiftsje soene as der net gau in Britske oanwêzigens yn dy kontrei fêstige waard.
Fan 1826 ôf waard de koloanje útwreide mei in stikmannich oare delsettings, earst Corinella (1826), doe Portland (1834), en doe Melbourne (1835). Yn 1851 waard Fiktoaria bestjoerlik losmakke fan Nij-Súd-Wales, sadat it in aparte koloanje waard. Dat barde op 1 july fan dat jier, mar luttele dagen foar't der goud ûntdutsen waard by Ballarat, en letter by Bendigo. Dêrnei waard op gâns plakken yn 'e koloanje goud fûn, wat de Fiktoriaanske Goudkoarts feroarsake, ien fan 'e grutste goudkoartsen dy't der ea west hawwe. It goud út it goudfjild by Raspberry Creek wie fan tige hege kwaliteit. De hiele beek bylâns waarden doe goudsikerskampen stifte; de útbuorren A1 Mine Settlement tanket syn namme oan dizze perioade.
Yn tsien jier tiid fersânfâldige de befolking fan Fiktoaria fan 76.000 ta 540.000. De lju kamen fan oer de hiele wrâld op it goud ta, mar fral út Ierlân en Sina wei. Fral yn Bendigo en omkriten is it erfskip fan 'e Sineeske goudsikers sels hjoed de dei noch dúdlik te merken. Hoewol't der wol deeglik rasisme tsjin harren bestie, naam dat net de foarmen (fan wiere pogroms) oan dêr't de Sinezen yn Nij-Súd-Wales, it KanadeeskeBritsk-Kolumbia en ferskate dielen fan 'e Feriene Steaten wol oan bleatstiene. Troch de ûnhygiënyske tastannen yn 'e goudfjilden koste yn 1854 in útbraak fan 'e tyfus yn 'e Bucklanddelling oan mear as 1.000 goudsikers it libben.
Datselde jiers briek der te Ballarat in wapene opstân út tsjin it regear fan Fiktoaria, dat hege mynboubelestings oplein hie. De rebûlje waard yn 'e kym smoard mei de ynset fan Britske troepen, mar de ûnfrede late ta in bestjoerlike herfoarming fan 'e koloanje. As ûnderdiel dêrfan krige Fiktoaria yn 1855 selsbestjoer. Party fan 'e lieders fan 'e opskuor waarden neitiid yn it koloniale parlemint keazen.
Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw hie Fiktoaria in tige proteksjonistyskeekonomy. Der wiene dûaneposten oan 'e rivier de Murray, dêr't hannelswaren út Nij-Súd-Wales belêstge waarden mei hege ymportaksynzen. It wie dan ek fral it op frijhannel rjochte Nij-Súd-Wales dat de driuwende krêft wie efter de foarming fan 'e Australyske Federaasje, dy't yn 1901 in feit waard. As resultaat fan 'e goudkoarts wie Melbourne tsjin dy tiid it finansjele sintrum fan Australaazje wurden. Fan 1901 oant 1913 wie it de haadstêd fan Austraalje, wylst it regear der noch oant 1927 ta syn sit hold, mei't de nije federale haadstêd, Canberra, oant dy tiid noch in wurk yn útfiering wie.
Bestjoer
Fiktoaria hat in twakeamerich steatsparlemint mei in Wetjaande Gearkomste (Legislative Assembly) of legerhûs fan 88 sitten en in Wetjaande Rie (Legislative Council) of hegerhûs fan 40 sitten (oant 2006 hie it hegerhûs 44 sitten). De parlemintsleden fertsjintwurdigje har eigen kiesdistrikt (constituency), dêr't se by de ferkiezings op persoanlike titel de mearderheid fan 'e stimmen helle hawwe (krekt itselde systeem as yn Grut-Brittanje). De steat wurdt regearre troch in eigen regear mei oan it haad in minister-presidint.
It steatsregear hat sizzenskip oer alle saken dy't ûnder de Australyske grûnwet net spesifyk oan it federale regear tawiisd binne, en steatsrjochtlik is it foar it federale regear tige dreech om yn Fiktoriaanske saken yn te gripen. Lykwols wurdt der dochs in frij grutte ynfloed útoefene op 'e gong fan saken yn 'e steat, om't it ynjen fan belestings en de ferdieling fan it ine belestingjild oer de ûnderskate steaten en territoaria in federaal foech is, en it federale regear dus de hân op 'e knip hâlde kin as it steatsregear wat dwaan soe dat der alhiel by troch wie. Yn it federale Australyske parlemint yn Canberra wurdt Fiktoaria yn 'e Senaat fertsjintwurdige troch 12 fan 76 sitten (15,8%), en yn it Hûs fan Offurdigen troch 37 fan 150 sitten (24,7%).
Likernôch 61,1% fan 'e Fiktorianen omskreau himsels yn 2011 as kristlik. De grutste kristlike denominaasje waard foarme troch de roomsen, mei 26,7% fan 'e befolking, folge troch de anglikanen (12,3%), de feriene protestantske Uniting Church in Australia (4,7%) en de eastersk-otterdoksen (4,3%). Ateïsten en agnosten foarmje sa'n 20% fan 'e befolking. De grutste net-kristlike godstsjinst is it boedisme (3,0%), folge troch de islaam (2,7%) en it joadendom (0,8%). De fluchst groeiende religy is it hindoeïsme.
Klimaat
Hoewol't it net botte grut is, hat Fiktoaria in klimaat dat yn 'e ûnderskate dielen fan 'e steat frijwat ferskillend is. Yn it noardwesten hearsket in steppeklimaat mei hjitte simmers, wylst de súdkust in seeklimaat hat mei mylde simmers en koele winters. Yn 'e Australyske Alpen is it noch kâlder, hoewol't inkeld op 'e heechste toppen in heechberchtmeklimaat hearsket. Rekôrtemperatueren yn 'e steat wiene 48,8 °C op 7 febrewaris2009 te Hopetoun, en –11,7 °C op 13 juny1965 yn Omeo en nochris op 3 july1970 te Falls Creek. Fiktoaria is nei Tasmaanje de wietste Australyske steat, mei oer it generaal mear as 1.800 mm rein jiers.