In steppe (fan it Russyske степь, step’, dat "heide" betsjut) is in lânskipstype en ekoregio karakterisearre troch natuerlik foarkommende gerzigeflakten sûnder beammen, útsein by de iggen fan rivieren, beken en marren lâns. Guon soarten steppe hawwe hjir en dêr wol klútsjes strewelleguod. Steppe is dêrmei in foarm fan natuerlik gerslân. It is lykwols in drûger soarte lânskip as greide, savanne of prêrje. It steppeklimaat is in semy-arideklimaat, sa't foarkomt yn kriten dy't te drûch binne om wâld ûnderstypje te kinnen, mar net drûch genôch om oantsjut te wurden as woastyn. De oergongsfoarm fan greide nei steppe wurdt wol healsteppe neamd, en de oergongsfoarm fan steppe nei woastyn is healwoastyn of woastynsteppe. In oergongsfoarm tusken wâld en steppe is de wâldsteppe of bosksteppe.
It klimaat fan in steppe is ornaris in steppeklimaat of in lânklimaat. Mei't sokke kriten de matigjende ynfloed fan 'e see misse, kinne de temperatueren der simmerdeis oprinne oant 45 °C, en by 't winter sakje oant –55 °C. Njonken sokke reuseftige seizoenale ferskillen binne de temperatuerfluktuëarrings tusken dei en nacht op 'e steppe faak ek hiel grut. Yn 'e hege steppes fan Mongoalje en Nevada kin dat ferskil wol 30 °C bedrage. Wat delslach oanbelanget krije steppes oer it generaal sa'n 250–500 mmrein yn it jier. Faak is dy delslach konsintrearre yn in oaniensletten perioade fan trije of fjouwer moannen en bliuwt it der dan wer acht of njoggen moannen efterinoar drûch.