Dieren binne rjusellige organismen dy't foar it meastepart mobyl binne, wat sizze wol dat se har spontaan en ûnôfhinklik bewege kinne. Harren lichemsfoarm berikt op in beskaat stuit yn harren libben it punt dat it in fêste foarm kriget (ophâldt mei groeien), al binne der guon soarten dy't letter yn it libben in proses fan metamorfoaze trochmeitsje. Alle dieren binne heterotroof en moatte dus oare libbene (of deade) organismen opite om harsels fan enerzjy te foarsjen, dy't se frijmeitsje troch in reäksje mei soerstof. Biologysk sjoen is de minske gewoan ien fan 'e withoefolle bistesoarten.